Akkrumer Rak
It Akkrumer Rak is in wetter dat de Terkaplester Puollen mei It Deel ferbynt, súdwestlik fan Akkrum.
In Rak is in stik wetter dat sa goed as rjocht is. By it silen wurdt in rjocht stik fan boei nei boei ek in rak neamd. Dat slaat it dus mear op it farren as op it wetter. Der binne mear rakken yn Fryslân, lykas it Burstumer Rak, it Lange Rak, it Rak fan Ungemak en it Slingerrak.
Fan 1929 oant 1969 bestie in wetterskip Meinesleat-Akkrumer Rak.