Terkaplester Puollen
De Terkaplester Puollen lizze op de grins fan de gemeente De Fryske Marren. De puollen lizze benoarden Terkaple en súdwest fan Terherne. De mar stiet troch de Hearresyl yn ferbining mei de west lizzende Snitser Mar. Op de mar komme de Wide Geau en it Akkrumer Rak út. It Haklânshop is in ûnderdiel fan dit wetter. Oan beide kanten fan de Lytse Acht, jouwe twa ûndjippe sleatsjes: Earste Drûch Gat en Twadde Drûchgat, ferbining mei de Terhernster Puollen.
Oan de mar lizze de eilannen de Hynstewerp, Brouwers Acht, de Lytse Acht en de lange smelle Skonkepôle. De grûn oan de westkant fan de Hynstewerp is hurd en der lizze dêrom simmerdeis altyd in soad boatsjeminsken dy't dêr swimme.
De namme Terkaplester Puollen jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Terkaplesterpoelen.