Sleattemer Gat
It Sleattemer Gat is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart is ûnderdiel fan de súd fan Sleat rinnende Skarster Rien, en rint fan de stêd Sleat nei de Sleattemer Mar. Oan de westkant lizze de polders Coehoornpolder en de Lytse Jerden, oan de eastlike ouwer leit polder de Lange Jerden.
De namme Sleattemer Gat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Slotergat.