Giterske Feart
De Giterske Feart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint yn de Feanpolder fan Ychten fan de Otterwei nei de Giterske brêge yn Eastersee en rint út yn de Tsjûkemar.
De namme Giterske Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Gieterse Vaart. It kanaal waard groeven foar de ôffier fan turf yn de tiid fan de ferfeanting fan it gebiet beëasten De Lemmer en besuden de Tsjûkemar. De ferfeanting barde yn de 18e- en yn de 19e iuw. in protte feanarbeiders út de omkriten fan Giethoorn yn Oerisel teagen nei de Fryske feangebieten om der turf te winnen. Oan dy feanarbeiders, de Gitersken, tanke it kanaal en it lâns it kanaal stichte doarp harren nammen: Giterske Feart en Giterskebrêge.
Yn de jierren sechtich fan de 20e iuw waard it lêste stik fan it kanaal yn Gitersebrêge tichtsmiten. Nei de ôfbraak fan it suvelfabryk yn Giterskebrêge waard yn it ramt fan de dêropfolgjende werynrjochting fan it fabryksterrein waard de feart wer trochlutsen nei de Tsjûkemar.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|