Gossepeallen
De Gossepeallen is in mar yn de gmeente Súdwest-Fryslân. It wetter wie foar de gemeentlike weryndieling de grins fan de gemeenten Boarnsterhim en Wymbritseradiel. Goassepeallen is in westlik stikje fan de Snitser Mar oan de kant fan Top en Twel benoarden de Grutte Griene. Troch de Gossepeallen rint it Jouster Feartsje.
De namme Gossepeallen jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Gossepalen.