Doanjewerstâl
Doanjewerstâl (Nederlânsk en offisjeel: Doniawerstal) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1980 6.284 ynwenners en besloech in oerflak fan 126,00 km².
Doanjewerstâl | |
---|---|
Osingastate yn Langwar, it gemeentehûs fan Doanjewerstâl. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Doanjewerstâl | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Langwar |
grutste plak | Sint-Nyk |
ynwennertal | 6.284 (1980)[1] |
befolkingstichtens | 49,9 / km² |
oerflak | 126,00 km² |
tal doarpen | 16 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Doanjewerstâl |
opheft | 1984 |
opgien yn | Skarsterlân Wymbritseradiel |
no part fan | De Fryske Marren Súdwest-Fryslân |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
Skiednis
bewurkje seksjeDe gritenij waard om 1350 stiften, dêrfoar wie dizze gryt mei Lemsterlân ferbûn. De gritenij Doanjewestâl waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 is it grutste part opgongen yn in de nije gemeente Skarsterlân. Allinnich it stik westlik fan de Kûfurd is by Wymbritseradiel kaam.
Plakken
bewurkje seksjeIt haadplak wie Langwar, mei 856 ynwenners yn 1980, mar it grutste plak wie Sint-Nyk, mei in befolking fan 2.790 minsken. De oare doarpen yn de gemeente wienen: Boarnsweach, De Broek, Diken, Dunegea, Goaiïngaryp, Jiskenhuzen, Kûfurderrige, Legemar, Aldeouwer, Ousterhaule, Ousternijegea, Skarsterbrêge, Teroele en Tsjerkgaast.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Fryske doarpen
- Fryske gemeenten
- List fan grytmannen fan Doanjewerstâl
- List fan boargemasters fan Doanjewerstâl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|