Oebele Brouwer
Oebele Brouwer (Snits, 15 febrewaris 1960)[1] is sûnt 7 febrewaris 2019 boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. Hy is net oan in politike partij ferbûn.
Oebele Brouwer | ||
politikus | ||
echte namme | Oebele Feike Brouwer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 15 febrewaris 1960 | |
berteplak | Snits (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | net partijbûn | |
boargemaster fan Achtkarspelen | ||
amtsperioade | 2019 – no | |
foargonger | Gerben Gerbrandy |
Biografy
bewurkje seksjeWurk by justysje
bewurkje seksjeFoar't er boargemaster waard, wurke Brouwer 27 jier lang by justysje. Hy wurke ûnder oare by it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert, foar de noardlike resjerzje yn Grins en it lanlik parket yn Rotterdam. By justysje hat Brouwer tal fan grutte saken meimakke, lykas de moardsaak-Baflo wêrby't in plysjeman ombrocht waard en de ûntfiering fan de 11-jierrige Lusanne van der Gun fan Aldeberkeap. De saak dy't Brouwer nei eigen sizzen benammen bybliuwe sil, is de moard op de Marianne Vaatstra fan De Westereen. Sy waard op 1 mei 1999 ombrocht yn in greide by Feankleaster. Brouwer wie yn de earste jierren parse-offisier.[2]
Boargemaster Achtkarspelen
bewurkje seksjeNei't Gerben Gerbrandy yn 2018 bekend makke op te hâlden as boargemaster fan Achtkarspelen, skreau de gemeente in iepen sollisitaasje út. Brouwer wie ien fan de persoanen dy't dêrop reagearre. Dat Brouwer sollisitearre, hie te krijen mei de profylskets. "Doe't ik dy seach, de skets fan de Ried en dy fan de ynwenners fan Achtkarspelen, doe tocht ik: ja, dit moat wêze. Se beskreaune in Fryske boargemaster mei bining, dy't tusken de minsken stiet."[3]
Brouwer wennet net yn de gemeente, mar wol flakby: yn Eastermar.
Njonkenfunksjes
bewurkje seksjeOebele Brouwer sit yn de advysried fan de Afûk[4], is foarsitter fan de sylried fan de SKS[5] en gastdosint oan de plysje-akademy.[6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|