Feteranedei fan Achtkarspelen

De Feteranedei fan Achtkarspelen (Nederlânsk en offisjeel: Veteranendag van Achtkarspelen) is in dei dy't yn it teken stiet fan 'e betinking fan oarlochsdeaden en it earjen fan feteranen út 'e Fryske gemeente Achtkarspelen. Dit evenemint waard yn 2018 foar it earst organisearre op inisjatyf fan Remkes Lourens, in feteraan dy't sels yn 'e 1990-er jierren by de NATO-fredesmacht yn Bosnje tsjinne.

Feteranedei fan Achtkarspelen
Veteranendag van Achtkarspelen
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Bûtenpost
datum 14 july
bysûnderheden
soarte evenemint betinking
bestean 2018 – no
oprjochter Remkes Lourens
offisjele webside
gjint

Lourens woe graach in betinking foar feteranen hâlde dy't tichterby wie as de Nasjonale Feteranedei, mar de sfear op 'e Fryske Feteranedei yn Ljouwert, dy't er omkreau as "jierren fyftich", stie him tsjin. Om't er by de gemeente yn 't earstoan net folle gehoar fûn mei syn pleidoai foar in gemeentlike feteranedei, sette Lourens yn 2018 sels mar útein mei de organisaasje fan sa'n barren.

De earste edysje fan 'e Feteranedei fan Achtkarspelen waard dat jiers holden op 14 july, mei likernôch 60 feteranen fan alle kriichsmachtûnderdielen, en dêr kamen harren gesins- en oare famyljeleden noch by. Guon dielnimmers wiene al heech op jierren, fier yn 'e njoggentich. It wie in tige slagge dei. Neitiid stimde de gemeenteried fan Achtkarspelen, op foarstel fan 'e FNP en de KristenUny, unanym foar it beskikber stellen fan jild foar folgjende edysjes fan it barren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Veltman, Melle, Erkenning Achtkarspelen voor alle soorten veteranen, yn: de Ljouwerter Krante, 6 septimber 2018, s. 26.