Grifformeard-frijmakke tsjerke (Twizel)
De Regenboog is de tsjerke fan de grifformeard-frijmakke gemeente yn Twizel.
De Regenboog | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Dobbe 2 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1984 | |
arsjitekt | G. Schaafsma, De Westereen |
SkiednisBewurkje
De frijmakking fan 1944 as réaksje op de twang en útspraken fan de grifformearde generale synoade yn 1942 soarge ek yn Twizel foar in skuorring yn de grifformearde mienskip. Om't de mearderheid fan de tsjerkeried en de dûmny harren oansletten by it nij stifte grifformeard-frijmakke tsjerkegenoatskip foar de beswierre grifformearden, krigen hja de grifformearde Rehobothtsjerke tawiisd en moasten de grifformearden dy't trou bleaune oan de synoade (de saneamde "synodalen") om in oar hinnekommen sjen.[1]
In nije skuorring fûn plak yn 1967 yn de tiid dat dûmny Van den Belt yn 1962 yn de gemeente as predikant wurke. De dûmny wie foarstanner fan in befynlike prediking, itjinge foar konflikten yn de gemeente soarge. Yn 1967 ferliet de dûmny mei in grut part fan de gemeente de frijmakke tsjerke. Dêrmei ûntstie de Frije Grifformearde gemeente, dy't ek it tsjerkegebou hold.[2]
De hjoeddeiske tsjerke fan de frijmakke gemeente fan Twizel datearret út 1984 en is neffens de tekeningen fan G. Schaafsma út De Westereen boud.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|