Frije Grifformearde Rehobothtsjerke (Twizel)
De Rehobothtsjerke is de tsjerke fan 'e Frije Grifformearde gemeente yn Twizel. De gemeente is in selsstannige gemeente en fierder net oansletten by in grutter ferbân. De Rehobothtsjerke is mei 450 sitplakken de grutste tsjerke fan Twizel en tagelyk de lytste fan 'e twa grifformearde gemeenten, dy't Twizel noch ryk is. Njonken de Rehobothtsjerke is der noch in synodale (tsjintwurdich protestanske) tsjerke. De Grifformeard-frijmakke-gemeente hat syn tsjerke yn Twizel yn 2023 sletten.[1]
Rehobothtsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Twizel | |
adres | Optwizel 35 | |
koördinaten | 53° 13' N 6° 05' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | (Frije) Grifformearde tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Albert Wiersema | |
boujier | 1934 | |
boustyl | Amsterdamske Skoalle | |
Webside | ||
Side Rehobothtsjerke | ||
Kaart | ||
Sawol it eksterieur as it kleurrike ynterieur fertoant grutte oerienkomsten mei de grifformearde BOAZ-tsjerke oan 'e Kosterijwei yn it Grinslânske Westeremden, dy't ek troch de Bedumer arsjitekt Albert Wiersema ûntwurpen is.[2]
Skiednis
bewurkje seksjeDe ekspressionistyske tsjerke waard yn 1934 as Grifformearde tsjerke boud nei 't de âlde Grifformearde tsjerke op 7 febrewaris 1934 folslein ôfbaarnde.[3] Foar de nijbou waard yn oktober 1934 de earste stien lein troch dûmny H.J. ten Brink.
Yn 1945 gyng de tsjerke oer op de Grifformeard-frijmakke gemeente, nei't de dûmny en in mearderheid fan 'e tsjerkeried mei de frijmakking mei gie. In nije skuorring troch in skeel oer de wize fan preekjen fûn plak yn 1967. Doe ûntstie de Frije Grifformearde gemeente.[4]
De tsjerke biedt plak oan likernôch 450 minsken, mar de lytse gemeente makket foar de tsjerketsjinsten gebrûk fan it achterste diel fan it gebou.[5]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel komt oarspronklik út de Grifformearde tsjerke fan Rinsumageast en waard yn 1913 troch Mart Vermeulen út Woerden boud. Nei it foltôgjen fan 'e nije tsjerke ferhûze de firma Valckx & Van Kouteren it ynstrumint yn 1937 nei de Rehobothtsjerke.[6]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|