It Keninkryk Kent (Cent yn it Aldingelsk, Cantia regnum yn it Latyn) wie in koloanje fan de Juten en letter in selsstannich keninkryk yn wat no de regio Súd-east Ingelân is. It waard stifte op in ûnbekende datum yn de 5e iuw troch Juten dy’t nei it weromlûken fan de Romeinen kamen. It wie ien fan de tradisjonele keninkriken fan de saneamde heptargy, mar it ferlear syn ûnôfhinklikens yn de 8e iuw, doe’t it in sub-keninkryk fan Mersia waard. Yn de 9e iuw waard it in sub-keninkryk fan Wesseks en yn de 10e iuw waard in part fan it feriene Keninkryk Ingelân dat ûnder lieding fan Wesseks skept wie. Syn namme is sûnt bewarre bleaun yn dat fan it greefskip Kent.

Brittanje om 800 hinne

Romeinsk-Britsk Ceint

bewurkje seksje

De oarsprong fan Kent is tsjuster, mar syn grinzen sille wol sa’n bytsje oerienkaam wêze mei dy fan it stamgebiet fan de Britske Cantiaci of Ceint dêr’t it keninkryk nei neamd is. Caesar neamt Cingetorix, Carvilius, Taximagulus en Segovax as keningen fan de fjouwer regio’s fan Cantiacia. Lettere keningen binne allinnich bekend fan munten: Dubnovellaunus, Vosenos, Eppillus en Amminus. Nei harren lâning soene de Juten troch de Britske regearried frege wêze om te helpen tsjin de oanfallen fan Pikten and Skottens yn it Noarden. Neffens de leginde soenen sy dêrfoar beleane wurde mei ûnder oaren lân, it eilân Ruoihm - no bekend as it eilân Thanet – Dit is beskreaun yn de Angelsaksyske Kroniken It skynt dat de Juten de fijân oanfallen hat en in protte ferlichting brocht hawwe foar de bedriigde Romano-Britske mienskippen yn it noarden.

Gwrangon wie kening fan Ceint yn de tiid fan Vortigern neffens Nennius. It wurdt kening soe lykwols misliedend wêze kinne, om't it der mear op liket dat de ‘provinsje’ fan de Cantiaci laat west hat troch in boarger-gûverneur (Gwrangon?) en in militêr-gûverneur, sa’t wenst wie by de Romeinen, en dat Hengist de nije militêre gûverneur waard. De Juten begûnen hieltyd hege easken te stellen oan harren gasthearen, dy’t sels tige ferdield rekken. Eltse kear dat de Britten drigen mei it ynhâlden fan foarrie, drigen de Juten mei ûnthâlden fan stipe en ferwoasting fan it lân. Vortimer, soan fan Vortiger, stelde in leger gear en foel de Juten oan. Vortimer sneuvele yn de Slach fan Aylesthrep neist Horsa, de Jutske mei-regearder fan Kent. It jier dêrop waarden de Juten wer oanfallen yn de Slach fan Creganford. It Britske regear ûnder Vortigern foel út elkoar en boargeroarloch fersprate him oer it lân. Ek nei de Slach fan Wippedsfleot waard Kent net wer ferovere wurde. Fan doe of wie it pasifisearre gebiet Ceint bekend as Cantware en har keningen beskôgen harren as streekrjochte opfolgers fan Hengist.

Jutysk Cantware

bewurkje seksje

"Cantware" betsjut "lju dy’t yn Kent wenje".

Aethelberht, dy’t om 600 hinne regearde, is wierskylik de meast bekende kening fan Kent. Hy wurdt neamd as bretwalda, neffens de boarnen hâldt dat yn dat syn 'imperium' (opperkening oer oare keningen) hiel súd-Ingelân (besuden de rivier Humber) omfieme. Tige wichtich is ek dat er de earste Agelsaksyske kening waard dy’t him ta it Kristendom bekearde. Dit waard dien troch Augustinus, dy’t yn 598 mei 40 muontsen yn Kent oankaam. Augustinus waard aartsbiskop fan Canterbury, en ek Rochester waard in biskopssit. De oanwêzigens fan in aartsbiskop makke Kent yn de neikommende iuwen wichtiger as’t it faaks oars west hawwe soe.

Hoewol’t de neikommende keningen net mear de macht berikten dy’t Aethelberht hie, bleau it oant 685 in ûnôfhinklike en machtige steat. Under Withred (694-725) gie it wol wer better, mar syn soannen Aethelberht II (kening fan east-Kent oant 762) en Eadberht II (kening fan west-Kent oant 748) moasten sa it liket de oerhearskippij fan Aethelbald fan Mersia erkenne.

Nei de dea fan Aethelberht II hie Kent fannijs dynastike problemen; keningen folgen elkoar hurd op, faak mei bûtenlânske stipe, en lang om let waard it yn 785 ferovere troch kening Offa fan Mersia, dy’t persoanlik de troan fan Kent besette. Nei Offa syn dea yn 796 kamen de Kentenaren ûnder Eadberht Præn yn ferset. Dizze opstân waard lykwols delslein yn 798 troch Coenwulf fan Mersia. Coenwulf makke earst syn broer Cuthred kening fan Kent en doe’t dy ferstoar waard er sels kening.

Yn 826 waard Kent ferovere troch Aethelwulf, de soan fan kening Egbert fan Wesseks. Aethelwulf waard troch syn heit op de troan fan Kent set, dat doe ek Susseks, Surrey en mooglik Esseks omfette. Yn dy foarm hat Kent noch gans in hoart bestien, mar wie it feitlik in provinsje fan Wesseks wurden.

Keningen fan Kent

bewurkje seksje
 
Hengist ôfbylde troch John Speed

Allinnich de jiertallen yn it blau binne wis.

# NAMME PERIOADE Opmerkingen:
1 Hengist 455 - 488 broer fan Horsa
2 Horsa 455 - 488 broer fan Hengist
3 Oisc 488 - 516 soan fan Hengist
4 Octa 516 - 540 soan fan Oisc
5 Eormenric 540 - 590 soan Octa
6 Aethelbert I 590 - 616 soan fan Eormenic; 1e Kristenkening
7 Eadbald 616 - 640 soan fan Aethelbert
8 Earconbert 640 - 664 soan fan Eadbald
9 Egbert I 664 - 673 soan fan Eorcenbert
10 Hlothere 673 - 685 soan fan Eorcenbert
11 Eadric ? - 686 soan fan Egbert I
12 Mul 686 - 687 broer fan kening Caedwalla fan Wesseks
13 Swaefheard 687 - 692 soan fan koning Saebert fan Esseks
14 Sweafbert 689
15 Oswine 689 - 690
16 Wihtred 690 - 725 soan fan Egbert I
17 Aelfric 725 - ? soan fan Wihtred
18 Eadbert I 725 - 748 soan fan Wihtred
19 Aethelbert II 725 - 762 soan fan Wihtred
20 Eadwulf 748 - 765 neef fan Aelfric, Aedbert I en Aethelbert II
21 Aedbert II 762 - ?
22 Sigered 762 - ?
23 Eanmund 762 - ?
24 Heabert 764 - 765
25 Egbert II 765 - 779
26 Ealhmund 784 - ? ûnder kening Offa fan Mersia (785-796)
27 Aedbert III 796 - 798
28 Cuthred 798 - 807 broer fan Ceonwulf en Ceolwulf fan Mersia
29 Ceonwulf 807 - 821 + kening fan Mersia en East-Anglia (798-821)
30 Ceolwulf 821 - 823 + kening fan Mersia en East-Anglia (821-823)
31 Baldred 823 - 825
32 Egbert III 825 - 839 soan fan Ealhmund; + kening fan Wesseks, Esseks, Susseks en Mersia
33 Aethelwulf 825 - 856 soan fan Egbert (III); + kening fan Wesseks, Esseks, Susseks
34 Aethelstan 839 - 851 soan fan Aethelwulf
35 Aethelbald 856 - 860 soan fan Aethelwulf; + kening fan Wesseks
36 Aethelbert III 860 - 871 soan fan Aethelwulf; + kening fan Wesseks
37 Aethelred I 860 - 871 soan fan Aethelwulf; + kening fan Wesseks