Egbert fan Wesseks
Egbert (771 of 775 - Cornwall, july 839) wie kening fan Wesseks fan 802 - 839. Hy wie it dy't de macht fan Mercia bruts en fan Wesseks it dominante Angelsaksyske keninkryk makke. Hy krige de titel ‘Bretwalda’, de hearsker oer oare hearskers. Hy wurdt sjoen as earste kening fan Ingelân. Hy is begroeven yn de Old Minster te Winchester.
Libben en wurk
bewurkje seksjeEgbert wie in soan fan Ealhmund, kening fan Kent. Nei de dea fan syn heit is syn posysje ûnwis en wurdt er troch Offa fan Mercia en Beorhtric fan Wesseks yn 789 nei it fêstelân fan Europa ferbanne. Dêr hat er 13 jier ûnder beskerming fan Karel de Grutte libbe. Nei it ferstjerren fan Beorhtric yn 802, slagget it Egbert mei stipe fan Karel de Grutte en fan de paus de troan fan Wesseks te besetten. Karel seach him fral as tsjinwicht fan de oermacht fan Mercia. It leger fan Hwicce (in hartochdom yn Mercia), falt Wesseks fuortendaliks oan, mar de oanfal wurdt troch Egbert ôfslein.
Kornwall wurdt ûnderwurpen yn twa fjildtochten yn 815 en 825. Ek yn 825 ferslacht er Beornwulf fan Mercia by Ellendun (no Wroughton) en stjoert syn soan Ethelwulf om syn gesach te fêstigjen yn de gebieten dy't ûnder it bewâld fan Mercia stienen: Kent, Esseks en Susseks. Yn 826 freget East Anglia om de beskerming fan Egbert. Oanfallen fan Mercia op East Anglia yn 826 en 827 mislearje folslein. Yn 829 ferslacht Egbert Wiglaf fan Mercia en slacht sels munten as kening fan Mercia. Egbert wurdt Bretwalda (de heechste kening) fan Ingelân, dat hy krige ek wat te sizzen oer it grutte Northumberland. Yn 830 folget der noch in ekspedysje nei de kontreien yn Wales dy't ûnder ynfloed fan Mercia stienen.
Fan 830 ôf kriget Wesseks in tiid fan tebeksetters: Wiglaf wint de troan fan Mercia werom. De macht fan Egbert oer East-Anglia, Esseks en faaks ek Kent, liket oer. Mooglik hinget dat gear mei it tiidrek fan boargerkriich yn it Frankyske Ryk wêrtroch't Egbert de stipe fan de Franken ferlear? Uteinlik ûntstiet der in natuerlik machtslykwicht tusken Wesseks, Mercia, East-Anglia en Northumberland - de lytse steaten hawwe harren selsstannigens dan ferlern: Susseks, Kent, Surrey en mooglik ek Esseks binne dan in soarte ûnder-keninkryk ûnder Egbert syn soan Ethelwulf.
Yn 836 waard Egbert by Carhampton ferslein troch in striidmacht fan 35 Deenske skippen. Yn 838 ferslacht er by Exeter in bûnsgenoatskip fan Denen en Kelten. Dat betsjutte feitlik de ein fan de selsstannigens fan it Keltyske keninkryk Dumnonia. Egbert en Aethelwulf sleaten in ferdrach mei de biskoppen fan Canterbury en Winchester. Yn ruil foar oansjenlike skinkingen erkenne de biskoppen Aethelwulf as opfolger fan Egbert en erkenne sy Egbert en Aethelwulf as hear en beskermer fan harren tsjerken en kleasters. Yn 839 is der noch briefwikseling mei Loadewyk de Fromme oer de reis nei Rome dy't er fan doel wie. Fanwege Egbert syn testamint erve allinnich manlike famyljeleden, sadat der gjin famyljebesit ferlern gean sil fia in houlik. It meastepart fan syn besit giet lykwols nei syn opfolger.
Houlik
bewurkje seksjeEgbert troude mei Redburga, mooglik in Frankyske prinsesse (in suster fan keizer Karel de Grutte?). Neist soan Ethelwulf (heit fan Alfred de Grutte) hienen sy in dochter: de Hillige Edith fan Polesworth.
Literatuer
bewurkje seksje- James Campbell: The Anglo-Saxons, Phaidon, Londen 1982, ISBN 0-7148-2149-7.
- Peter Hunter Blair: Roman Britain and Early England. 55 B.C. - A.D. 871. Nelson, Edinboarch 1963, ISBN 0-17-711044-9
- D. P. Kirby: The Earliest English Kings. Unwin Hyman, Londen 1991, ISBN 0-04-445691-3
- Frank M. Stenton: Anglo-Saxon England. 3. Aufl., Oxford University Press, Oxford 1971, ISBN 0-19-280139-2
- Barbara Yorke: Kings and Kingdoms of Early Anglo-Saxon England. Seaby, Londen 1990, ISBN 1-85264-027-8
- Barbara Yorke: Wessex in the Early Middle Ages. Leicester University Press, Londen 1995, ISBN 0-7185-1856-X
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|