Offa fan Mersia

(Trochferwiisd fan Offa fan Mercia)

Offa wie de kening fan Mersia fan 757 oant syn dea yn july 796.

Ofbyld fan Offa yn in 13e iuwsk manuskript
Offa's sulveren penny
Keninkriken yn Brittanje yn Offa's regear

In soad skiedkundigen beskôgje Offa as de meast machtige Angelsaksyske kening foar Alfred de Grutte. Hy naam de macht nei in boargeroarloch en slagge yn it oerhearkjen fan oare lytsere foarsten. Hy fersterke syn posysje troch syn dochters út te houlikjen oan de keningen fan Wesseks en Northumbria. Offa wie de earste hearsker dy't ‘kening fan de Ingelsken’ neamd waard.

Offa wie ûnferbidlik foar syn tsjinstanners yn it suden oer. Oan de ein fan syn regearperioade behearske er hiel Ingelân besuden de rivier de Humber. Hy liet in lange wâl oan de grins mei Wales oanlizze (Offa's Dyke), besteande út in dyk mei sleatten.

Offa ûnderhannele teffens mei keizer Karel de Grutte. In plan foar in houlik tusken harren bern gie lykwols net troch. Om syn macht noch fierder fuort te sterkjen gie er op besite by de paus yn 792. Under syn bewâld waard ek om 785 hinne de Ingelske sulveren penny ynfierd.

Syn súkses by it opbouwen fan in sterk ryk joech wol in soad skeel mei- en ferset fan oare lytse keninkriken. Lang om let waard Mersia yn 825 yn de slach by Ellendun ferslein troch Egbert fan Wesseks, wêrnei't de keningen fan Wesseks de oerhân krigen.

Offa waard nei syn dea opfolge troch syn soan, Ecgfrith yn 787 (de âldstbekende kroaningsseremony) , dy't noch gjin fiif moanne regearre omdat er stoar. Hy liet gjin bern nei. Doe waard Coenwulf fan Mersia kening. Offa is beïerdige yn Bedford.