Bedford (Ingelân)

Bedford is in plak yn it bestjoerlike gebiet Bedford, in het Ingelske greefskip Bedfordshire.

Bedford
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Greefskip Bedfordshire
Distrikt
(Unitary authority)
Bedford
Sifers
Ynwennertal 79.190 (2005)
Stêdekloft 153.000 (mei omkriten)
Offisjele webside
The Official Town Centre and BedfordBID Webside
Nôtbeurs fan Bedford

De namme ofan de stêd soe ôflaat wêze fan in Saksyske haadman mei de namme Beda en de furde fan de rivier de Great Ouse. Bedford wie in merkstedsje fan de iere midsiuwen ôf. De angelsaksyske kening Offa fan Mercia waard yn 796 beïerdige yn Bedford. Yn 886 waard it in grinsstêd tusken Wesseks en Danelaw. It wie it haadplak fan de Barony Bedford. Yn 919 boude Edward de Alde it earst bekende fort oan de súdouwer fan de Ouse. It ford waard ferneatige troch de Denen. Willem II skonk de barony Bedford oan Paine de Beauchamp dy't dêr in nije sterke fêsting boude yn 1224 dêr't no allinne in lytse hichte fan oer is.

Bedford krige syn borough-status by sjarter yn 1166 fan Hindrik II en furdige twa leden ôf nei it unreformed House of Commons.

Bedford bleau in lytse agraryske stêd; in de stêd en omkriten wie wol de meast wichtige yndustry it langste skoft fan de Midsiuwen. Fan likernôch 1560 ôf waarden Bedford en Bedfordshire ien fan de grutte sintrums fan de Ingelske kantyndustry, dêr't betûfte faklju sa as Famingen en letter ek Hugenoaten har nei wenjen en wurkjeb sette,, ek yn de oanswettende county. Kant bleau ekonomysk fan belang foar Bedford oant de iere 20e iuw.

De rivier Great Ouse waard befarber oant Bedford ta yn 1689. Wol waard doe fan minder belang en de brouwerij waard de meast wichtige yndustry yn de stêd.

Yn 1660 waard John Bunyan foar 12 jier fêstset yn de finzenis fan Bedford. Dêr hat er syn The Pilgrim's Progress skreaun.

Yn 19e iuw feroare Bedford yn in technysk sintrum fan belang. Yn 1832 kaam dêr gasferljochting, it spoar berikte Bedford yn 1846, de earste nôtbeurs waard boud yn 1849 en ôfwettering en rioelen waarden yn 1864 oanlein.

Bedford hat in opfallend heech persintaazje minsken fan Italjaansk komôf. Benei 30% fan de befolking hawwe Italjaanske foarâlden (folkstelling 2001).

Berne yn Bedford

bewurkje seksje


 
Rivier de Great Ouse yn Bedford