Dream Cycle
De Dream Cycle (Ingelsk foar "Dreamsyklus") is in rige fan in tweintichtal ûnderling yn ferbân steande koarte ferhalen, in novelle en in roman fan 'e Amerikaanske skriuwer H.P. Lovecraft (1890-1937). De wurken waarden skreaun tusken 1918 en 1932, en kinne yndield wurde by de sjenres horror en fantasy. De Dream Cycle wurdt karakterisearre troch in dúdlike ynfloed fan 'e wurken fan 'e Ierske skriuwer Lord Dunsany, dy't Lovecraft ûntdutsen hie koarte tiid foar't er mei it earste ferhaal fan 'e syklus begûn. De ferhalen spylje harren ôf yn 'e "Dreamelannen" (Dreamelands), in ûnbidich grutte parallelle wrâld dêr't minsken inkeld yngean kinne fia dreamen.
Dream Cycle | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | H.P. Lovecraft en oaren | |
taal | Ingelsk | |
foarm | searje koarte ferhalen | |
sjenre | fantasy / horror | |
skreaun | 1918-1932 |
Geografy fan 'e Dreamelannen
bewurkje seksjeDe Dreamelannen binne blykber ferdield yn fjouwer regio's:
- It Westen omfettet de Treppens fan Djippere Slommer, dy't men ôfgean kin troch de Grot fan Flammen, en dêrnjonken ek it Betsjoende Wâld, dêr't men de Dreamelannen ynkomme kin. Oare geografyske saken dy't it wurdich binne om neamd te wurden, binne: de havenstêd Dylath-Leen (ien fan 'e grutste stêden fan 'e Dreamelannen); de stêd Ulthar, dêr't katten sakrosankt binne; de stêd Hlanith, dy't middenmank in oerwâld oan 'e kust leit; en de woastynstêd Ilarnek, dy't bestiet fan hannel. Dêrsanne leit ek it legindaryske lân Mnar, dêr't eartiids de swide mar doemde stêd Sarnath lei.
- It Suden omfettet it eilân Oriab en de gebieten dy't bekendsteane as de Fantastyske Riken (beskreaun yn The White Ship).
- Yn it Easten leit Celephaïs, in stêd dy't ta wêzen dreamd waard troch syn kening Kuranes. Dyselde wie, ynsafier bekend, de grutste fan alle dreamers. Ek lizze yn it Easten de gefaarlike Ferbeane Lannen.
- It Noarden omfiemet it freze Plato fan Leng, dêr't minskeslinende spinnen en de satyr-eftige "minsken fan Leng" libje.
Oare plakken yn 'e Dreamelannen binne de Underwrâld, in ûndergrûnske regio ûnder de Dreamelannen dêr't in ferskaat oan meunsters húsmannet; de Moanne, dêr't men mei in skip hinne farre kin en dy't bewenne wurdt troch podde-eftige "moannebisten"; en Kadath, in reuseftich kastiel op in berchtop dêr't de Grutten wenje, de goaden fan 'e Dreamelannen.
Nei't it skynt sjogge alle dreamers de Dreamelannen justjes ferskillend, mei't Atal, de hegepreester fan Ulthar, opmerkt dat "eltsenien syn eigen dreamelân" hat. Op ien sike mei dy útspraak seit er ek dat de Dreamelannen in "algemien lân fan fizioen" binne.
Ferhalen
bewurkje seksjeNeffens de ferhalebondel The Dream Cycle of H.P. Lovecraft: Dreams of Terror and Death (útjûn troch Del Rey yn 1985) hearre de folgjende ferhalen ta de Dream Cycle:
- Polaris (skreaun yn 1918; earste publikaasje 1920)
- The White Ship (skreaun yn 1919; earste publikaasje 1919)
- The Doom that Came to Sarnath (skreaun yn 1919; earste publikaasje 1920)
- The Cats of Ulthar (skreaun yn 1920; earste publikaasje 1920)
- Celephaïs (skreaun yn 1920; earste publikaasje 1922)
- Ex Oblivione (skreaun yn 1920; earste publikaasje 1921)
- Nyarlathotep (skreaun yn 1920; earste publikaasje 1920)
- The Quest of Iranon (skreaun yn 1921; earste publikaasje 1935)
- The Nameless City (reference only) (skreaun yn 1921; earste publikaasje 1921)
- The Other Gods (skreaun yn 1921; earste publikaasje 1933)
- Azathoth (romanfragmint; skreaun yn 1922; earste publikaasje 1938)
- The Hound (hjiryn wurdt inkeld nei de Dreamlannen ferwiisd; skreaun yn 1922; earste publikaasje 1924)
- Hypnos (skreaun yn 1922; earste publikaasje 1923)
- What the Moon Brings (skreaun yn 1922; earste publikaasje 1923)
- The Dream-Quest of Unknown Kadath (gjin koart ferhaal, mar in novelle; skreaun yn 1927; earste publikaasje 1943)
- The Outsider (skreaun yn 1921; earste publikaasje 1926)
- The Silver Key (skreaun yn 1926; earste publikaasje 1929)
- The Strange High House in the Mist (skreaun yn 1926; earste publikaasje 1931)
- The Case of Charles Dexter Ward (gjin koart ferhaal, mar in roman; hjiryn wurdt inkeld nei de Dreamelannen ferwiisd; skreaun yn 1927; earste publikaasje 1941)
- The Thing in the Moonlight (skreaun troch J. Chapman Miske op basis fan dreambeskriuwing yn in brief fan Lovecraft oan Donald Wandrei; skreaun yn 1927; earste publikaasje 1941)
- At the Mountains of Madness (gjin koart ferhaal, mar in novelle; hjiryn wurdt inkeld nei de Dreamelannen ferwiisd; skreaun yn 1931; earste publikaasje 1936)
- The Dreams in the Witch House (likernôch mei de Dream Cycle ferbûn; skreaun yn 1932; earste publikaasje 1933)
- Through the Gates of the Silver Key (mei Edgar Hoffmann Price; skreaun yn 1932; earste publikaasje 1934)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |