Bokke Bok (Goaiïngea, 5 july 1920Snits, 1997), wie in stukadoar en hurdfytser út Snits.

Bok kocht yn de 'krappe' tritiger jierren, mei in soad wurkleazens syn earste fyts, in De Mol A, destiids ien fan de bêste merken, foar f. 40,-. De fyts wie seker 8 kilo swierder as de hjoeddeiske fytsen. De tubes wienen ek hast twa kear sa tsjok as de bantsjes fan de njoggentier jierren. De fyts wie foar Bok syn earste gersbaanfytsen eins net sa geskikt. In winkelman yn Snits hat doe in nij freem foar Bokke Bok kocht (kosten f. 27,50) en sa no en dan koe der ôfbetelle wurde. Hy treende alle dagen, gie betiid op bêd en kaam net yn it kafee. In echte topper hat Bokke nea west, mar mei in bytsje gelok wûn er doch gauris in pryske. Syn earste wedstriid wie op de baan yn Donkerbroek. Dêr hiene de doarpsbewenners in liembaan makke mei ophege bochten. By moai waar wie it in prachtbaan, mar by rein waard de baan sjippeglêd en glibberen se nei ûnderen ta. Hy moast in keppelwedstriid ride en hie in oare Snitser as maat, mar by oankomst blykte dat hy mei in Grinslanner ride moast. Dy kaam lykwols net opdagen en hy foarme in nij keppel mei in fytser út Easterwâlde. Se sprutsen ôf dat Bokke twa rondes ride soe en hy ien en dat hy dan de sprints ride soe. Foarôf yn het massaazjelokaal, waard de wedstriid troch in trener besprutsen mar hy seach Bokke-en-dy net stean. Bokke wie dêrtroch bot teloarsteld en moast boppedat yn de ûngeunstige bûtenbaan starte en lei nei it startskot direkt oan de sturt fan de groep. In pear treningsmaten rôpen lykwols "Toe Bok, do kinst folle hurder, foarút!". Dat joech him sa'n kick en foardat syn maat him ôfloste, en hy syn earste priis wûn.

Bokke Bok fytste ek op de baan en wei by de 'Ren- en Toeristenvereeniging Leeuwarden' en nei de Twadde Wrâldoarloch by 'De Friesche Leeuw'. Yn de ooarloch demontearde er, krektas in soad oaren syn reesfyts en ferburch dy op 'e souder. Yn 1950 stoppe hy mei fytsen yn wedstriidferbân en waard kontroleur en stimpelder by de organisaasje fan de Alvestêdetocht op de fyts. Yn 1953 kaam er by it Fryske sjuerykorps fan de KNWU. Folle letter, yn 1979, wie hy mei-oprjochter fan fytsferiening Snits, dêr't hy earelid fan wie. Ek wie Bok jierrenlang de man efter de organisaasje fan de KNWU-ronde fan Snits.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: