Marcel Reich-Ranicki

Marcel Reich-Ranicki (Włocławek, 2 juny 1920 - Frankfurt am Main,18 septimber 2013) wie in wichtich Dútsk literatuerkritikus. Hy wie fan Joadsk komôf.

Marcel Reich-Ranicki
Marcel Reich-Ranicki yn 2007
Marcel Reich-Ranicki yn 2007
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marcel Reich-Ranicki
nasjonaliteit Dútsk
berne 2 juny 1920
berteplak Włocławek
stoarn 18 septimber 2013
stjerplak Frankfurt am Main
wurkpaad
berop/amt literatuerkritikus

Reich-Ranicki wie in oerlibbene fan it getto fan Warsjau. Yn 1958 ferhuze er nei de Bûnsrepublyk Dútslân, dêr't er wurke as literêr kritikus, earst by it wykblêd Die Zeit en dêrnei by de Frankfurter Allgemeine Zeitung. Hy wie in foaroansteand kritikus fan Gruppe 47, wurdfierder fan de sjuery fan de Ingeborg Bachmann-priis en inisjatyfnimmer fan it literêre programma Das Literarische Quartett, dat er fan 1988 oant 2001 organisearre. Troch legindaryske telefyzje-optredens waard Reich-Ranicki, by it publyk bekend as de "Paus fan de Literatuer", en in mediastjer. Syn memoires My Life (1999, ferfilme yn 2009) diene syn populariteit fierder omheech gean.

Reich-Ranicki wie troud mei Teofila Reich-Ranicki en heit fan harren soan Andrew Ranickim, de lettere wiskundige.