Cornelis Johannes van Houten
Cornelis Johannes (Kees) van Houten (De Haach, 18 febrewaris 1920 – 24 augustus 2002) wie in Nederlânske astronoom.
Hy hold syn hiele karriêre ta by de Stjerrewacht Leien, útsein de koarte tiid (1954–1956) dat er ûndersyksassistint oan it Yerkes-observatoarium yn Williams Bay (Wiskonsin) wie mei Ingrid Groeneveld en Tom Gehlers. Hy die kandidaats-eksamen yn 1940, mar fanwegen de Twadde Wrâldoarloch moast er syn stúdzje ûnderbrekke. Dêrom die er earst yn 1952 eineksamen en promovearre yn 1961 op in proefskrift oer oerflaktefotometry fan ekstragalaktyske nevels.
Hy troude mei astronoom Ingrid Groeneveld en tegearre krigen se niget oan planetoïden. Se krigen in soan, Karel.
Yn 'e mande mei Tom Gehrels en Ingrid, ûntduts er tûzenen planetoïden. Gehrels die in sky survey mei de 48-inch Samuel Oschinteleskoop oan it Palomar-observatoarium en stjoerde de platen nei de van Houtens yn de Stjerrewacht Leien, dy't se ûndersochten op nije planetoïden. It trio hat sadwaande tûzenen planetoïden fûn. It waard harren ek dúdlik dat planetoïden yn beskate famyljes opsplist wurde koene.
Van Houten bestudearre ek de radiële faasje fan ticht by elkoar steande dûbelstjerren. Hy gie net mei pinsjoen, mar bleau warber op syn mêd en publisearre artikelen oant syn dea ta.
De asteroïde 1673 van Houten waard ta syn eare nei him ferneamd.