Eddy de Jongh (fotograaf)
Eduard Siegfried (Eddy) de Jongh (Amsterdam, 9 augustus 1920 - De Haach, 10 april 2002) wie in Nederlânsk fotograaf.
Libben en wurk
bewurkje seksjeEddy de Jongh waard berne yn in net-godstsjintige Joadske húshâlding, as soan fan in súksesfol en begoedige tekstylhanneler. Syn famylje ferdwûn yn de Twadde Wrâldoarloch, mar De Jongh koe ûnderdûke. Nei de oarloch erfde er it tekstylbedriuw fan syn heit, mar hy koe net foarkomme dat it yn 1953 fallyt gong. De Jongh krige niget oan fotografy en ûntjoech him ta parsefotograaf. De Jongh boaske fiifris en krige toaal seis bern.
De Jongh waard yn Nederlân bekend troch syn portretten yn it wykblêd Vrij Nederland. Syn oeuvre befettet ek in grut tal dokumintêrefoto's út it tiidrek 1956-1965, dy't it deistich libben yn Jeropa yn byld bringe. Teffens makke er yn dy perioade in soad sportfoto's. Hy learde it fak bij Magnum-fotograaf Kryn Taconis. Yn 1955 kaam er yn tsjinst by Vrij Nederland. Fan 1970 oant 1991 makke er portretten foar it NOS Sjoernaal. Doe't it sjoernaal hieltyd mear gebrûk makke fan fideofilms rekke de Jongh in grut part fan syn wurk kwyt. Dêrnei rekke er psychysk frijwat yn de nederklits en hat er in skoft opnaam west yn in psychiatryske ynstelling.
Op de webside fan it Nederlânsk Fotomuseum is syn wurk te besjen. Ryksmuseum Amsterdam hat wurk fan him yn har kolleksje[1]
Dokumintêre
bewurkje seksjeIn 2013 werden zijn werk en zijn leven uitgelicht in "Foto-Eddy: De negatieven van mijn vader", een documentaire van de hand van zijn zoon David de Jongh.
Bibliografy (in kar)
bewurkje seksje- Haest, H. (2013) Between Ad and Allegory: Marketing Portraits of Gerard Reve. Amsterdam: Rijksmuseum Amsterdam. ISBN 9789491714290
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|