Mario Beccaria (Sant'Angelo Lodigiano (Lombardije), 18 juny 1920 - dêre?, 22 novimber 2003) wie in Italjaansk kristen-demokratysk politikus.[1] Hy wie lid fan 'e partij Democrazia Cristiana (DC).

Mario Beccaria
politikus
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 18 juny 1920
berteplak Sant'Angelo Lodigiano (Itaalje)
stjerdatum 22 novimber 2003
stjerplak Sant'Angelo Lodigiano (Itaalje)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Lombardysk
lid fan 'e Italjaanske Keamer fan Offurdigen
amtsperioade 19681976
boargemaster fan Sant'Angelo Lodigiano
amtsperioade 19601964
foargonger Gino Pasetti
opfolger Giancarlo Manzoni

Beccaria wie fan 1960 oant 1964 boargemaster fan syn berteplak Sant’Angelo Lodigiano. Neitiid hied er twa terminen, fan 1968 oant 1972 en fan 1972 oant 1976, in sit yn de Italjaanske Keamer fan Offurdigen.[2]

As leafhawwer fan muzyk wie Beccaria yn 'e 1950-er jierren lid fan 'e feriening Amundis, dy't sjongers en muzikanten út Sant'Angelo Lodigiano op wei holp.

Yn Sant’Angelo Lodigiano is in strjitte nei him ferneamd, de Via Onorevole Mario Beccaria.[3][4][5]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ambizioni e reputazioni: élite nel Lodigiano tra età moderna e contemporanea (s. 209)
  2. Il Lodigiano nel Novecento: la cultura (s. 431)
  3. Via Onorevole Mario Beccaria, Sant’Angelo Lodigiano
  4. Ricordando Mario Beccaria
  5. Enrico Vignati ricorda l'Unurèul Mario Beccaria (detto Budù)