Hessel Posthuma jr.
Hessel Posthuma jr. (Ljouwert, 3 oktober 1920 – Dimter, 7 febrewaris 2003) wie in Nederlânsk politikus fan de PvdA.
Hy waard berne as soan fan de assurânsje-agint en lettere politikus Hessel Posthuma sr. Hy begûn yn 1939 by de gemeentesekretary fan Ljouwerteradiel en wurke oant 1945 by ferskate oare gemeentesekretariën. Yn dat lêste jier gie er oan 'e gong by de Feriening fan Nederlânske Gemeenten (VNG) yn De Haach dêr't er it ta sjef ôfdieling Underwiis skopte. Yn septimber 1966 waard Posthuma beneamd ta boargemaster fan Opsterlân, as opfolger fan Willem Harmsma, en yn 1975 folge syn beneaming yn itselde amt yn Dimter. Ier yn 1984 gie er dêr mei betiid pinsjoen.
Yn 2003 rekke er wei yn de âldens fan 82 jier.