Daniel Dykstra (Helena (Montana), 20 augustus 1920Orange (Kalifornje), 25 maart 1999) wie in Amerikaansk steatspolitikus.

Daniel Dykstra
politikus
echte namme Daniel Dykstra
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 20 augustus 1920
berteplak Helena (Montana)
stjerdatum 25 maart 1999
stjerplak Orange (Kalifornje)
etnisiteit Frysk
lid fan it Hûs fan Offurdigen fan 'e steat Montana
amtsperioade 19611965

Libben en karriêre bewurkje seksje

Dykstra waard yn 1920 berne yn Helena, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Montana. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er yn it Amerikaanske Leger. Dykstra siet fan 1961 oant 1965 yn it Hûs fan Offurdigen fan it Steatskongres fan Montana. Letter ferfear er nei súdlik Kalifornje, dêr't er yn 1999 yn 'e âlderdom fan goed 78 jier stoar oan in hertoanfal. Hy waard begroeven op it Montana State Veterans Cemetery yn Fort Harrison.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: