Françoise Adret (Versailles, 7 augustus 1920 - Chambourcy, 1 april 2018) wie in Franske dûnseresse, pedagoge en koreografe.

Adret late fan 1951 ôf it Ballet fan de Nederlânske Opera, dêr't Darja Collin earder de lieding hie. Adret hie dûnse by l’Opéra National de Paris. Sy frege in soad fan har dûnsers en brocht hichtepunten út it klassike repertôr op de planken. Yn 1959 ferliet Adret Parys en foarme har eigen selskip, tegearre mei it Ballet der Lage Landen, dat letter it Amsterdams Ballet wurden is. Yn 1961 gie it Amsterdams Ballet by Het Nederlands Ballet en sa ûntstie in nije dûnsgroep, Het Nationale Ballet.

Adret har namme as koreograaf en pedagoge krige benammen yn Frankryk klank. Dêr is in boek oer har ferskynd: Soixante années de danse.

Keppelings om utens

bewurkje seksje