Eugénie fan Montijo

Eugénie fan Montijo of Eugénie de Montijo (útspr.: [øʒe:'ni də mon'tiχo], likernôch: "eu-zjee-ny duh mon-ty-cho"; folút: doña María Eugenia Ignacia Augustina de Palafox y Kirkpatrick, 15e markizinne fan Ardales en 16e grevinne fan Teba) (Granada, 5 maaie 1826Madrid, 11 july 1920) wie in Spaansk ealfrouwe fan mingd etnysk komôf en de lêste keizerinne fan 'e Frânsen as de gemalinne fan keizer Napoleon III. Hja troude mei him yn 1853, in jier nei't er op 'e Frânske troan kommen wie. Doe't har man nei de Frânske nederlaach yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch fan 1870-1871 ôfset waard, gie Eugénie yn ballingskip yn Ingelân, dêr't se oan har dea ta wenjen bleau. Se stoar yn 'e âlderdom fan 94 jier wylst se op famyljebesite yn Madrid wie.

Eugénie fan Montijo
aadlik persoan en/of hearsker
Portret troch Franz Xaver Winterhalter út 1853.
Portret troch Franz Xaver Winterhalter út 1853.
echte namme doña María Eugenia Ignacia
Augustina de Palafox y
Kirkpatrick, 15e markgrevinne fan
Ardales, 16e grevinne fan Teba
nasjonaliteit Spaansk
bertedatum 5 maaie 1826
berteplak Granada (Spanje)
stjerdatum 11 july 1920
stjerplak Madrid (Spanje)
dynasty Bonaparte (yntroud)
etnisiteit Kastyljaansk
Skotsk
Waalsk
keizerinne-gemalinne fan Frankryk
amtsperioade 18531870
foargonger Marije Louise fan Eastenryk
opfolger Clémentine fan Belgje (pretinsje)
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is María Eugenia Ignacia Augustina. De earste efternamme (fan heitekant) is (de) Palafox, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Kirkpatrick. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm (de) Palafox of oars (de) Palafox y Kirkpatrick brûkt wurde.

Komôf en titulatuer

bewurkje seksje

Eugénie fan Montijo waard yn 1826 berne yn Granada, in stêd yn 'e Spaanske regio Andalûsje, as doña María Eugenia Ignacia Augustina de Palafox y Kirkpatrick. Hja wie in dochter fan don Cipriano de Palafox y Portocarrero (1785-1839), in grande fan Spanje fan Kastyljaansk komôf, dy't de 14e markys fan Ardales wie en ek de 17e markys fan Moya, de 13e markys fan la Algaba, de 8e greve fan Ablitas, de 9e greve fan Montijo, de 15e greve fan Teba en de 8e greve fan Fuentidueña. Her mem wie Cipriano syn heal-Skotske en kwart-Belgyske frou María Manuela Enriqueta Kirkpatrick de Closbourn y de Grevigné (1794-1879), in dochter fan 'e Skotske ealman William Kirkpatrick of Closeburn (1764-1837), dy't de Amerikaanske konsul yn Málaga en letter in gruthanneler yn wyn wie, en dy syn frou Marie-Françoise de Grevigné (1769-18??), dy't wer in dochter wie fan Henri baron fan Grevigné, in ealman út it Prinsbisdom Luik, en dy syn Spaanske frou doña Francisca Antonia de Gallegos.

 
Eugénie fan Montijo, skildere troch Franz Xaver Winterhalter yn 1854.

Eugénie hie gjin bruorren. Har âldere suster, María Francisca de Sales de Palafox Portocarrero y Kirkpatrick, byneamd 'Paca' (1825-1860), dy't de measte famyljetitels urf en de 12e hartoginne fan Peñaranda, de 9e grevinne fan Montijo en in grande fan Spanje wie, troude yn 1849 mei Jacobo Fitz-James Stuart, 15e hartoch fan Alva. Oant har eigen houlik yn 1853 brûkte Eugénie ôfwikseljend de aadlike titels fan grevinne fan Teba en grevinne fan Montijo, en hoewol't dy lêste titel eins wetlik yn it besit wie fan har suster (dy't him trochjoech oan it Hûs fan Alva), kaam se bekend te stean as Eugénie fan Montijo. Nei it ferstjerren fan har heit, yn 1839, waard Eugénie suo jure de 15e markizinne fan Ardales en de 16e grevinne fan Teba. Nei har eigen dea soene ek dy titels oergean op 'e hartoggen fan Alva, mei't se sels gjin bern hie om se oan troch te jaan.

Op 18 july 1834 setten María Manuela en har beide dochters ôf nei Parys, om in útbraak fan goalera yn Madrid en de gefaren fan 'e Earste Karlistyske Oarloch te ûntrinnen. Yn Frankryk krige de doe njoggenjierrige Eugénie fan 1835 oant 1836 formeel ûnderwiis yn it modieuze mar tradisjonalistyske Kleaster fan it Hillich Hert (Sacré Cœur). Neitiid learde se fan 1836 oant 1837 fierder oan it progressivere Gymnase Normal, Civil et Orthosomatique, dêr't se ek in protte lichaamlik ûnderwiis krige. Yn 1837 giene Eugénie en Paca koart nei in kostskoalle foar famkes yn it Ingelske Bristol, mei as bedoeling om Ingelsk te learen. Eugénie waard dêr narre om har reade hier, en besocht út te naaien nei Britsk-Ynje. Se wie yn 'e haven fan Bristol al oan board klommen fan in skip mei dy bestimming, ear't se tsjinkeard wurde koe. Yn augustus 1837 giene sy en Paca wer yn Parys nei skoalle, mar in grut part fan harren ûnderwiis ûntfongen se neitiid thús fan harren Ingelske gûvernantes juffer Cole en juffer Flowers en teffens fan famyljefreonen, lykas de bekende skriuwers Prosper Mérimée en Henri Beyle.

 
In foto fan Eugénie fan Montijo út omtrint 1856.

Yn maart 1839, nei it ferstjerren fan harren heit yn Madrid, kearden Eugénie en Paca út Parys werom dêrhinne. Yn Spanje waarden se weriene mei harren mem, dy't al earder weromgien wie. Eugénie groeide yn Madrid op ta in koppige jonge frou, dy't in protte lichaamlik aktyf wie mei dingen as hynsteriden en sport yn in tiid dat fan froulju eins ferwachte waard dat se sokke aktiviteiten safolle mooglik oan manlju oerlitte soene. Se moast ienris fan 'e ferdrinking rêden wurde en besocht twaris harsels tekoart te dwaan nei oanlieding fan romantyske teloarstellings. Ek wie se tige by tige ynteressearre yn 'e polityk, en se ûntjoech har ûnder de ynfloed fan Eleanore Gordon, in eardere mêtresse fan (har lettere man) Louis Napoléon, ta in hertstochtlik oanhingster fan 'e bonapartistyske saak. Tanksij de rol fan har mem María Manuela as gastfrou fan wielderige bals en banketten dêr't de hiele beau monde fan Spanje oanwêzich wie, kaam Eugénie yn 'e kunde mei keninginne Isabella II en mei premier Ramón Narváez. Underwilens fielde María Manuela almar mear oandriuw om in man foar har jongste dochter te finen, en dêrom naam se Eugénie mei op reizen nei Parys yn 1849 en Ingelân yn 1851.

Eugénie mette prins Louis Napoléon Bonaparte foar it earst nei't dyselde presidint fan 'e Twadde Republyk wurden wie, doe't se op 12 april 1849 mei har mem in resepsje yn it Élysée besocht. Har skientme loek de presidint oan, dy't, sa't er foar de moade hie, har besocht te ferlieden. Eugénie stegere him lykwols ôf, en makke dúdlik dat se net út wie op in românse, mar op in houlik. "Wêr leit de wei nei jo hert?" soed er har frege hawwe; "Troch de kapel," wie har antwurd. Nei't Bonaparte yn 1852 syn presidintskip omset hie yn in monargy, en as Napoleon III keizer fan it Twadde Frânske Keizerryk wurden wie, kundige er yn in taspraak op 22 jannewaris 1853 syn ferloving mei Eugénie oan. Hja trouden in wike letter, op 29 jannewaris, by in boargerlike seremoanje yn 'e Tuileryen. De oare deis, op 30 jannewaris, folge in folle swidere religieuze seremoanje yn 'e Notre Dame fan Parys.

 
Eugénie fan Montijo omjûn troch har hofdames, skildere troch Franz Xaver Winterhalter yn 1855.

It houlik kaam der nei oansjenlike aktiviteit om in gaadlike oarehelte foar de nije keizer te sykjen yn 'e foarm fan in telch út ien fan 'e âlde kenings- of keizershuzen fan Jeropa. Napoleon syn úteinlike kar sinnige syn famylje, syn regear en syn hofhâlding min, om't men har fan te leech komôf fûn en ornearre dat de keizer himsels fergoaide. Wat har posysje net holp wie dat it Eugénie tige swier foel om it libben te skinken oan in troanopfolger. In miskream yn 1853, dy't kaam nei in fearnsjier swierwêzen, makke har benaud. Uteinlik skonk se op 16 maart 1856, nei twa dagen yn 'e weeën lein te hawwen, it libben oan in soan, Napoléon Eugène Louis Jean Joseph Bonaparte.

Sawol sysels as har poppe hiene ûnder de lange kream yn libbensgefaar ferkeard, en Eugénie bettere neitiid mar stadich wer op. Se makke har man dúdlik dat se fierdere seksuële omgong mei him "walchlik" fine soe, en har biografen betwifelje oft se ea wer mei him op bêd gie doe't se oan har ferplichtings foldien hie om him in erfgenamt te jaan. It is de fraach oft Napoleon III dat slim fûn; dúdlik is yn elts gefal dat er wer begûn om te slaan mei oare froulju, eat dat eufemistysk oantsjut waard as syn petites distractions ("lytse ôfliedings").

 
Keizer Napoleon III, keizerinne Eugénie en harren ienlingssoan Napoléon Eugène.

Publyk libben

bewurkje seksje

Yn it iepenbier ferfolle Eugénie trou har plichten as keizerinne-gemalinne, û.m. troch gasten te ûntfangen en har man te beselskipjen nei bals en by besiken oan 'e opera en it teäter. Har seis (en letter tolve) hofdames, de saneamde dames du palais ("paleisdames"), waarden keazen út it fermidden fan har kunde fan foar har houlik. Hja stiene ûnder lieding fan 'e grutmasteresse Anne Debelle, prinsesse fan Essling en de dame d'honneur ("earedame") Pauline de Bassano. Eugénie reizge yn 1869 nei Egypte om yn it stee fan har man offisjeel it Suëzkanaal te iepenjen (de oanlis wêrfan't beävensearre wie troch Frânske yngenieurs ûnder lieding fan Ferdinand de Lesseps). Ek by oare bûtenlânske gelegenheden fertsjintwurdige se Napoleon III. Har man frege har gauris om rie by wichtige beliedssaken, en hy stelde har oan as offisjele regintesse oer Frankryk by syn eigen ôfwêzigens yn Parys yn 1859, 1865 en 1870. Yn 1860 besocht it keizerlik pear tegearre de Frânske koloanje Algerije.

Eugénie wie strang roomsk-katolyk en oer it algemien konservatyf, en har ynfloed neutralisearre ornaris de liberale nigings fan 'e keizer sels. Se wie in stânheft oanhingster fan 'e lear fan it ultramontanisme, dat de macht en privileezjes fan 'e paus ferdigenet, ynklusyf de wrâldske macht dy't de paus doedestiden oer de Pauslike Steat yn sintraal Itaalje útoefene. Dêrmei kearde se har fûleindich tsjin 'e yn 'e Risorgimento (1848-1871) befochten ienwurding fan Itaalje. Dêrnjonken wie Eugénie ek in foarfjochtster foar frouljusrjochten; sa sette se it Frânske Ministearje fan Underwiis ûnder druk om 'e earste universitêre diploma oan in frou út te rikken en besocht se om 'e nocht om 'e skriuwster George Sand as earste froulike lid de Académie Française binnen te loadsen. Eugénie krige de skuld op 'e lea skood fan 'e jammerdearlik ferrûne Frânske yntervinsje yn Meksiko, dy't einige mei de romleaze nederlaach fan 'e Frânske troepen tsjin 'e Meksikaanske frijheidsstriders fan Benito Juárez en de terjochtstelling fan 'e troch de Frânsen op 'e troan holpen Meksikaanske keizer Maksimiliaan I.

 
Eugénie fan Montijo omtrint 1858.

Yn 1868 besocht Eugénie it Dolmabahçe Paleis yn Konstantinopel, dêr't de harem fan it Osmaanske Ryk húsfêste wie. Sultana Pertevniyal Sultan, de mem fan sultan Abdülaziz, swaaide dêr de skepter. Hja waard ta razernij brocht om 'e frijheden dy't har bûtenlânske gast har permittearre, doe't Eugénie earmke-om gie mei ien fan har soannen, dy't har in rûnlieding troch de tunen fan it paleis joech. Om 'e keizerinne tebinnen te bringen dat se net yn Frankryk wie, soe Pertevniyal har in stomp yn it weak fan 't liif jûn hawwe. Neffens in oare ferzje fan it ferhaal beskôge Pertevniyal de oanwêzigens fan in útlânske frou yn har domein as in mislediging en soe se Eugénie dêrom in klap yn it gesicht jûn hawwe. Yn elts gefal waard der in klap of in stomp útdield, en late dat op in hier nei ta in ynternasjonaal ynsidint tusken Frankryk en it Osmaanske Ryk.

Yn 1854 kochten Napoleon III en Eugénie in stikmannich pûnsmjit lân yn 'e dunen by Biarritz, in plak oan 'e kust fan Frânsk-Baskelân. Dêr lieten se in simmerpaleis mei byhearrende bygebouwen, tunen, greiden, lustwâlden en in fiver oanlizze. Napoleon III hie de lokaasje, sa deun by de Pyreneeën en de Spaanske grins, mei sin útsocht sadat syn frou net ûnwennich wurde soe nei har heitelân. It paleis kaam de Villa Eugénie te hjitten, mar wurdt tsjintwurdich it Hôtel du Palais neamd. De oanwêzigens fan it keizerlik pear fêstige de oandacht fan oer kroane haden op Biarritz, dat neitiid ek de Britske keninginne Fiktoaria en de Spaanske kening Alfûns XIII ferwolkomje mocht en útgroeide ta in baaiplak fan namme.

Rol yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch

bewurkje seksje

Nei it útbrekken fan 'e Frânsk-Dútske Oarloch, yn 1870, bleau Eugénie yn Parys as regintesse, wylst Napoleon III en kroanprins Napoléon Eugène har by de Frânske troepen oan it front joegen. Doe't op 7 augustus fan dat jier de tynge Parys berikte fan ferskate ferpletterjende nederlagen dy't de Dútsers de Frânsen tabrocht hiene, hearske yn 'e Frânske haadstêd in sfear fan ûnleauwe en ûntsetting. Premier Émile Ollivier en maarskalk Edmond Le Bœuf, de stêfsjef fan 'e Frânske striidkrêften, namen allebeide ûntslach, dat it foel oan Eugénie ta om in nij regear te foarmjen. Hja stelde de 74-jierrige generaal Charles Cousin-Montaban, better bekend as de greve fan Palikao, oan as de nije premier, en dyselde beneamde maarskalk François Achille Bazaine, de befelfierend legerkommandant yn Loataringen, ta nije stêfsjef.

 
In foto fan Eugénie fan Montijo út omtrint 1870.

Napoleon III, dy't besefte dat er oan it front oer en tefolle wie, stelde foar om werom te gean nei Parys, sadat er dêr de leie wer yn 'e hannen nimme koe, mar Eugénie stjoerde him in telegram werom dêr't se yn sei: "Helje it dy net yn 'e holle om werom te kommen, of it moat wêze datst in freeslike revolúsje op gong bringe wolst. Se sille sizze datst it leger yn 'e steek litten hast om it gefaar te ûntflechtsjen." Dêr wie gjin spjeld tusken te krijen, dat de keizer bleau by it leger, hoewol't er ferstannigernôch wie om it liedingjaan oan 'e troepen oan syn generaals oer te litten. Om't Eugénie it regear stevich yn 'e hannen hie, betsjutte dat dat er sels eins gjin rol fan betsjutting mear spylje koe. Tsjin maarskalk Le Bœuf murk er op: "We binne allebeide oan 'e kant set."

Nei in nije nederlaach yn 'e Slach by Sedan joech Napoleon III him oer oan 'e Dútsers. It nijs fan syn kapitulaasje berikte Parys op 3 septimber. Doe't se hearde dat har man, soan en it hiele Frânske leger no yn kriichsfinzenskip wiene, ûntstiek Eugénie yn grutte grime en frege har lûdop ôf wêrom't de keizer net selsmoard dien hie en oft er net besefte hoe'n skande oft er oer himsels en syn hûs brocht hie troch him oer te jaan. Letter, doe't in fijannige kliber folk gearklofte by de Tuileryen en it tsjinstfolk en de stêf fan it paleis útnaaide, gloep Eugénie mei in hofdame troch in sydyngong nei bûten ta en socht se beskûl by har Amerikaanske toskedokter, Thomas W. Evans. Dyselde begelate har nei Deauville, oan 'e kust fan It Kanaal, en dêrwei stiek se op 7 septimber op it jacht fan in Britske funksjonaris oer nei Ingelân.

Underwilens hie in groep republikeinske folksfertsjintwurdigers op 4 septimber de Trêde Republyk útroppen en in Regear fan Nasjonale Ferdigening gearstald. De alsa ôfsette Napoleon III bleau fan 5 septimber 1870 oant en mei 19 maart 1871 formeel in kriichsfinzene fan 'e Dútsers, hoewol't er mei syn soan en de rest fan syn gefolch yn lúkse húsfêste waard yn in Hessysk kastiel by Wilhelmslöhe, yn 'e neite fan Kassel, dêr't Eugénie him neitiid incognito besykje koe.

 
Eugénie fan Montijo yn rou nei de dea fan har soan, yn 1880.

Nei't Napoleon III út Dútske finzenskip frijlitten wie, fêstige er him mei Eugénie yn ballingskip yn Ingelân, mei't in weromkear nei Frankryk troch de politike tastân ûnmooglik wie. It pear sette him nei wenjen yn Chislehurst yn it greefskip Kent, dêr't Napoleon III yn 1873 yn 'e âldens fan 64 jier kaam te ferstjerren. Eugénie har soan, kroanprins Napoléon Eugène, naam as ofsier tsjinst yn it Britske Leger en sneuvele yn 1879 yn 'e Sûlû-Oarloch yn wat letter Súd-Afrika wurde soe. Nei it ferstjerren fan sawol har man as har soan rekke it mei de sûnens fan Eugénie yn 'e minnichte. Se begûn doe mear tiid troch te bringen yn Osborne House, de residinsje fan keninginne Fiktoaria op it eilân Wight, foar de Súdingelske kust. Op oanrieden fan har dokter besocht se yn 1881 ek Bournemouth, dat yn 'e Fiktoriaanske Tiid bekend stie as kueroard. Dêr krige se kunde oan Sofia fan Nassau, keninginne fan Sweden, dy't dêr in filla besiet.

Yn 1885 ferfear Eugénie út Chislehurst nei Farnborough, yn Hampshire, dêr't se in filla bewenne wêryn't no de roomske famkesskoalle Farnborough Hill fêstige is. Dêrnjonken liet se om dy tiid ek de Villa Cyrnos bouwe, op Kaap Martin, tusken Menton en Nice, oan 'e Súdfrânske Côte d'Azur. De namme fan 'e filla wie de Grykske namme foar it eilân Korsika, dêr't de famylje fan har man wei kaam. As se yn Frankryk tahold, libbe Eugénie in weromlutsen bestean en bemuoide se har net mei de polityk, en yn ruil dêrfoar waard har troch de lieders fan 'e Frânske Republyk gjin striebreed yn 't paad lein.

De freonskiplike relaasje dy't de famylje fan har man silger en Eugénie sels mei it Feriene Keninkryk ûnderholden, waard yn 1887 utering oan jûn doe't se de peetmem waard fan Victoria Eugenie fan Battenberg (1887-1969), in dochter fan 'e Britske prinsesse Beatrice, dy't letter gemalinne waard fan kening Alfûns XIII fan Spanje. Eugénie ûnderhold fierders in freonskip mei tsarina Aleksandra, de gemalinne fan tsaar Nikolaas II fan Ruslân. De tsaar en syn frou besochten Eugénie foar it lêst yn 1909. Doe't yn 1914 de Earste Wrâldoarloch útbriek, skonk Eugénie by wize fan symboalyske stipe har steamjacht de Thistle oan 'e Britske Keninklike Marine. Ek rjochte se te Farnborough Hill op eigen kosten in militêr hospitaal op en skonk se ferskate grutte bedraggen oan Frânske sikehuzen. Yn 1919 waard har in honorêr Dame Grand Cross fan 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE) takend foar har bydragen oan 'e oarlochsynset.

 
De grêftombe fan Eugénie fan Montijo yn 'e Abdij fan Sint-Michael yn Farnborough (Ingelân).

Ferstjerren en beërf

bewurkje seksje

Eugénie fan Montijo kaam op 11 july 1920 yn 'e âlderdom fan 94 jier te ferstjerren yn it Liria-paleis te Madrid, dêr't se op famyljebesite wie by Jacobo Fitz-James Stuart, 17e hartoch fan Alva. Har stoflik omskot waard neitiid lykwols út har heitelân wei wer oerbrocht nei it Feriene Keninkryk, dêr't se mei har man en soan rêst yn 'e Keizerlike Krypte yn 'e Abdij fan Sint-Michael yn Farnborough. Eugénie liet har besittings yn Spanje nei oan 'e beppesizzers fan har suster Paca (d.w.s. oan 'e hartoggen fan Alva). De filla yn Farnborough en de keunstkolleksje dêre gie nei de erfgenamt fan har soan, prins Victor Bonaparte. Villa Cyrnos waard eigendom fan Victor syn suster, prinsesse Letitia fan Aosta. Eugénie har jild, ta einbeslút, waard yn trijen ferparte en oan 'e boppeneamde famyljeleden oerdien, útsein in bedrach fan 100.000 Frânske franken dy't skonken waarden oan 'e weropbou fan 'e yn 'e Earste Wrâldoarloch troch de Dútsers platbombardearre Katedraal fan Reims.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations en References, op dizze side.