Don (predikaat)

(Trochferwiisd fan Doña)

Don (midden yn 'e sin mei in lytse letter skreaun: don) is in predikaat dat yn it Spaansk en it Italjaansk fan súdlik Itaalje foar de nammen fan manlju pleatst wurdt. Soks wurdt dien as teken fan respekt foar de persoan yn kwestje. It wurdt almeast foar de foarnamme set, mar it kin ek foar de efternamme pleatst wurde, as de foarnamme fuortlitten wurdt. Oars as dat gauris tocht wurdt, is 'don' op himsels gjin aadlike titel, noch is it oererfber, lykas by it Nederlânske predikaat jonkhear wol it gefal is.

'Don' is ôflaat fan it Latynske dominus, dat "hear" betsjut. Yn Spanje en súdlik Itaalje fungearre it oant yn 'e njoggentjinde iuw as oansprektitel foar persoanen fan adel en oare oansjenliken. Tsjintwurdich is it gebrûk algemiener, en wurdt it ek brûkt op 'e Filipinen (in eardere Spaanske koloanje) en hjir en dêr yn Spaansktalich Latynsk-Amearika. De froulike foarm is yn it Spaansk doña (útspr.: "donja"), en yn it Italjaansk donna. Yn it Portegeesk fan Portegal en Brazylje komt in ferlykber predikaat foar: dom, wêrfan't de froulike foarm dona is. Yn skriuwtaal wurde 'don' en 'dom' ôfkoarte as "D.", en de ûnderskate froulike foarmen as "Dª", "Da." of "D."

Bekende foarbylden fan it gebrûk fan dit predikaat kin men fine yn 'e titel fan it boek Don Quichot, de titel fan 'e opera Don Giovanni, de namme fan 'e legindaryske frouljusfersierder don Juan Tenorio ('Don Juan') en de namme fan 'e maffiabaas út 'e Godfather-filmrige, don Corleone.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.