Tsaar
(Trochferwiisd fan Tsarina)
In tsaar (Bulgaarsk: цар, Russysk: царь) is in titel fan Slavyske foarsten. Ofhinklik fan it lân kin de titel lyksteld wurde oan keizer of kening. De namme is ôflaat fan de Romeinske namme Caesar. Yn Bulgarije wie it bewâld yn de tiidrekken 893-1014, 1186-1396, en 1908-1946 yn hannen fan de tsaar. Yn Servje fan 1346 oant 1371 en Ruslân fan 1546 oant 1917.