Janwillem van den Berg
Janwillem van den Berg (Akkrum, 26 novimber 1920 - Grins, 18 oktober 1985) wie in Nederlânsk spraakwittenskipper en medysk fysiolooch dy't in wichtige rol spile hat yn it ûndersyk nei stimbânfunksje en stimfoarming (myûlastyske-aerodynamyske teory). Hy hat dêrmei ynfloed hân op moderne modellen fan stimbânfunksje.
Janwillem van den Berg | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Janwillem van den Berg | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 novimber 1920 | |
berteplak | Akkrum | |
stoarn | 18 oktober 1985 | |
stjerplak | Grins | |
wurkpaad | ||
berop/amt | fysiolooch | |
aktyf as | heechlearaar | |
reden bekendheid |
ûntwikkelder fan de pacemaker |
Van den Berg ûntwikkele ek de earste ynwindige pacemaker dy't fan bûten ôf oars ynsteld wurde koe. De earste proeven mei in pacemaker dy't in ympuls joech op de R-top fan de hertkurve waarden dien en der waarden hertelektroades testen op bisten. Dy eksperiminten makken Van den Berg ferneamd yn de doetiidske kardiologyske wrâld.
Fan 1957 oant 1963 wie Van den Berg lektor- en fan 1963 oant 1983 heechlearaar oan de Universiteit fan Grins
Literatuer
bewurkje seksje- van den Berg, J. (1958). "Myoelastic-aerodynamic theory of voice production", Journal of Speech and Hearing Research 3(1): 227-244.
- Titze, I. R. (2006). The Myoelatic Aerodynamic Theory of Phonation, Iowa City:National Center for Voice and Speech, 2006.