Heilig Landstichting
Heilig Landstichting is in doarp yn 'e Gelderske gemeente Berg en Dal. It plak grinzget oan 'e súdeastlike bebouwing fan Nimwegen en is ferneamd nei de Heilig Land Stichting, dat hjoed-de-dei Museumpark Orientalis hjit. De strjitnammen fan it doarp binne ferneamd nei Bibelske persoanen.
Heilig Landstichting | ||
De Senakeltsjerke. | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Berg en Dal | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 850 (31.12.2023) | |
Oerflak | 2,27 km² | |
Befolkingsticht. | 376 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 51° 49' N 5° 53' E | |
Offisjele webside | ||
Hiemside doarpsferiening | ||
Kaart | ||
Ien fan 'e bekendste ynwenners fan Heilig Landstichting wie âld-premier Dries van Agt.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 'e Romeinske tiid lei east fan it doarp in Romeinsk akwadukt foar de wetterfersoarging foar it legioen op 'e Hunnerberg.
De Heilig Landstichting waard yn 1911 oprjochte troch de preester Arnold Suys út Waalwyk, de arsjitekt Jan Stuyt en de keunstner Piet Gerrits. Hja krigen it idee om de lokaasjes út it libben fan Jezus nei te bouwen doe't hja yn 1905 meiïnoar op in beafeart nei it Hillige Lân wiene. Om dat te realisearjen waard der keazen foar it buorskip De ploeg, om 't de grûn dêr heuveleftich wie lykas yn it Hillige Lân. De oarspronkelike namme wie Heilig Land Stichting en it wie ynearsten in roomske ynstelling ûnder tafersjoch fan it bisdom De Bosk. Letter waard dat it Bibelsk Iepenloftmuseum en no it Museumpark Orientalis. Dêrmei is it Museumpark Orientalis it âldste iepenloftmuseum fan it lân.
Tusken 1913 en 1915 krige it doarp in parochytsjerke neffens it ûntwerp fan Jan Stuyt yn gearwurking mei Jos Margry, de Senakeltsjerke. By de tsjerke soe ek in grutte Hillich Hert-basilyk boud wurde, mar dêrfan binne allinne de ûnderkant fan it foarportaal en it atrium boud. Dat is hjoed-de-dei it haadgebou fan it museumpark.
Om oan jild foar de oanlis fan it devoasjepark te kommen, waard de beskikbere grûn yn trije parten ferdield. Ien diel fan 'e grûn wie ornearre foar it devoasjepark, in oar diel foar in begraafplak wêrmei't de ferkeap fan grêfrjochten yn 'e takomst foar ynkommen soargje moast en it lêste diel wie ornearre om te ferkeapjen foar de bou fan wentes, sadat der fuort jild frij kaam foar de oanlis fan it park.
Yn 'e jierren 1930 fusearren de buorskippen De Ploeg en Het Heilig Land ta it doarp Heilig Landstichting.
It doarp hie tusken 1918 en 1925 in stasjon oan it spoar Nimwegen-Kleve.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Kalvaryberch
-
Atrium fan 'e krekt realisearre Hillich Hertbasilyk.
-
Grot fan Bethlehem.
-
De hôf fan it Sanhedrin.
-
Hûs Sion.
-
Himelfeartkoepel.
-
Arabysk doarpke
-
Joadsk doarpke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Heilig Landstichting (ferzje 25 juny 2024
|