Silvia Saint
Silvia Saint, echte namme: Silvie Tomčalová (Kyjov, 12 febrewaris 1976), is in rêstend Tsjechysk model, neakenmodel en pornografysk aktrise fan Moravysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol (mis)stavere as Sylvia Saint, en se hat ek wol wurke ûnder de skûlnammen Silvie en Szilvia. Saint sette yn 1997 útein mei in wurkpaad yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 1997 wûn se in AVN Award, en yn 2000 twa Hot d'Ors. Yn 2009 beëinige Saint har karriêre as pornoaktrise.
Silvia Saint | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Sylvia Saint, Silvie, Szilvia | |
echte namme | Silvie Tomčalová | |
nasjonaliteit | Tsjechysk | |
berne | 12 febrewaris 1976 | |
berteplak | Kyjov (Tsjechje) | |
etnisiteit | Moravysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1997 – 2009 | |
offisjele webside | ||
www.silviasaint.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeSilvia Saint waard yn 1976 berne yn it stedsje Kyjov, yn it distrikt Hodonín yn 'e regio Súd-Moraavje, yn wat doe noch Tsjechoslowakije wie. Hja brocht har jonkheid troch yn har berteplak. Doe't se de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre se twa jier bedriuwsfiering yn 'e Moravyske haadstêd Brno.
Karriêre as model
bewurkje seksjeNeitiid wurke Saint as de manager fan in grut hotel yn 'e stêd Zlín, en hie se by ferskate oare bedriuwen banen as accountant en marketingkoördinator. Om't se fûn dat it salaris foar soksoarte wurk ôffoel, sette se útein mei in karriêre as linzjerymodel. Al rillegau waard se frege om te posearjen foar neakenblêden, lykas Hustler, High Society, Chéri en Club International. Yn 1996 stie Saint yn 'e Tsjechyske Penthouse, dy't har útrôp ta Penthouse Pet fan it Jier. Letter posearre se ek foar de Amerikaanske Penthouse, dêr't se beneamd waard ta Pet fan 'e moanne oktober 1998.
Karriêre as pornoaktrise
bewurkje seksjeYn 1997, doe't Saint 21 jier wie, naam har doetiidske freon har mei nei in castingaudysje fan 'e Britske pornoregisseur Frank Thring. Koarte tiid letter makke se har debút yn in pornografyske film foar it Sweedske Private-label. Al rillegau dêrnei ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en dêr't se mear as trije jier yn 'e Amerikaanske pornoyndustry wurke, hoewol't se ek yn Jeropa aktyf bleau.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Saint yn totaal yn mear 300 pornofilms. Dêrby wie se yn 'e Feriene Steaten wurksum foar sokke foaroansteande labels as Adam & Eve, Evil Angel, Sin City, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, VCA Pictures, New Sensations, Anabolic Video, Devil's Film, Digital Sin en ClubJenna. Dêrnjonken wie se ek wol aktyf foar minder bekende Amerikaanske filmstudio's, lykas Jill Kelly Productions, Metro, Afro-Centric Productions, West Coast Productions en Legend Video. Yn Jeropa wie se fral yn 't spier fan Private, mar wurke se ek wol foar it Frânske Vidéo Marc Dorcel en foar ferskate Dútske studio's.
Ien fan Saint har opmerklikste rollen wie har fertolking fan ien fan 'e haadrollen yn 'e opsjochmeitsjende pornofilmtrilogy The Uranus Experiment, in produksje fan Private mei as ûnderwerp de romtefeart. De trilogy waard benammen bekend om't der in sêne yn foarkomt dy't opnommen is yn in Russysk fleantúch dat dûkflechten makke, sadat in steat sûnder swiertekrêft opwekke waard. Saint en har tsjinspiler Nick Lang hiene op dy manear de primeur om as earste pearke seksuële omgong te hawwen yn in tastân fan gewichtsleazens. De sêne waard nominearre foar in Nebula Award, ien fan 'e wichtichste mainstream-prizen op it mêd fan science fiction, mar wûn him net. Wol wûn Saint ûnder har karriêre as pornoaktrise in (Amerikaanske) AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld), twa (Frânske) Hot d'Ors, trije (Katalaanske) Ninfa's en in (Italjaanske) Delta di Venere Award.
Yn maart 2001 kundige Saint oan dat se har weromlûke soe út 'e pornoyndustry, nei't se in twa- oant trijejierrige relaasje mei de swarte Amerikaanske pornoakteur Mr. Marcus beëinige hie. Saint beskuldige Mr. Marcus derfan dat er har ferskate kearen mishannele hie. Neitiid sette se har wer yn Tsjechje nei wenjen mei har nije (Tsjechyske) freon, dy't yn 'e antykhannel siet. Saint bleau lykwols ek nei 2001 as pornoaktrise wurksum, al makke se fan dy tiid ôf benammentlik lesbyske pornografy. Yn 2006 wûn se mei in rjochtsaak tsjin in cyberkreaker de rjochten op 'e domeinnamme SilviaSaint.com. Uteinlik loek Saint har yn 2009 foargoed út 'e pornoyndustry werom.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
1996 | Penthouse (Tsjechyske edysje) | wûn | Penthouse Pet fan it Jier | n.f.t. |
1997 | AVN Award | wûn | bêste opfiering fan in striptease | n.f.t. |
CAVR Award | wûn | stjer fan it jier | n.f.t. | |
People's Choice Adult Award | wûn | bêste nije stjer | n.f.t. | |
1998 | Penthouse (Amerikaanske edysje) | beneamd | Penthouse Pet fan 'e Moanne Oktober | n.f.t. |
2000 | Hot d'Or | wûn | bêste op fiering fan in striptease | n.f.t. |
wûn | bêste byrol fan in aktrise | Le Contrat des Anges | ||
FICEB Ninfa Award | wûn | bêste lesbyske sekssêne (mei Nikki Anderson en Kate More) | Alexia and Cie | |
2004 | FICEB Ninfa Award | wûn | bêste aktrise | n.f.t. |
wûn | publykspriis foar bêste aktrise | n.f.t. | ||
2005 | Delta di Venere Award | wûn | Lifetime Achievement Award (oeuvrepriis) | n.f.t. |
2012 | AVN Award | ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Silvia Saint
- (in) Biografy en filmografy fan Silvia Saint yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Silvia Saint yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |