Sipke Hoekstra
Sipke Hoekstra (Ljouwert, 13 july 1976) is in Frysk komponist.[1]
Biografy
bewurkje seksjeSipke Hoekstra is, fia syn mem Hinke Veenstra, in pakesizzer fan de Fryske dichter Sipke Veenstra. Hy kaam as jonkje fan acht jier ta de fioele en begûn muzyk te skriuwen op syn njoggende. Doe't hy alve wie, mocht hy nei in talentklas fan it Konservatorium yn Grins, dêr't hy fioele- en pianolessen, teoryles en solfêzje, mar ek guon lessen yn komposysje krige. Hy krige as teenager ûnderfining as konsertmaster en dirigint by it Frysk Jeugd Orkest, dat guon fan syn wurken spile, en by it Opsterlands Strijkersensemble. Nei de middelbare skoalle studearre hy Klassyk Fioele (Swol) en letter Skiednis (Ryksuniversiteit Grins), mar soe yn 2006 in doktoraal behelje yn de Muzykwittenskip, oan de Universiteit fan Utert. As autodidakt hie hy yn tuskentiid al in soad muzyk skreaun, wêrûnder in symfony, twa strykkwartetten, in mis en lieten. Yn 2007 en 2008 naam hy lessen yn 16e en 17e iuwsk kontrapunt by Dr. Gert Oost silliger. Yn 2010 waard er talitten ta it Konservatorium fan Utert, wêr't hy Komposysje studearre by Caroline Ansink. Sipke Hoekstra's wurken waarden útfierd troch ferskate ensembles en wurde yn Nederlân útjûn troch Donemus, Highland Music en Intrada Music en yn België troch DMP Publishers.[2]
Prizen
bewurkje seksjeOp 28 februaris wûn it Frysk Jeugd Orkest, by de foarwedstriden fan it Nationaal Concours voor Jeugdsymfonieorkesten 2015, de Akousticum Oanmoedichingspriis foar de premiêre fan Hoekstra's symfoanysk gedicht 'Saga, soundtrack to the life of a forgotten hero.'[3] Letter, op 13 jury 2013 wûn it Frysk Jeugd Orkest, mei û.o. dat stik, de Finale van het Nationaal Concours voor Jeugdsymfonieorkesten 2015, yn de kategory 'grut symfoanysk.'[4] De finale wie yn de Doelen yn Rotterdam. Sipke Hoekstra wûn yn april 2015 ynternasjonaal brûns mei syn tredde strykkwartet 'First Movement', yn de Malta International Composition Competition 2015.[5]
Komposysjes
bewurkje seksjeSipke Hoekstra skreau in symfony, twa symfoanyske gedichten, in ûvertuere, in mis, twa kantates, trije strykkwartetten, in kwartet foar fluit, hobo, marimba en piano, lieten, in pianosonate en -suite, muzyk foar slachwurk, inventio's, fuga's en bewurkingen, mar ek ringtones en gamemuzyk.[1] In oersjoch fan de wurken fan Sipke Hoekstra fynt men op syn webside.
Oare aktiviteiten
bewurkje seksjeSipke Hoekstra is musikolooch[6] en warber as kultureel ûndernimmer, fanút syn wenplak Snits. Fierder is hy lid fan de Adviesraad van Concertzender[7] en lid fan de Fryske Rie foar Heraldyk.[8] Earder wie hy wie bestjoerslid fan 'e Zaterdagmiddagmuziek Domkerk, te Utert.[9]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|