Hinke Veenstra (Garyp, 10 oktober 1958) is in Fryske fotografe, dichter en tekstskriuwster.

Hinke Veenstra waard berne as dochter fan de Fryske skilder en dichter Sipke Veenstra (1924-2002) en Siebrigje Bos (1926-1991). Veenstra wennet yn Drachten.

Hinke Veenstra skriuwt Fryske gedichten en koarte ferhalen, mar skriuwt en ferfrysket ek berneferhalen, gauris ynspirearre troch har beppesizzers en it deistige. Har dichten besiket hja te skriuwen oer har sykjen nei de betsjutting ‘efter de dingen’. Yn har fotografy besiket hja it deistige sintraal te setten, mar dan út in net alledeistige ynfalshoeke.

Op 18 april 2015 publisearre Veenstra har debútbondel Lang om let yn Beetstersweach, in bondel mei eigen gedichten en fotografy.[1]

As tekstskriuwster hat hja Fryske sjongteksten en oersettings skreaun, lykas 'Rare Fûgel', skreaun foar it solo-album fan Jehannes Kats Veenstra, sjonger fan de Fryske Bluesband 'Healers'. Foar dy band hat hja ek twa oare nûmers skreaun.

Yn 2020 ferskynde Veenstra har twadde gedichtebondel, heit en ik, in kombinaasje fan eigen wurk en dat fan har heit [2].

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wâldnet: http://www.waldnet.nl/wn/nieuws/47972/Hinke_Veenstra_publiceert_gedichtenbundel.html
  2. Drachtster Krante, 22 july 2020