Fotografy

(Trochferwiisd fan Fotografe)

Mei fotografy is ornaris it meitsjen fan ôfbyldings troch in gemyske ynwurking fan ljocht op in plaat of film fêst te lizzen, ornearre.

Fototastel
It ûntwikkeljen fan in foto

It subjekt fotografy kin skieden wurde yn dielmêden. It gemyske part beskriuwt de film as plaat en it ûntwikkeljen fan de foto, it optyske part beskriuwt de ferskillende ûnderdielen fan de kamera. Sawol it gemyske as it optyske part sitte yn de behuzing fan de kamera. De behuzing fan de kamera kin it bêst omskreaun wurde as in kistke/doaske mei in gat deryn.

Kamera (optyske part)

bewurkje seksje

In spesjaal stik glês foar it gat fan de kast is in lins. By it meitsjen fan in foto makket de lins in lyts ôfbylding fan it objekt yn de kamera. De lins soarget foar de fokus fan it ljocht. In lins yn in kamera wurket lyksa as in lins yn in bril of fergrutglês.

It meitsjen fan in foto wurdt dien troch de sluter te iepenjen. De sluter sit foar it gat fan de behuzing en efter de lins. Troch de sluter kin der gjin ljocht yn de kamera komme. De sluter giet hiel koart iepen troch op in knop op de kamera te drukken. Yn dat lytse skoft kin ljocht yn de kamera komme. Dat lytse skoft is de sluterstiid (ek wol beljochtingstiid neamd). De sluterstiid ferskilt fan 0,001 sekonde oant in pear sekonden. Ornaris bliuwt de sluter net langer as 1 sekonde iepen.

Mei it diafragma kin de ljochtsterkte regele wurde. It diafragma sit efter de lins, mar foar de sluter. It diafragma is in ring mei in gat deryn. De grutte fan it gat yn de ring kin feroare wurde, sadat der mear of minder ljocht yn de kamera komme kin.

De foto yn in kamera kin makke wurde op in plaat as film. In digitale kamera makket gebrûk fan in spesjale elektroanyske sensor.

Fotoproses (gemyske part)

bewurkje seksje

It meitsjen fan in swart-wyt foto omklammet trije prosessen:

  1. Opname (optysk byld): It fêstlizzen fan ljocht op in film as plaat mei help fan in objektyf. De kwaliteit fan de foto is ôfhinklik fan ynstelling fan de skerpte en beljochtingstiid. Op de plaat/film wurde de ljochtferskillen fêstlein en der ûntstiet in ûnsichtbere print dy't ûntwikkele wurde kin.
  2. Negatyf (gemysk byldproses): By it negatyf proses wurdt de ûnsichtbere print omset nei in negatyf. De plaat fan sulverbromide is by de opname troch ljocht ynprinte. Troch in gemysk proses wurdt dat ferskil tusken broom en sulver grutter makke. It negatyf hat sulvergrize swartensferskillen.
  3. Postiyf (werjefte): Mei it posityf proses wurdt in foto makke fan it negatyf. Dat kin troch it negatyf boppe fotopapier te beljochtsjen. By dat proses wurdt de foto ek automatysk op in grutter as lytser papier formaat printe.

By kleurefoto's wurde oare stoffen brûkt. Dy stoffen jouwe allinnich in reaksje op bepaalde kleuren (read, grien of blau). It prinsipe is itselde as by in swart-wyt foto.

By digitale kamera's wurdt gjin film of plaat mei gemikaliën, mar in chip dy't in sinjaal jout as dêr ljocht op falt.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Fotografy – foto, fideo en harktriemmen