Emil Pfeiffer (Wiesbaden, 1 maart 1846 — dêre, 13 july 1921) wie in Dútske internist en bernearts, dy't foaral bekend is fan it beskriuwen fan de sykte fan Pfeiffer.

Emil Pfeiffer

Pfeiffer besocht it gymnasium yn Wiesbaden en studearre dêrnei genêskunde yn Bonn, Würzburg en Berlyn, dêr't er yn 1869 syn artsebul ûntfong. Yn de Frânsk-Dútske oarloch wie er legerarts, wêrnei't er yn Wiesbaden in dokterspraktyk krige. Dêr makke er namme as dokter yn de balneology, wie er dwaande mei de heilsume wurking fan it mineraalwetter út de pleatslike boarnen.
As bernedokter ferdjippe Pfeiffer him yn poppefieding en sette him yn foar it stiftsjen fan bernehûzen en berneopfang en beskreau er de nei him neamde klierkoarts: in troch it Epstein-Barrfirus feroarsake sykte fan it lymfatyske systeem.

Tusken 1887 en1905 wie er sekretaris fan it Gesellschaft für Kinderheilkunde. As ynternist publisearre er ek oer jicht (de flearen) en wie er ien fan de oprjochters, en sekretaris oant 1914, fan it yn 1882 te Wiesbaden hâlden Kongress für Innere Medizin; in jierlikse gearkomst fan de wichtichste klinisy út it Dútske taalgebiet. Oanrekommandearre troch in kollega liet de sjah fan Perzje, Muzaffer ed-din Mirza, dy't fan in slimme foarm fan jicht te lijen hie, Pfeiffer yn konsult komme.

Njonken syn medyske wurk wie Pfeiffer ek botanikus: hy kweekte ferskate seldsume planten dy't er ek skildere. Der binne yn de bibleteek fan Wiesbaden mear as 2000 akwarellen fan syn hân bewarre bleaun.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Wiesbaden als Curort. 3. druk. 1888.
  • Das Mineralwasser von Fachingen. 2., folslein bewurke oplage. Wiesbaden 1894.

Yn 1920 waard Pfeiffer earelid fan de Nassauischen Vereins für Naturkunde.

Keppeling om utens

bewurkje seksje