Shannen Doherty
Shannen Doherty (útspr.: [ˈʃænɨn ˈdoʊərti], likernôch: "sjen-nun doo-ur-ty"; folút: Shannen Maria Doherty; Memphis, 12 april 1971 - Malibu, 13 july 2024) wie in Amerikaansk aktrise, dy't as jong famke yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren al yn 'e westernsearje Little House on the Prairie spile, en yn 'e 1990-er jierren ynternasjonale bekendheid krige mei rollen yn 'e jeugdsoap Beverley Hills 90210 en de fantasysearje Charmed. Njonken har karriêre as aktrise wie Doherty ek aktyf as regisseur, tillefyzjeprodusinte, presintatrise en autobiografysk skriuwster. Hja kaam yn 2024 mei 53 jier te ferstjerren oan boarstkanker.
Shannen Doherty | ||
akteur | ||
Shannen Doherty yn 2011. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Shannen Maria Doherty | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 12 april 1971 | |
berteplak | Memphis (Tennessee) | |
stoarn | 13 july 2024 | |
stjerplak | Malibu (Kalifornje) | |
etnisiteit | Iersk Skotsk Ulstersk | |
jierren aktyf | 1981 – 2024 | |
offisjele webside | ||
www.shannen-doherty.net |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeShannen Doherty waard yn 1971 berne yn Memphis, yn 'e Amerikaanske steat Tennessee, as de dochter fan Tom Doherty, in hypteekadviseur, en dy syn frou Rosa, de eigneresse fan in skientmesalon. Oan har heite kant wie se fan Iersk komôf, en oan har memme kant hie se mingd Ingelsk-Skotsk-Ulstersk bloed. Se waard grutbrocht as lid fan 'e Súdlike Baptistekonvinsje (SBC).
Doherty wie as bern al aktyf as aktrise, mei gastroltsjes yn tillefyzjesearjes as Voyagers! en Father Murphy. Op har alfde, yn 1982, krige se in fêste rol as Jenny Wilder yn it njoggende seizoen fan 'e populêre westernsearje Little House on the Prairie. Dat hie hja te tankjen oan 'e ynfloed fan akteur/produsint Michael Landon, dy't ek de produsint fan Father Murphy wie. Doherty makke diel út fan 'e cast fan 'e rige oant dy yn 1983 beëinige waard. Ek spile se yn 'e op 'e searje basearre tillefyzjefilms Little House: Look Back to Yesterday (1983), Little House: Bless All the Dear Children (1984) en Little House: The Last Farewell (1984). Neitiid hie se gastroltsjes yn ôfleverings fan û.o. de detektivesearje Magnum, P.I. en de aksjesearje Airwolf.
Yn 1985 spile Doherty in rol yn 'e komyske jeugdfilm Girls Just Want to Have Fun, mei Helen Hunt en Sarah Jessica Parker yn 'e haadrollen. En fan 1986 oant 1988 fertolke se de rol fan 'e teenagedochter Kris Witherspoon yn 'e dramasearje Our House, oer in widdo mei twa minderjierrige bern dy't by har skoanheit ynlûkt, dy't ek widner is. Dy searje waard yn Nederlân útstjoerd troch de EO). Foar de rol fan Kris Witherspoon waard Doherty nominearre foar in Young Artist Award. Har earste grutte rol yn in spylfilm hie se yn 1989 yn Heathers.
Trochbraak
bewurkje seksjeGrutte, wrâldwide bekendheid krige Doherty troch de jeugdsoapsearje Beverly Hills, 90210, fan produsint Aaron Spelling, dy't yn 1990 úteinsette. Dêryn fertolke se fjouwer seizoenen lang, oant 1994, de rol fan 'e falske Brenda Walsh, wêrfoar't se yn 1993 in Young Artist Award wûn. Har ôfwêzigens út 'e searje soe oarspronklik mar in jier duorje, mar se kearde nea werom, en de rol fan falsk frommes waard neitiid oernommen troch Tiffani-Amber Thiessen as nijynkommeling Valerie Malone. Yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich aktearre Doherty benammentlik yn tillefyzjefilms, al hie se yn 1994 in cameo as harsels yn 'e hilaryske filmkomeedzje Naked Gun 33⅓: The Final Insult, en spile se yn 1995 ek de haadrol yn 'e spylfilm Mallrats.
Yn 1998 krige Doherty op 'e nij in haadrol yn in tige súksesfolle searje fan Aaron Spelling, diskear as Prue Halliwell, de âldste fan trije susters dy't ûntdekke dat hja heksen binne, yn 'e fantasytillefyzjesearje Charmed. Foar dy rol waard se twaris (yn 1999 en 2000) nominearre foar in Saturn Award. Njonken har aktearjen regisearre se ek in pear ôfleverings út 'e searje. Se ferliet Charmed yn 2001, oan 'e ein fan it trêde seizoen, nei't der grute wurdt om't se net mear troch ien doar koe mei har kollega Alyssa Milano, dy't Phoebe Halliwell spile, de jongste fan 'e trije susters. Har fuortgean makke de dea fan har personaazje needsaaklik, en ek de yntroduksje fan in nij, ferfangend personaazje (spile troch Rose McGowan). It hiele spul soarge boppedat foar rûzje tusken Doherty en produsint Spelling.
Lettere jierren
bewurkje seksjeYn 2003 presintearre Doherty in seizoen lang it ferburgenkameraprogramma Scare Tactics foar it Amerikaanske tillefyzjekanaal Sci Fi Channel, en fan 2006 ôf produsearre en presintearre se har eigen realitysearje, Breaking Up with Shannen Doherty. As aktrise hie se yn 2001 in cameo yn 'e filmkomeedzje Jay and Silent Bob Strike Back en fan 2004 oant 2005 in weromkearende rol as Alexandra Hudson yn 'e tillefyzjesearje North Shore. Yn 2008–2009 kearde Doherty fjirtjin jier nei dato nochris werom yn har rol fan Brenda Walsh, as spesjale gaststjer yn acht ôfleverings fan 'e nije searje 90210, in soarte fan remake fan Beverly Hills, 90210. Neffens de berjochten waard har dêr $40.000 oant $50.000 de ôflevering foar betelle.
Yn 2010 die Doherty mei oan 'e Amerikaanske ferzje fan it realitytillefyzjeprogramma Dancing with the Stars, mar waard al yn 'e twadde wike nei hûs ta stjoerd. Yn 2011 wurken sy en har ferloofde Kurt Iswarienko, mei oan it realityprogramma Shannen Says, dêr't de planning fan harren oankommende brulloft yn beljochte waard. Yn 2015 makken Doherty en har eardere Charmed-suster Holly Marie Combs in realitysearje oer in autoreis troch de súdeastlike Feriene Steaten: Off the Map with Shannen & Holly. Yn 2016 joech Doherty har yn in weromkearende rol by de cast fan 'e minysearje Heathers, dy't basearre wie op 'e film mei deselde namme dêr't se yn 1989 yn spile hie. Har rol wie dy fan 'e mem fan ien fan 'e 'Heathers' fan 'e nije generaasje.
Yn 2019 spile Doherty op 'e nij de rol fan Brenda Walsh yn 'e seisdielige minysearje BH90210, wêryn't de hiele eardere cast fan Beverly Hills 90210 wer byinoar helle waard. Itselde jier hie se in rol yn 'e film Undateable John, mei as tsjinspilers û.o. Daryl Hannah, Tom Arnold en Margaret Cho. Yn 2021 spile Doherty de rol fan brigadegeneraal Barbara Dobbs yn 'e film Fortress, mei Jesse Metcalfe, Bruce Willis, Chad Michael Murray en Kelly Greyson. Omreden fan 'e beheinings dy't fanwegen de oangeande koroanapandemy oplein wiene oan bioskoopbesyk, wie dy film mar yn in beheind tal bioskopen te sjen foar't er troch filmstudio Lionsgate Films fierder fia video-on-demand ferspraat waard. Njonken har film- en tillefyzjekarriêre wie Doherty fan 2023 oant har ferstjerren ek aktyf as podcaster mei Let's Be Clear with Shannen Doherty en House of Halliwell.
Priveelibben
bewurkje seksjeHouliken
bewurkje seksjeDoherty troude op 11 oktober 1993 mei Ashley Hamilton, de soan fan akteur George Hamilton, mar dat houlik einige yn april 1994 al yn in skieding. Se wertroude yn 2002 mei Rick Solomon, mar liet dat houlik sân moannen letter, yn 2003, annulearje. Op 5 oktober 2011 troude se foar de trêde kear, diskear mei fotograaf Kurt Iswarienko. Yn april 2023 frege Doherty op 'e nij in skieding oan, dy't yn juny 2024 hast definityf wie. Neffens de berjochten beklage Doherty har der yn juridyske dokuminten oer dat Iswarienko besocht it skiedingsproses op te rekken sadat er gjin alimintaasje hoege soe te beteljen oan 'e terminaal sike Doherty.
Skandalen
bewurkje seksjeOan skandalen ûntbriek it Doherty nea, dy't bekend stie as in bad girl. Yn har jierren yn Beverly Hills 90210 krige se yn 'e media in reputaasje fanwegen min hâlden en dragen dy't jierrenlang oan har klibjen bleau. Tusken 1992 en 1994 smulden de rabbersblêden fan oanhâldende berjochten oer heechoprinnende rûzjes op 'e set fan 'e jeugdsearje. Fral Doherty har saneamde fete mei kollega-aktrise Jennie Garth waard breed útmetten. Under har tiid yn Charmed waard it der net better op fanwegen har minne relaasje mei kollega Alyssa Milano.
Ek waard Doherty yn jannewaris 1993 oanklage troch de United Bank of California, mei't de aktrise neffens harren foar $36.000 by har yn it read stie. Yn 2001 waard Doherty feroardiele om't se mei drank op efter it stjoer siet; se krige tsien dagen finzenisstraf of tweintich dagen taakstraf mei trije jier op betingst, en dêrnjonken noch in jildboete fan $1.500.
Doherty makke it der yn it kekene Amearika net better op troch harsels trijeris neaken fotografearje te litten foar in fotoreportaazje yn it neakenblêd Playboy: earst yn desimber 1993, doe yn maart 1994 en krapoan tsien jier letter nochris yn desimber 2003.
Brân
bewurkje seksjeYn novimber 2018 baarnde de filla fan Doherty yn it Kalifornyske Malibu ôf by de Woolseybrân, in grutte natoerbrân.
Sykte en ferstjerren
bewurkje seksjeYn 2016 waard der boarstkanker by Doherty fêststeld, dat doe al útsiedde wie nei de lymfeklieren. Yn maaie fan dat jier waarden har boarsten ôfset en dêrnei ûndergie hja gemoterapy en radioterapy. Op 29 april 2017 waard se troch de dokters "skjin" ferklearre. Mar yn febrewaris 2020 makke Doherty bekend dat har sykte yn 'e rin fan 2019 wer weromkommen wie. Yn juny 2023 fertelde se dat de kanker útsiedde wie nei har harsens en dat har tastân terminaal wie, en yn novimber fan dat jier bliek it ek yn har bonken te sitten. Nei in lêste opbetterjen yn it earste healjier fan 2024 kaam Shannen Doherty op 13 july 2024 yn har hûs yn Malibu te ferstjerren yn 'e âldens fan 53 jier.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1981 | Father Murphy | Drusilla Shannon | gastrol; ôfl. By the Bear That Bit Me (diel 1 & 2) |
1982 | The Phoenix | lyts famke | gastrol; ôfl. One of Them |
1982 | Voyagers! | Betty Parris | gastrol; ôfl. Agents of Satan |
1982–1983 | Little House on the Prairie | Jenny Wilder | fêste rol yn seizoen 9 |
1983 | Little House: Look Back to Yesterday | Jenny Wilder | tillefyzjefilm |
1983 | Magnum, P.I. | Ima Platt | gastrol; ôfl. A Sense of Debt |
1984 | Little House: Bless All The Dear Children | Jenny Wilder | tillefyzjefilm |
1984 | Little House: The Last Farewell | Jenny Wilder | tillefyzjefilm |
1984 | Airwolf | Phoebe Danner | gastrol; ôfl. Bite of the Jackal |
1985 | Robert Kennedy and His Times | Kathleen Kennedy | minysearje |
1985 | The New Leave It to Beaver | Laurie | gastrol; ôfl. Steppin' Out |
1985 | The Other Lover | Alson Fielding | tillefyzjefilm |
1985 | Highway to Heaven | Shelley Fowler | gastrol; ôfl. The Secret |
1987 | Alf Loves a Mystery | de dame yn 't read | tillefyzjefilm |
1986–1988 | Our House | Kris Witherspoon | fêste rol |
1989 | 21 Jump Street | Janine | gastrol; ôfl. Things We Said Today |
1990 | Life Goes On | Ginny Green | gastrol; ôfl. Corky's Crush |
1990–1994 | Beverly Hills, 90210 | Brenda Walsh | fêste rol yn seizoen 1–4; gastrol yn ôfl. Wild Fire |
1991 | Forever Young | feestfierend famke | tillefyzjefilm |
1992 | The Secret of Lost Creek | Jeannie Fogle | minysearje |
1992 | Obsessed | Lorie Brindel | tillefyzjefilm |
1993 | Freeze Frame | Lindsay Scott | tillefyzjefilm |
1993 | Saturday Night Live | harsels | as presintatrise en yn in gastrol; ôfl. Shannen Doherty/Cypress Hill |
1994 | Blindfold: Acts of Obsession | Madeleine Dalton | tillefyzjefilm |
1994 | A Burning Passion: The Margaret Mitchell Story | Margaret Mitchell | tillefyzjefilm |
1994 | Jailbreakers | Angel Norton | tillefyzjefilm |
1996 | Gone in the Night | Cyndi Dowaliby | tillefyzjefilm |
1997 | Friends 'Til the End | Heather Romley | tillefyzjefilm |
1997 | Sleeping with the Devil | Rebecca Dubrovich | tillefyzjefilm |
1997 | The Ticket | CeeCee Reicker | tillefyzjefilm |
1998–2001 | Charmed | Prue Halliwell | fêste rol yn seizoen 1–3; regisseur ôfl. Be Careful What You Witch For, The Good, the Bad, and the Cursed en All Hell Breaks Loose |
2000 | Satan's School for Girls | Beth Hammersmith / Karen Oxford | tillefyzjefilm |
2001 | Another Day | Kate | tillefyzjefilm; ek útfierend produsinte |
2002 | The Rendering | Sarah Reynolds | tillefyzjefilm |
2002 | Hell on Heels: The Battle of Mary Kay | Lexi Wilcox | tillefyzjefilm |
2003 | Nightlight | Celeste Timmerman | tillefyzjefilm; ek bekend as View of Terror |
2003 | Scare Tactics | harsels | as presintatrise (seizoen 1) |
2004–2005 | North Shore | Alexandra Hudson | weromkearende rol; 11 ôfl. |
2005 | Category 7: The End of the World | Faith Clavell | tillefyzjefilm |
2005 | Love, Inc. | Denise Johnson | pilotôflevering; nea útstjoerd |
2006 | Breaking Up with Shannen Doherty | harsels | as presintatrise; ek útfierend produsinte |
2007 | Christmas Caper | Kate Dove | tillefyzjefilm |
2008 | Kiss Me Deadly | Marta | tillefyzjefilm |
2008 | The Lost Treasure of the Grand Canyon | Susan Jordan | tillefyzjefilm |
2008 | Defunct | Fanny Thornton | tillefyzjefilm |
2008–2009 | 90210 | Brenda Walsh | weromkearende rol yn seizoen 1; 7 ôfl. |
2009 | Encounter with Danger | Lori | tillefyzjefilm |
2010 | Dancing with the Stars | harsels | dielnimmer oan seizoen 10 |
2010 | Growing the Big One | Emma Silber | tillefyzjefilm |
2010 | The Spin Crowd | harsels | gastrol; ôfl. Should I Stay or Should I Go? |
2010 | Mari-Kari | Mari / Kari | as stimaktrise |
2011 | Les Anges de la téléréalité | harsels | Frânske realitytillefyzjesearje; spesjale gastferskining yn seizoen 3: I Love New York |
2011 | Suite 7 | Adrienne | gastrol; ôfl. Company; ek regisseur en produsinte fan 'e ôfl. Company en Captive Audience |
2012 | Witchslayer Gretl | Gretl | tillefyzjefilm |
2012 | Shannen Says | harsels | realitytillefyzjesearje oer har oankommende brulloft; ek útfierend produsinte |
2012 | The New Normal | Brenda Walsh / harsels | gastrol; ôfl. The XY Factor |
2014 | All I Want for Christmas | Brenda Patterson | tillefyzjefilm |
2014 | Blood Lake: Attack of the Killer Lampreys | Cate Parker | tillefyzjefilm |
2014 | Borgore & Sikdrope: Unicorn Zombie Apocalypse | nijslêzeresse | koarte film |
2015 | Off the Map with Shannen & Holly | harsels | realitytillefyzjesearje; ek útfierend produsinte |
2016 | Rock in a Hard Place | Janice | pilotôflevering |
2018 | No One Would Tell | Laura Collins | tillefyzjefilm |
2018 | Heathers | frou Dean / dokter Destiny | weromkearende rol; 4 ôfl. |
2019 | BH90210 | harsels / Brenda Walsh | minysearje; ek ko-produsinte |
2019 | Riverdale | strâne automobiliste | gastrol; ôfl. Chapter Fifty-Eight: In Memoriam |
2021 | Dying to Belong | Katherine | tillefyzjefilm |
2021 | List of a Lifetime | Diana Carroll | tillefyzjefilm |
films | |||
1982 | The Secret of NIMH | Teresa Brisby | as stimaktrise |
1982 | Night Shift | Bluebird | |
1985 | Girls Just Want to Have Fun | Maggie Malone | |
1989 | Heathers | Heather Duke | |
1994 | Almost Dead | Katherine Roshak | |
1994 | Naked Gun 33⅓: The Final Insult | harsels | cameo |
1995 | Mallrats | Rene Mosier | |
1997 | Nowhere | Val-Chick #2 | cameo |
1999 | Striking Poses | Gage Sullivan | |
2001 | Jay and Silent Bob Strike Back | harsels | cameo |
2010 | Burning Palms | dokter Shelly | |
2016 | Back in the Day | Maria | |
2017 | Bethany | Susan | ek filmprodusinte |
2019 | Undateable John | Charlene | |
2021 | Fortress | brigadegeneraal Barbara Dobbs | |
2022 | Hot Seat | plysjekommissaris Pam Connelly | |
2024 | Darkness of Man | Vivian | |
202? | How to Make a Deal with the Devil | de duvel | postúm útbrocht |
202? | Bukowski | de jonge Katherina Bukowski | postúm útbrocht |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Shannen Doherty
- (in) Folsleine filmografy fan Shannen Doherty yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|