Suze Broks
Suze Broks (Amsterdam, 10 augustus 1942 - dêre, 26 maaie 2017) wie in Nederlânske balletdûnseresse en aktrise.
Suze Broks | ||
akteur | ||
Suze Broks yn 1994 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 10 augustus 1942 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 26 maaie 2017 | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1959-2002 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Op har achtste (1950) gie Broks al op in klassike balletoplieding en makke se tagelyk har debút by it Scapino Ballet. As balletdûnseresse wie se yn de sechtiger jierren te sjen yn telefyzjeshows, lykas de Rudi Carrell Show. In tal jierren letter begûn se mei aktearjen. Yn 1973 wie har filmdebút yn Turks fruit, nei de roman fan Jan Wolkers.
It telefyzjepublyk kaam mei har yn de kunde yn de jierren njoggentich mei de rollen fan Maartje van Doorn yn de komeedzjerige Oppassen!!! en fan Guusje van de Wetering yn de dramasearje Vrouwenvleugel.[1]
Broks stoar nei in lang siikbêd yn de âldens fan 74 jier.
Filmografy
bewurkje seksje- Baantjer (2002) - Muoike Cor
- Vrouwenvleugel (1995) - Guusje van de Wetering
- Een galerij (1994)
- Oppassen!!! (1994) - Maartje van Doorn
- Onderweg naar Morgen (1994) - Pasjinte
- Groeten uit Tirool (1994)
- Pleidooi (1994) - Freondinne fan Nevejan
- Medisch Centrum West (1992) - Anneke de Jong
- Een hoofdstuk apart (1990) - tsjinstfaam
- Zeg 'ns Aaa (1985), (1991)
- Privé voor twee (1988) - Truus Visser
- Honneponnetje (1988)
- Dossier Verhulst (1986) - Frou Visscher
- Maria (1986) - Wil
- Moord in extase (1984) - Muoike Stien
- Bassie & Adriaan: De Huilende Professor (1982) - Gûlende frou
- Uit de wereld van Guy de Maupassant (1977) - Prostituee
- Keetje Tippel (1975)
- Turks fruit (1973)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |