</noinclude> Sietze de Groot (Weidum, 17 maaie 1917 - dêre, 19 desimber 1983)[1][2] wie in Fryske hurdrider.

Sietze de Groot
Reedrider
Sietze de Groot wûn de Alvestêdetocht fan 22 jannewaris 1942.
Sietze de Groot wûn de Alvestêdetocht fan 22 jannewaris 1942.
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 17 maaie 1917
berteplak Weidum
stjerdatum 19 desimber 1983
stjerplak Weidum
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
wichtige prestaasjes
winner Alvestêdetocht

Achtste Alvestêdetocht

bewurkje seksje

Sietze de Groot wûn de Alvestêdetocht fan 22 jannewaris 1942. Der waard ûnder goede omstannichheden riden, mar einige dochs ferkeard. Yn 't tsjuster ried it peloton earst rjochting Snits en doe nei de marren, dêr't it finaal mis gie. Hiele kloften ferdwaalden op de ûnôfsjenbere iisflakten en party favoriten waarden sa útskeakele. Sietze de Groot, in prima koartebaanrider en slachtersfeint fan Weidum, koe it paad wol. Tegearre mei Dirk de Jong fan Huzum en Jan van der Bij út it Noardhollânske Julianadorp liet hy de hiele kliber efter him en wûn op 't lêst troch syn rappe einsprint. Yn Ljouwert ried hy yn de lêste twa hûndert meter De Jong noch op 9 sekonden en Van der Bij op tsien tellen.

It slachtersfakbûn wie sa optein oer dit súkses, dat hja harren lid in telegram stjoerden mei de tekst: "Dêr sille de fegetariërs fan opsjen!"

Mar doe't de Nederlânske Feriening foar Befoardering fan it Hurdriden op redens (NVBHS) by't simmer syn bêste rider huldigje woe, mocht hy wol it boek 'Mysterieuze krachten in de sport' fan Joris van der Berg yn ûntfangst nimme, mar net de beker, dy't jierliks útrikt waard. Oarsaak: der wie in ûndersyk west nei de profstatus fan Sietze, dy't ommers om jildprizen op de koarte baan riden hie. Letter krige Sietze de beker dochs noch.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sytse de Groot overleden, Ljouwerter Krante (21 desimber 1983)
  2. Graf Sytse de Groot, graftombe.nl (rieplachte op 12 maart 2015)