Deademars fan Bataan
De Deademars fan Bataan of Bataanske Deademars de fûn yn 1942 op 'e Filipinen plak nei de trije moanne duorjende Slach om Bataan, dy't foar de striid om 'e Filipinen yn 'e Twadde Wrâldoarloch de beskiedende slach wie. Nei de oerjefte fan it Alliearde leger, dat út Amerikaanske en Filipynske troepen bestie, waarden de likernôch 72.000 oant 75.000 kriichsfinzenen twongen om nei de kriichsfinzenekampen te rinnen. De mars fan 101 kilometer tusken Mariveles en Camp O'Donnell waard letter as in Japanske oarlochsmisdie sjoen.
Foar in soad finzenen waarden de fysike mishannelingen troch de troepen fan it Japanske Keizerryk fataal. Unthalzingen, it trochsnijen fan kielen en it samar deasjitten as de kriichsfinzenen foarby rûnen, wiene de meast foarkommende misdieden. Mar ek ferkrêfting, it stekken mei bajonetten, it iepensnijen fan buken, it slaan mei gewearen en it net jaan fan iten en drinken kaam foar. It waard de kriichsfinzenen skraachwurk gund om eefkes út te rêsten op de tocht dy't in wike duorre en mei de tropyske temperatueren foar de kriichsfinzenen moardzjend wie. As immen foel wie men ta de dea feroardiele en dat gau ek as immen syn ûntefredenens utere.
It krekte deadetal as gefolch fan 'e deadetocht is ûnbekend. Der binne histoarisy dy't prate fan 6.000 oant 11.000 slachtoffers. Oaren hawwe berekkene dat sa'n 18.000 kriichsfinzenen de kampen nea berikten.
De fal fan Bataan
bewurkje seksjeNei in trije moanne duorjende slach om Bataan joegen op 9 april 1942 likernôch 75.000 alliearden ûnder generaal-majoar Edward P. King harren oan it 54.000 man sterke Japanske leger ûnder luitenant-generaal Masaharu Homma oer.
De logistike planning fan it ferfier fan 'e kriichsfizenen fan Mariveles yn 'e provinsje Bataan nei Camp O'Donnell yn 'e provinsje Tarlac waard sa'n tsien dagen foar de beslissende Japanske oanfal yn hannen lein fan generaal-majoar Yoshitake Kawane. De Japanners woene de finzenen sa gau mooglik út Bataan wei ha, sadat se harren talizze koene op 'e beslissende oanfal op Corregidor. Se hiene lykwols tocht dat de striid noch wol eefkes duorje soe en hiene op likernôch 25.000 finzenen rekkene. Dêrom wiene se mooglik net yn steat om in groep dy't trije kear sa grut wie fatsoenlik te ferfieren.
De deademars
bewurkje seksjeBy it lemieren fan 'e dei op 9 april 1942 joech generaal-majoar Edward P. King de ûnder syn befel steande alliearde troepen (66.000 Filipinen, 1.000 Sineeske Filipino's en 11.796 Amerikanen) oer oan 'e Japanners en dat die er tsjin de oarders fan 'e generaals Douglas MacArthur en Jonathan Wainwright yn. Hy frege kolonel Motoo Nakayamam oft syn úthongere en faak sike manlju goed behannele wurde soene en dy andere dêrop: "Wy binne gjin barbaren."
De tocht sette yn Mariveles oan e súdpunt fan it Bataan-skiereilân útein. Troch de minne sanitêre omstannichheden ûnderweis brieken sykten út, lykas dysentery. Fanôf Bataan moast earst 88 kilometer rûn wurde nei San Fernando yn 'e provinsje Pampanga. De finzenen waarden dêrnei mei de trein nei Capas brocht, wêrfan't it noch 13 kilometer rinnen wie nei de einbestimming: Camp O'Donnell, in konsintraasjekamp foar Amerikaanske en Filipynske kriichsfinzenen.
Fan in grut part fan 'e kriichsfinzenen waarden de meast basale needsaken en besittings ûntnadere, ear't de mars nei harren kriichsfinzenekamp begûn. Doe begûn de mear as 100 kilometer lange kuiertocht oer minne diken. Tûzenen manlju stoaren ûnderweis oan sykte, úthongering, útdroeging, in sinnestek, ûnbehannele wûnen en eksekúsjes. De finzenen krigen skraachwurk te iten of te drinken. Elkenien dy't ûnderweis mei wetter of iten fan 'e befolking holpen waard yn it sicht fan 'e bewakers, waard mishannele of fermoarde. Itselde lot stie de lokale befolking te wachtsjen dy't it oandoarsten de finzenen te helpen. De minne sanitêre omstannichheden feroarsake dysentery, dat it soad slachtoffers easke. Yn 'e tydlike kampen moasten de finzenen harren tusken de liken fan 'e ferstoarnen ophâlde. De mars waard folge troch Japanske deadseskaders, dy't efterbliuwers deasketten.
In pear kriichsfinzenen wiene sa gelokkich dat se mei de frachtwein nei San Fernando reizgje koene. Dy mannen moasten lykwols ek noch in hiel ein rinne.
Likernôch 54.000 fan 'e 72.000 finzenen hellen it kamp. Om't tûzenen manlju dochs wisten te ûntkommen, is it dreech om in krekt deadetal te bepalen. Rûsd wurdt dat 5.000 oant 10.000 Filipinos en 600 oant 650 Amerikanen op 'e tocht ferstoaren foardat se yn Camp O'Donnell oankamen.
De kriichsfinzenenkampen
bewurkje seksjeOp 6 juny 1942 krigen de Filipynske soldaten amnesty fan 'e Japanners. Hja waarden frijlitten, wylst de Amerikaanske finzenen efterbliuwe moasten. Yn 'e rin fan' e tiid waarden se oerbrocht nei kampen bûten de Filipinen. Dat proses begûn mei de deportaasje fan Amerikaanske finzenen fan Camp O'Donnell nei Cabanatuan. Dêrwei waarden se mei skippen yn minne omstannichheden nei kampen yn Japan, Koreä en Mantsjoerije brocht. Yn jannewaris 1945 waarden de lêste 511 kriichsfinzenen dy't noch yn Cabanatuan fêstsieten mei in spesjale aksje fan 'e Amerikanen befrijd. Dy aksje waard bekend as The Great Raid.
Kriichstribunaal
bewurkje seksjeNei de oerjefte fan Japan yn 1945 feroardiele in alliearde kommisje generaal Homma foar oarlochsmisdieden. Under die misdieden foelen ek de Bataanske Deademars en de dêrop folgjende misdieden yn Camp O'Donnell en Cabanatuan. De generaal, dy't yn 'e tiid fan 'e deademars him folslein wijde oan it ynnimmen fan it lêste alliearde bolwurk op 'e Filipinen (Corregidor), ferdigene him troch te sizzen dat er oant twa moannen nei deademars net wist dat it deadetal sa heech west hie. Dochs waard Homma feroardiele en op 3 april 1946 eksekutearre.
Betinkings
bewurkje seksjeDe Filipinen
bewurkje seksjeAlle jierren wurde op 9 april de finzen soldaten huldige op Araw ng Kagitingan ("Dei fan 'e Moed"), ek wol bekend as Bataan Day. Dy dei is in nasjonale feestdei op 'e Filipinen.
Feriene Steaten
bewurkje seksjeDe Bataanske Deademars wurdt alle jierren mei in mars op White Sands Missile Range betocht, krekt bûten de stêd Las Cruces yn Nij-Meksiko. Oan 'e mars fan goed 42 km dogge oant 4.000 minsken fan militêre ienheden út 'e Feriene Steaten en oare lannen mei. Guon oerlibbenen fan 'e deademars wachten eartiids de dielnimmers oan 'e ein fan 'e mars altiten op.
Yn Minnesota wurde ek alle jierren marsen organisearre ta neitins oan 'e dielnimmers fan 'e Deademars fan Bataan. De marsen fan 16 oant 32 km (10 myl oant 20 myl) wurde organisearre troch de 194e Kompanjy fan 'e Minnesota Army National Guard (dy't yn 'e hjerst fan 1941 op 'e Filipinen stasjonearre wie). Elts dy't dat wol, kin der oan meidwaan. By in slotseremoanje wurde de slachtoffers betocht.
Sûnt 1942 wurdt yn Maywood (Illinois ) op 'e twadde snein yn septimber in betinking hâlden foar de finzen soldaten út Maywood en omkriten, dy't oan 'e deademars meidiene.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|