Casablanca (film)

film út 1942 fan Michael Curtiz

Casablanca is in Amerikaanske romantyske film tsjin 'e eftergrûn fan 'e Twadde Wrâldoarloch (mar eins gjin oarlochsfilm) út 1942 ûnder rezjy fan Michael Curtiz. De haadrollen waarden fertolke troch Humphrey Bogart en de Sweedske aktrise Ingrid Bergman, ûnderstipe troch wichtige byrollen fan Claude Rains, Paul Henreid, Dooley Wilson en Conrad Veidt. De titel ferwiist nei it plak fan hanneling: de Marokkaanske stêd Kasablanka. De film waard basearre op it (doe noch) net yn produksje nommen toanielstik Everybody Comes to Rick's fan Murray Burnett en Joan Alison.

Casablanca
film
makkers
regisseur Michael Curtiz
produsint Hal B. Wallis
senario Julius J. Epstein
Philip G. Epstein
Howard Koch
basearre op Everybody Comes to Rick's fan
   Murray Burnett en Joan Alison
kamerarezjy Arthur Edeson
muzyk Max Steiner
filmstudio Warner Bros.
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Humphrey Bogart
Ingrid Bergman
byrollen Claude Rains
Paul Henreid
Dooley Wilson
Conrad Veidt
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 26 novimber 1942
foarm swart-wyt-langspylfilm
sjenre romantyske film
taal Ingelsk
spyltiid 102 minuten
budget en resultaten
budget $1.039.000
opbringst $3,7-6,9 miljoen
prizen 3 × Oscar
Dizze side giet oer de Amerikaanske film út 1942. Foar oare betsjuttings, sjoch: Casablanca#Films.

It ferhaal giet oer Rick Blaine, in Amerikaan om utens, dy't hâldt fan Ilsa Lund, in troude frou. Har man Victor Laszlo is in foaroanman fan it Tsjechoslowaakske ferset dy't op 'e flecht is foar de nazys. Yn it troch Vichy-Frankryk en syn nazy-Dútske bûnsgenoaten behearske Kasablanka komt Blaine foar de kar te stean om 'e oare kant út te sjen as Laszlo arrestearre wurdt, sadat er Ilsa foar himsels winne kin, of om Laszlo en Ilsa te helpen en ûntkom nei it neutrale Portegal.

Hoewol't der dúdlik tinkflaters yn 'e film sitte, krige Casablanca fan 'e filmkritisy yn 1942 oer it algemien positive resinsjes. De makkers beskôgen it lykwols net as in útsûnderlike produksje, en dat de film yn 1944 trije Oscars wûn (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) kaam dan ek as in ferrassing. Neitiid woeks de reputaasje fan Casablanca oanhâldend oan, en tsjintwurdich wurdt de film rûnom beskôge as in wiere klassiker en ien fan 'e bêste films aller tiden. De haadpersoanen, de titelmuzyk (As Time Goes By) en ferskate sitaten út 'e dialooch hawwe allegear ikoanyske status berikt. Yn 1989 waard Casablanca foar preservearring opnommen yn it National Film Registry.

Yn desimber 1941 is de synyske Rick Blaine, in Amerikaan om utens, eigner fan in nachtklub (en klandestyn kasino) yn Kasablanka, in stêd yn it Frânske protektoraat Marokko. Yn Rick's Café Américain, sa't de gelegenheid hjit, komme lju fan alderhanne slach gear: oerheidsfunksjonarissen fan it kollaborearjende Vichy-rezjym dat it yn in grut part fan Frankryk foar it sizzen hat, nazy-Dútske militêren, wanhopige flechtlingen út hiel Jeropa dy't fia Vichy-Frankryk en Marokko nei Portegal wolle om dêrwei de Atlantyske Oseaan oer te stekken nei Noard-Amearika, en bûsehifkers en swarthannelers dy't oan sokken fertsjinje.

Hoewol't Rick allegeduerigen úthâldt dat er, krekt as syn heitelân, neutraal is yn 'e oangeande Twadde Wrâldoarloch, is bekend dat er yn 1935 wapens smokkele nei Abessynje ûnder de Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch, wylst er yn 1936 yn 'e Spaanske Boargeroarloch as frijwilliger oan 'e Republikeinske kant focht (tsjin 'e faksisten fan generaal Franco).

De lytse krimineel Ugarte skept tsjin Rick op oer de 'brieven fan frije trochtocht' dy't er yn syn besit hat. Om't de Vichy-Frânske plysje en de nazy-Dútske militêren efter de moardners fan twa Dútske koeriers oan sitte dy't sokke brieven ûntstellen binne, konkludearret Rick dat Ugarte dêr efter sitte moat. Op fertoan fan dy brieven kinne minsken sûnder fierdere jildige identiteitspapierren fan Kasablanka nei it neutrale Portegal reizgje, en foar de yn Kasablanka gearklofte en strâne flechtlingen binne se dêrom fan ûnskatbere wearde.

Ugarte is fan doel om dêrmei yn Ricks Café Américain syn grutte slach te slaan, en Rick, dy't ommers neutraal is, fielt gjin oanstriid om him wat yn 'e wei te lizzen. Ear't er in moeting mei in potinsjele keaper hat, freget Ugarte Rick lykwols om 'e brieven foar him te bewarjen, sadat se him net sûnder betelling ûntnadere wurde kinne. Rick nimt se yn ûntfangst en ferberget se. Ugarte wurdt lykwols noch foàr syn moeting arrestearre troch de pleatslike Frânske plysje, dy't ûnder lieding stiet fan 'e iepentlik korrupte prefekt Louis Renault. Letter komt er yn finzenskip om (nei't suggerearre wurdt by ferhear troch de nazys).

De reden foar it synisme fan Rick Blaine komt oan it ljocht as Ilsa Lund, in Noarse, syn nachtklub binnenkomt. Hja ken Sam werom, Rick syn swarte pianist en freon, en freget him om (as fan âlds) it liet As Time Goes By te spyljen. As Rick dy meldij heart, stoarmet er út syn kantoar wei, poerrazen dat Sam syn opdracht yn 'e wyn slein hat om dat liet nea wer te spyljen. Hy is mei stomheid slein as er Ilsa sjocht, dy't yn 1940 yn Parys syn minneresse wie. Se hiene ôfpraat om tegearre út te naaien op 'e dei dat de Wehrmacht nei de Frânske nederlaach yn 'e Slach om Frankryk de stêd yntriek, mar se liet him sitte en briek dêrmei syn hert.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Ilsa is lykwols net allinne, mar wurdt beselskippe fan har man Victor Laszlo, in ferneamde lieder fan it Tsjechoslowaakske ferset, dy't op 'e flecht is foar de nazys en al trije kear út Dútske finzenskip ûntkommen is. Laszlo en de frou binne kommen foar de moeting mei Ugarte, mei't se ferlet hawwe fan 'e brieven fan frije trochtocht om nei Amearika te ûntkommen. Dêrwei wolle se harren krewearjen tsjin it Trêde Ryk fuortsette. De nazys hawwe majoar Strasser, in ofsier fan 'e Gestapo, efter Laszlo oan stjoerd nei Kasablanka, om derfoar te soargjen dat syn flecht dêr einiget. Let dy jûns, nei't de nachtklub ticht is, komt Ilsa allinne werom om mei Rick te praten, mar tsjin dy tiid hat er himsels bedronken. Hy wol net nei har harkje en makket har inkeld bittere ferwiten.

Mei Ugarte dea en de brieven weirekke moatte Laszlo en Ilsa wat oars betinke om fierder te reizgjen. As Laszlo by dizze en jinge neifraach docht nei de mooglikheden, heart er fan signor Ferrari, in rike en foaroansteande swarthanneler, dat Ugarte nei alle gedachten de brieven oan Rick yn bewarring jûn hat. Laszlo moetet Rick en freget ûnder fjouwer eagen oft dat wier is, wat Rick befêstiget. Hy wegeret lykwols de brieven tsjin lykfol hokker priis oan Laszlo te ferkeapjen. As dy witte wol wêrom, antwurdet Rick dat er dat syn frou mar freegje moat.

De beide mannen wurde ûnderbrutsen as Strasser en in groepke oare Dútske ofsieren Sam by de piano wei ferbalje sadat se sels mei útset lûd ûnder pianobegelieding Die Wacht am Rhein sjonge kinne, ta argewaasje fan alle oare besikers fan Rick's Café Américain. Laszlo stapt nei it hûsorkest ta en freget de muzikanten om 'e Marseillaise te spyljen. De orkestleden sjogge nei Rick, dy't knikt. Dêrop begjint it orkest dwers troch it sjongen fan 'e Dútsers hinne it Frânsk folksliet te spyljen, dat alle oanwêzige Frânsen daliks mei nasjonalistysk fjoer begjinne mei te sjongen. De dêrtroch oerstimde Dútsers falle op 't lêst stil. Om wraak te nimmen jout Strasser oan Renault oarders om Rick's Café Américain te sluten. Dyselde foldocht dêroan troch te bearen dat er krekt ûntdutsen hat dat der yn in efterseal yllegaal gokt wurdt (wêrnei't er noch gau eefkes syn eigen winst fan 'e rûlettetafel yn 'e bûse triuwt).

 
Rick Blaine (Humphrey Bogart) en Ilsa Lund (Ingrid Bergman).

Werom yn syn hotelkeamer fertelt Laszlo oan Ilsa wat Rick tsjin him sein hat. Letter dy jûns giet er nei in moeting mei it pleatslike ferset. Dêrop set Ilsa nei de no lege nachtklub ta, dêr't se Rick opsiket. Se freget him om 'e brieven fan frije trochtocht oan har en Laszlo te ferkeapjen. As er wegeret, bedriget se him mei in pistoal, mar hy daget har út om 'e trekker oer te heljen. Dat kin se net, want, sa bychtet se op, se hâldt noch altyd fan him. Ilsa leit út dat se, doe't se Rick oardel jier earder yn Parys mette, yn 'e oertsjûging ferkearde dat Laszlo omkommen wie yn in Dútsk konsintraasjekamp. Doe't se risselwearre om mei Rick út te naaien ear't de Dútsers Parys besetten, krige se lykwols berjocht dat er noch libbe en ûnderdûkt siet. Dat se koe net oars as Rick ferlitte en har wer by har man jaan. No wit se net mear wat se moat, mei't se fan harren beiden hâldt. Se seit tsjin him dat hy mar foar harren beiden tinke moat.

No't er begrypt wêrom't se him sitte litten hat, lit Rick syn bitterheid farre. Hy seit Ilsa syn help ta en praat mei har ôf dat se by him bliuwe sil as Laszlo út Kasablanka wei ûntsnapt. Fuort dêrnei dûkt Laszlo ûnferwachts op yn 'e nachtklub, nei't er mei de ober Carl ûntkommen is doe't de plysje en de Dútsers in wraam diene op 'e moeting fan it ferset. Rick lit Ilsa troch Carl temûk werombringe nei har hotelkeamer, sadat Laszlo gjin lucht kriget fan har oanwêzigens yn Rick's Café Américain. Yn it petear tusken Laszlo en Rick dat folget, besiket Laszlo Rick te bepraten om 'e brieven fan frije trochtocht te brûken om Ilsa yn feilichheid te bringen, wylst er sels efterbliuwe sil yn Kasablanka.

De oare deis wurdt Laszlo einlings oppakt troch de plysje, al stelt it fergryp dêr't de arrestaasje op basearre is, net folle foar. Rick bepraat Renault om him wer frij te litten, mei't er der sels foar soargje sil dat Renault Laszlo op 'e die trappearje kin as dy besiket de stellen brieven fan frije trochtocht te keapjen. Dat is in earnstich misdriuw, dêr't Laszlo ûnbeskate tiid foar fêstholden wurde kin. Hy leit Renault út dat er de brieven neitiid brûke sil om sels mei Ilsa nei Portegal te reizgjen en dêrwei nei de Feriene Steaten. Nei't Laszlo frijlitten is, praat Rick dy jûns mei him en Ilsa ôf.

By de moeting dy jûns besiket Renault, lykas ôfpraat, Laszlo wer te arrestearjen nei't Rick de brieven fan frije trochtocht oan him oerlange hat. Dêrop lûkt Rick in pistoal, dêr't er de prefekt mei bedriget en twingt om te helpen by de ûntsnapping fan Laszlo. Renault is him lykwols te slim ôf: ynstee dat er it fleanfjild fan Kasablanka opskillet om it fleantúch ree te meitsjen foar de ôfreis, sa't Rick him opdroegen hat, skillet er Strasser op mei it foar de majoar kryptyske boadskip dat er it fleantúch klearsette moat. Strasser begrypt dêr lykwols al út dat der wat geande is op it fleanfjild. Rick, Laszlo, Ilsa en Renault bejouwe harren nei it fleanfjild, dêr't Rick Ilsa bepraat om mei har man te gean, om't se der perfoarst spyt fan krije soe as se dat net die.

Nei't Laszlo en Ilsa oan board fan it fleantúch gien binne, komt Strasser opdaagjen, dy't besiket it tastel tsjin te kearen. Dêrop sjit Rick him dea. It fleantúch set feilich ôf nei Portegal. Ferskate plysjes komme op it lûd fan it skot ôf, mar ynstee dat Renault harren opdracht jout om Rick te arrestearjen, seit er inkeld: "Majoar Strasser is delsketten. Pak de wenstige fertochten mar wer op." De plysjes sette ôf mei it stoflik omskot fan Strasser, wêrnei't Renault tsjin Rick suggerearret dat se har mei syn beiden by de Frije Frânsen fan De Gaulle yn Brazzaville jaan kinne. Wylst se tegearre fuortstappe troch de mist, seit Rick: "Louis, it tink dat dit it begjin is fan in prachtige freonskip."

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Humphrey Bogart.
 
Ingrid Bergman.
haadrollen
personaazje                                  akteur/aktrise
Rick Blaine Humphrey Bogart
Ilsa Lund Ingrid Bergman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
prefekt Louis Renault Claude Rains
Victor Laszlo Paul Henreid
Sam Dooley Wilson
majoar Heinrich Strasser Conrad Veidt
signor Ferrari Sydney Greenstreet
Carl de ober S.Z. Sakall
signor Ugarte Peter Lorre
de bûsehifker Curt Bois
Sasha de barkeeper Leonid Kinskey
Yvonne Madeleine Lebeau
Annina Brandel (de Bulgaarske flechtlinge) Joy Page
Berger John Qualen
Emil de krûpier Marcel Dalio
Jan Brandel Helmut Dantine
Dútske bankier Gregory Gaye
Nederlânske bankier Torben Meyer
gitaarspylster Corinna Mura
Marokkaanske tapytferkeaper Frank Puglia
kolonel Heinze Richard Ryen
Abdul de útsmiter Dan Seymour
Ingelsk slachtoffer fan bûsehifkerij Gerald Oliver Smith
frou fan dy Ingelsman Norma Varden

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Preproduksje

bewurkje seksje

Casablanca waard basearre op it (doe noch) net yn produksje nommen toanielstik Everybody Comes to Rick's fan Murray Burnett en Joan Alison. It wie plotredaktrise Irene Diamond fan filmstudio Warner Bros. dy't filmprodusint Hal B. Wallis yn jannewaris 1942 beprate om foar it rekôrbedrach fan $20.000 de filmrjochten op it stik te keapjen. Doe't bliken die dat William Wyler net beskikber wie, besleat Wallis dat syn freon Michael Curtiz de ferfilming regissearje moast. Inkele bykommende sênes, wêrûnder de iepeningssêne mei de lânkaart mei it paad fan 'e flechtlingen nei Kasablanka en de bylden fan 'e Dútske ynvaazje fan Frankryk, waarden regissearre troch Don Siegel.

 
Rick Blaine (Humphrey Bogart, rj.) en signor Ferrari (Sydney Greenstreet).

Yn 't earstoan waarden de bruorren Julius J. en Philip G. Epstein ynset om it toanielstik om te wurkjen ta in senario, mar nettsjinsteande ferset fan 'e studio dêrtsjin ferlieten dy begjin 1942 de produksje om yn Washington, D.C. foar de Amerikaanske oerheid te wurkjen oan 'e rige propagandafilms Why We Fight fan Frank Capra. Howard Koch sette harren wurk oan Casablanca fuort oant se in foech moanne letter weromkamen.

De opnamen foar Casablanca setten op 25 maaie 1942 útein en duorren oant 3 augustus fan dat jier. De kamerarezjy wie dêrby yn 'e hannen fan Arthur Edeson.

Hoewol't de film spilet yn Marokko, koe dêr op dat stuit fansels net filme wurde. (Nei alle gedachten wie dat trouwens ek net dien as dat wol kinnen hie, mei't men yn 'e 1940-er jierren noch wend wie om films foar it meastepart yn 'e studio op te nimmen.) Sadwaande waard Casablanca hast hielendal filme yn 'e Warner Bros. Studios yn Burbank (Kalifornje), útsein wat argyfbylden fan Parys en de lêste sêne op it fleanfjild fan Kasablanka, dy't opnommen waard op it Fleanfjild Van Nuys yn 'e Los Angelynske wyk Van Nuys.

De sênes fan Casablanca waarden op gronologyske folchoarder filme, wat foar films ûngewoan is. De reden dêrfoar wie dat it senario noch mar foar de helte ôf wie doe't de opnamen begûnen.

 
De titel fan Casablanca.

Postproduksje

bewurkje seksje

Yn 'e postproduksje waard de filmmontaazje dien troch Owen Marks, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Max Steiner. De hiele film koste $1.039.000 om te meitsjen ($75.000 oer it budget hinne). Dat wie mear as dat de measte films doedestiden kosten, mar ek wer net útwrydsk folle mear.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Casablanca waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 26 novimber 1942 yn New York yn premiêre. De postproduksje fan 'e film waard in haastput om't de studio profitearje woe fan Operaasje Torch, de ynfal troch de Alliëarden yn Marokko en Algerije, en de dêrmei mank geande befrijing fan Kasablanka. Op 23 jannewaris 1943 iepene Casablanca yn 'e Amerikaanske bioskopen

Yn Ierlân waard Casablanca op 19 maart 1943 ferbean om't it fertoanen fan 'e film de neutraliteit fan it lân oantaaste soe, yn acht nommen dat yn 'e film Vichy-Frankryk en nazy-Dútslân yn "in sinister ljocht" ôfskildere waarden. Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch kaam de film yn juny 1945 dochs noch yn 'e Ierske bioskopen, mar dêrfoar moast der likegoed in stik útknipt wurde om 'e sensuer tefreden te stellen: yn 'e dialooch tusken Rick en Ilsa mocht gjin inkele ferwizing, hoe bedutsen ek, nei mooglike oerhoer fan Ilsa mei Rick sitte.

Yn West-Dútslân brocht Warner Bros. yn 1952 in yn it Dútsk neisyngronisearre ferzje fan Casablanca út, dy't suver ûnwerkenber feroare wie. Alle sênes mei nazys wiene fuortknipt, krekt as de measte ferwizings nei de Twadde Wrâldoarloch. Troch de neisyngronisearring fan 'e dialooch wie men by steat in folslein nij ferhaal te fertellen: Victor Laszlo wie no net mear in fersetsman op 'e flecht foar de nazys, mar in Noarske atoomûndersiker dy't efterfolge waard troch Interpol nei't er út 'e finzenis ûntsnapt wie. Dy ferzje wie troch alle geknip 25 minuten koarter as de oarspronklike film. Pas yn 1975 waard der in Dútsk neisyngronisearre oarspronklike ferzje fan 'e film útbrocht.

 
De haadpersoanen yn Casablanca: f.l.n.rj. Victor Laszlo (Paul Henreid), Ilsa Lund (Ingrid Bergman), Louis Renault (Claude Rains) en Rick Blaine (Humphrey Bogart).

Yn 'e 1980-er jierren waard Casablanca útbrocht as keapfideo op VHS en Betamax. De earste dvd-edysje fan 'e film ferskynde yn 1998, en de earste blu-ray-edysje kaam yn 2008 út. De soundtrack fan Casablanca waard pas foar it earst op 14 oktober 1997 yn 'e foarm fan in muzykalbum útbrocht troch platemaatskippij Rhino Records.

Historisiteit en flaters yn 'e film

bewurkje seksje

Der sitte yn Casablanca ferskate dingen dy't yn wurklikheid oars wiene as de film se foarstelt. It wichtichste datoangeande is dat yn Kasablanka ûnder de Twadde Wrâldoarloch nea Dútske militêren legere wiene. Ek de útspraak fan Louis Renault dat hy derby wie doe't Amerikaanske troepen yn 1918 Berlyn besetten, hat gjin inkele feitlike basis om't dat simpelwei nea bard is. En de flechtrûte foar lju dy't út Jeropa wei woene, dy't neffens de film fan Vichy-Frankryk fia Oran yn Algerije en Kasablanka yn Marokko nei Lissabon yn it neutrale Portegal late en dêrwei oer de Atlantyske Oseaan nei de Feriene Steaten, hat nea sa bestien, al wist de technysk adviseur fan 'e film, in Robert Aisner, as ien fan 'e inkelingen blykber al op dy manear fuort te kommen. In folle, folle mear brûkte rûte wie lykwols fia Wenen, Praach, Parys en Ingelân, en letter oer de Pyreneeën nei Spanje en Portegal.

Fierders befettet Casablanca inkele steurende tinkflaters, dy't in beproeving troch de logika net trochstean kinne. De "brieven fan frije trochtocht" dy't de lju dy't se besitte tasteane om Vichy-Frankryk en syn koloanjes te ferlitten, binne neffens Ugarte yn 'e film ûndertekene troch Charles de Gaulle. Dat wie lykwols de foaroanman fan it regear-yn-ballingskip fan 'e Frije Frânsen, dat op foet fan oarloch ferkearde mei it kollaborearjende rezjym yn Vichy. In brief ûndertekene troch De Gaulle soe yn it troch Vichy behearske Marokko dus earder in reden foar arrestaasje west hawwe as dat men der frij de grins mei oerstekke koe. Yn 'e Frânsk neisyngronisearre ferzje fan 'e film is de tekst dêrom feroare fan De Gaulle yn Weygand, in generaal dy't foar Vichy it tafersjoch oer de Noardafrikaanske koloanjes hie.

 
Humphrey Bogart en Ingrid Bergman yn Casablanca.

In oar punt dat net doocht oan 'e film, is dat Laszlo úthâldt dat de nazys him yn Kasablanka net arrestearje kinne. Hy seit: "Dit is noch altyd ûnbeset Frankryk; in skeining fan 'e neutraliteit soe weromslaan op prefekt Renault." De foaroansteande Amerikaanske filmkritikus Roger Ebert skreau dêroer: "It slacht nearne op dat er dêr frij omrinne koe. […] Hy soe [yn it echt] fuortendaliks oppakt wurden wêze, sadree't se him gewaarwaarden."

Fan 'e filmkritisy krige Casablanca yn 1942 oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Bosley Crowther yn The New York Times dat it in film wie dy't "de rêchbonke tintelje en it hert opspringe lit." Hy priizge de "slûchslimme draaiïngs yn 'e plot" en de kombinaasje fan "sentimint, humor en oandwaanlikens mei […] melodrama en […] yntriizje." It tydskrift Variety hie lof foar de "kominaasje fan treflike aktearprestaasjes, in oangripend ferhaal en in knaphandige rezjy" en it "ferskaat oan toansettings, aksje, detektive, komeedzje en drama". Ek foar Humphrey Bogart en Ingrid Bergman as de haadrolspilers wie der oer it algemien lof. Ien fan 'e útsûnderings wie it tydskrift The New Yorker, dat Casablanca net better beoardiele as "best te ferdragen", en hawwe woe dat it "Across the Pacific, Bogart syn lêste spionaazjefilm, net belykje [koe]."

Hoewol't Casablanca dúdlik in A-film wie mei earsteklas senarioskriuwers en filmstjerren dy't harren reputaasje al fêstige hiene, ferwachte by Warner Bros. foarôf net ien dat de film it better dwaan soe as de hûnderten oare gewoane films dy't yn 1942 troch de filmyndustry fan Hollywood produsearre waarden. De belangstelling dy't de film yn 'e bioskopen belibbe, wie goed, mar net útsûnderlik. Dat Casablanca bekroane waard mei trije Oscars, kaam dan ek as in folsleine ferrassing. Sûnt de 1940-er jierren is de reputaasje fan Casablanca en de dêrmei mank geande populariteit fan 'e film inkeld fierder oanwoeksen. Tsjintwurdich wurdt Casablanca sjoen as in wiere filmklassiker en ien fan 'e bêste films aller tiden. Yn 1989 wie it ien fan 'e earste 25 films dy't troch de Library of Congress útornearre waarden foar preservaasje yn it National Film Registry, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Casablanca in tige heech, amper noch te ferbetterjen goedkarringspersintaazje fan 99%, basearre op 91 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "As in ûnbekreaud masterwurk en miskien wol de definitive útspraak fan Hollywood op it mêd fan leafde en romantyk is [de film] meitiid inkeld better wurden, mei karriêrebeslissende optredens fan Humphrey Bogart en Ingrid Bergman." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Casablanca sels in goedkarringspersintaazje fan 100%, basearre op 18 resinsjes.

 
Rick Blaine (Humphrey Bogart yn 'e sêne op it fleanfjild.

Casablanca brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $3,7 miljoen (neffens Warner Bros.) oant $6,9 miljoen op (neffens Variety). Ofset tsjin it budget fan goed $1 miljoen betsjut dat in winst fan $2,7 oant 5,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Sûnt 1942 hat de film troch oare foarmen fan ferkeap bûten de bioskopen om al withoefolle kearen syn produksjekosten weromfertsjinne.

Om't Casablanca yn jannewaris 1943 foar it algemien publyk yn 'e bioskoop kommen wie (en net yn novimber 1942, doe't de premiêre holden waard), koe de film pas yn 1944 meitingje nei de Oscars. Dêrby waard Casablanca nominearre yn acht kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Humphrey Bogart), bêste byrol fan in akteur (Claude Rains), bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje en bêste filmmuzyk. De film wûn de prizen foar bêste film, bêste rezjy (Michael Curtiz) en bêste senario (Julius J. Epstein, Philip G. Epstein en Howard Koch).

Ferfolgen, remakes en adaptaasjes

bewurkje seksje

Suver fan it momint ôf dat dúdlik waard hoefolle súkses Casablanca hie, wie der praat fan it meitsjen fan in ferfolchfilm. Ferskate plannen waarden dêrfoar makke, mar dy't waarden nea yn 'e praktyk brocht. It bekendste fan dy ideeën wie in film dy't Brazzaville komme moatte soe te hjitten, nei de stêd yn 'e Frânske Kongo dy't Renault oan 'e ein fan Casablanca neamt as mooglik taflechsoard foar himsels en Rick, no't de grûn harren yn Kasablanka te hjit ûnder de fuotten wurden is. Dy film waard yn preproduksje nommen, mar kaam nea fierder as dat.

 
Paul Henreid yn Casablanca.

Mei in remake fan Casablanca is it likemin ea wat wurden. Yn 1974 waard de Frânske regisseur François Truffaut útnûge om sa'n film te meitsjen, mar dyselde betanke daliks foar de ear, omreden fan 'e cultstatus dy't Casablanca doe al berikt hie. Films dy't letter besochten mei in oar ferhaal en in oare eftergrûn dochs de 'magy' fan Casablanca op 'e nij te fangen, lykas Caboblanco (1980) en Havana (1990), flopten yn 'e bioskoop.

It ferhaal fan Casablanca waard neitiid wol adaptearre ta oare media. Sa waarden der yn 1943 en 1944 fjouwer ûnderskate harkspullen op 'e film basearre, wêrfan ien op 26 april 1943, as ûnderdiel fan 'e searje The Screen Guild Theater, mei Humphrey Bogart, Ingrid Bergman en Paul Henreid yn deselde rollen dy't se ek yn 'e film fertolke hiene.

Foar de tillefyzje waarden twa minysearjes op basis fan 'e film makke, ien yn 1955, foar ABC, en ien yn 1983, foar NBC.

In 'ferboeking' mei as titel As Time Goes By, fan Michael Walsh, waard yn 1998 formeel autorisearre troch Warner Bros. In eardere ûnautorisearre roman, Suspects, fan David Thomson, út 1985, wie in ferfolch op 'e film.

 
Ingrid Bergman yn Casablanca.

Everybody Comes to Rick's, it oarspronklike toanielstik dêr't Casablanca op basearre is, waard yn augustus 1946 foar it earst op 'e planken brocht yn Newport (Rhode Island) en yn april 1991 nochris yn Londen, mar net ien fan beide ferzjes wie súksesfol. Senarioskriuwer Julius J. Epstein besocht twaris om 'e film te adaptearjen ta in Broadway-musical, yn 1951 en 1967, mar net ien fan beide kearen krige er de hannen dêrfoar opinoar.

Casablanca is sa'n filmklassiker, dat ferskate sitaten út 'e dialooch yn it Ingelske taalgebrûk opnommen binne. Dêrby giet it om "Here's looking at you, kid," de útspraak fan Rick Blaine as er Ilsa Lund ta toast, en om "We'll always have Paris", eat dat Rick tsjin Ilsa seit as se ôfskie nimme op it fleanfjild. Dat is tsjintwurdich wat dat sein wurdt as men bedoelt: "We hawwe yn elts gefal de oantinkens noch." In trêde sitaat dat sterk mei Casablanca assosjearre wurdt, is "Play it again, Sam!" Dy wurden wurde lykwols yn 'e film eins net sprutsen. Ilsa seit tsjin pianist Sam: "Play it once, Sam, for old times sake", en as er beart dat er net wit wat se bedoelt: "Play it Sam. Play As Time Goes By." Letter, as Rick en Sam allinne yn 'e klub efterbleaun binne, seit Rick: "You played it for her, you can play it for me", en: "If she can stand it, I can! Play it!"

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.