Ingrid Bergman, (Stockholm, 29 augustus 1915Londen, 29 augustus 1982) wie in Sweedsk aktrise. Ien fan har ferneamdste rollen wie dy fan Ilsa yn de film Casablanca (1942) mei as tsjinspiler Humphrey Bogart.

Ingrid Bergman
akteur
Bergman yn in tydskrift út 1945
Bergman yn in tydskrift út 1945
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ingrid Bergman
nasjonaliteit Sweedsk
berne 29 augustus 1915
berteplak Stockholm
stoarn 29 augustus 1982
stjerplak Londen flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
jierren aktyf 1932-1982

Bergman ferlear op jonge leeftiid har beide âlden en waard troch famyljeleden grutbrocht. Se studearre oan de Keninklike Teäterskoalle yn Stockholm en har earste rol wie yn de Sweedske film Munkbrogreven (1934). Nei njoggen films yn Sweden gie se yn 1938 nei Dútslân, dêr't se in kontrakt tekene mei de UFA foar trije films. Allinne de earste, Die vier Gesellen, waard echt makke. Dêrnei sette se ôf nei de Feriene Steaten, nei alle gedachten foar har man Petter Aron Lindström. Se makke dêr namme troch in rol yn de film Intermezzo (1939).

Yn 1949 bloeide op de set fan Stromboli it kontakt mei Roberto Rossellini op ta in affêre. Trochdat se beide boaske wiene, waard de relaasje, wêrby't se ek swier waard, in skandaal wêrûnder har karriêre hast beswiek. Nei de berte fan harren poppe (Renato), boaske it stel. Bergman waard ek noch mem fan de twilling Isabella Rossellini (aktrise) en Isotta Rossellini.

Yn 1978 spile se yn Ingmar Bergmans Herfstsonate. Se sprúts floeiend meardere talen, wêrûnder Sweedsk, Dútsk, Frânsk, Ingelsk en Italiaansk.

Se ferstoar oan kanker op har jierdei yn 1982 yn de âldens fan 67-jier en waard kremearre yn Sweden.

 
Ingrid Bergman 14 jier.
Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1932 Landskamp Famke dat wachtet yn de rige Net neamd
1935 Munkbrogreven Elsa Edlund
Bränningar Karin Ingman
Swedenhielms Astrid
Valborgsmässoafton Lena Bergström
1936 På solsidan Eva Bergh
Intermezzo Anita Hoffman
1938 Dollar Julia Balzar
Die Vier Gesellen Marianne Kruge
En Kvinnas ansikte Anna Holm / Anna Paulsson
1939 En enda natt Eva Beckman
Intermezzo: A Love Story Anita Hoffman
1940 Juninatten Kerstin Norbäc / Sara Nordanå
1941 Adam Had Four Sons Emilie Gallatin
Rage in Heaven Stella Bergen Monrell
Dr. Jekyll and Mr. Hyde Ivy Peterson
1942 Casablanca Ilsa Lund
1943 For Whom the Bell Tolls María
1944 Gaslight Paula Alquist
1945 Spellbound Dr. Constance Petersen
Saratoga Trunk Clio Dulaine
The Bells of St. Mary's Sister Mary Benedict
1946 Notorious Alicia Huberman
1948 Arch of Triumph Joan Madou
Joan of Arc Jeanne d'Arc
1949 Under Capricorn Lady Henrietta Flusky
1950 Stromboli Karin
1952 Europa '51 Irene Girard
1954 Viaggio in Italia Katherine Joyce
La Paura Irene Wagner
Giovanna d'Arco al rogo Giovanna d'Arco
1956 Elena et les hommes Elena Sokorowska
Anastasia Anna Koreff / Anastasia
1958 Indiscreet Anna Kalman
The Inn of the Sixth Happiness Gladys Aylward
1961 Twenty-Four Hours in a Woman's Life Clare Lester Telefyzjefilm
Goodbye Again Paula Tessier
Auguste Cameoverschijning
1963 Hedda Gabler Hedda Gabler Telefyzjefilm
1964 The Visit Karla Zachanassian
The Yellow Rolls-Royce Gerda Millett
1967 Stimulantia Mathilde Hartman
1969 Cactus Flower Stephanie Dickinson
1970 Walk in the Spring Rain Libby Meredith
1973 From the Mixed-Up Files of Mrs. Basil E. Frankweiler Mevrouw Frankweiler
1974 Murder on the Orient Express Greta Ohlsson
1976 A Matter of Time Gravin Sanziani
1978 Höstsonaten Charlotte Andergast
1982 A Woman Called Golda Golda Meïr Telefyzjefilm


 
Cary Grant en Ingrid Bergman yn Notorious (1946)
Jier Groep Priis Wûn? Film/Spul
1944 Academy Award Best Actress[1] Nee For Whom the Bell Tolls
1945 Academy Award Best Actress Ja Gaslight
Golden Globe Best Actress - Motion Picture
1946 Academy Award Beste Actress Nee The Bells of St. Mary's
Golden Globe Beste Actress - Motion Picture Ja
NYFCC Award Best Actress Ja
Spellbound
1947 Tony Award Best Performance by a Leading Actress in a Play Ja Joan of Lorraine
1949 Academy Award Beste Actress Nee Joan of Arc
1956 NYFCC Award Best Actress Ja Anastasia
1957 Academy Award
Golden Globe Beste Motion Picture Actress - Drama
1958 NBR Award Beste Actress Yes The Inn of the Sixth Happiness
1959 BAFTA Beste Foreign Actress Nee
Golden Globe Beste Motion Picture Actress - Drama Nee
Beste Motion Picture Actress - Comedy/Musical Indiscreet
1960 Emmy Award Outstanding Lead Actress in a Miniseries or Movie Ja Turn of the Screw
1961 Emmy Award Outstanding Lead Actress in a Miniseries or Movie Nee 24 Hours in a Woman's Life
1970 Golden Globe Beste Motion Picture Actress - Musical/Comedy Nee Cactus Flower
1975 Academy Award Best Supporting Actress Ja Murder on the Orient Express
BAFTA
1976 César Award Honorary Award Ja
1978 NBR Award Best Actress Ja Höstsonaten
NYFCC Award
1979 Academy Award Best Actress Net
Golden Globe Beste Motion Picture Actress - Drama
NSFC Award Beste Actress Jawol
1982 Emmy Award Outstanding Lead Actress in a Miniseries or Movie Ja A Woman Called Golda
1983 Golden Globe Beste Actress in a Mini-series or Motion Picture Made for Television

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. In 1944, Bergman's best friend Jennifer Jones won the Academy Award for Beste Actress for her work in The Song of Bernadette. Jones apologized to Bergman, who replied, "No, Jennifer, your Bernadette was better than my Maria." Jones presented the Best Actress Oscar the following year to Bergman for Gaslight. Source:Gary Moody, All the Oscars: 1943. the OscarSite.com - A celebration of all things Oscar. Oproppen op 10 desimber 2006.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ingrid Bergman fan Wikimedia Commons.