Interpol is de bynamme fan in ynternasjonale plysjetsjinst dy't him taleit op it bestriden fan ynternasjonale misdie troch it befoarderjen fan 'e gearwurking tusken nasjonale, regionale en pleatslike plysjekorpsen út ferskillende lannen. De wiere namme fan 'e organisaasje is Ynternasjonale Resjerzje Organisaasje (Ingelsk: International Criminal Police Organisation, ôfkoarte ta ICPO; Frânsk: Organisation Internationale de Police Criminelle, ôfkoarte ta OIPC). De oantsjutting 'Interpol' waard troch de organisaasje yn 1946 oannommen as tillegrafysk adres en yn 1956 as gebrûksnamme.

Interpol
algemiene ynformaasje
namme folút International Criminal Police
   Organisation
ôfkoarting ICPO-INTERPOL
lân gjint (ynternasjonaal)
haadkertier Lyon (Frankryk)
oprjochte 1923
doel befoardering fan gearwurking
   tusken plysjetsjinsten út
   ferskillende lannen
wurknimmers 756 (haadkantoar, 2013)
jierliks budget 113 miljoen
offisjele webside
www.interpol.int

Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw waard ferskate kearen besocht om 'e ynternasjonale gearwurking fan plysjetsjinsten te formalisearjen, mar dat rûn yn 't earstoan hieltyd op 'e non. Sa mislearre it Earste Ynternasjonale Resjerzje Kongress fan Monako yn 1914, om't it organisearre wie troch rjochtsgelearden ynstee fan plysjeminsken, wylst de Ynternasjonale Plysje Konferinsje yn New York, yn 1922, te min ynternasjonale belangstelling loek.

Yn 1923 slagge in nij inisjatyf op it Ynternasjonale Resjerzje Kongres yn Wenen wol. Dêrút resultearre nammentlik de oprjochting, datselde jiers, fan 'e Ynternasjonale Resjerzje Kommisje (International Criminal Police Commission, ICPC), de direkte foargonger fan wat letter Interpol wurde soe. Oprjochtsjende lidsteaten fan 'e ICPC wiene: Belgje, Dútslân, Eastenryk, Egypte, Frankryk, Grikelân, Hongarije, Itaalje, Joegoslaavje, Nederlân, Poalen, Roemeenje, Sina, Sweden en Switserlân. It Feriene Keninkryk sleat him yn 1928 by de organisaasje oan, en de Feriene Steaten diene datselde yn 1938, hoewol't se al nei it kongres fan 1923 in waarnimmer ôffurdige hiene.

Om't de ICPC yn Wenen fêstige wie, kaam de organisaasje nei de Anschluß fan Eastenryk by nazy-Dútslân yn 1938 ûnder de kontrôle fan 'e nazys. Fan gefolgen loeken de measte lidsteaten har yn 'e folgjende jierren út 'e organisaasje werom. Fan 1938 oant en mei de simmer fan 1945 wiene efterinoar Otto Steinhäusl, Reinhard Heydrich, Arthur Nebe en Ernst Kaltenbrunner presidint fan 'e ICPC. Alle fjouwer wiene dat generaals fan 'e SS. Heydrich waard yn 1942 troch it Tsjechyske ferset by in moardoanslach út 'e wei romme. Kaltenbrunner wie de heechste SS-ofsier dy't nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch by de Prosessen fan Neurenberch ta de deastraf feroardiele waard.

 
It haadkantoar fan Interpol yn Lyon.

Yn it neijier fan 1945 waard de ICPC troch Belgje, Denemark, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Noarwegen en Sweden weroprjochte as de Ynternasjonale Resjerzje Organisaasje (ICPO). It haadkertier kaam yn 'e Frânske haadstêd Parys te stean. Neitiid waard it yn 1967 ferpleatst nei de Paryske foarstêd Saint-Cloud, en yn 1989 waard in nij haadkertier yn Lyon yn gebrûk nommen. Yn 1946 naam de ICPO de oantsjutting 'Interpol' oan as tillegrafysk adres, en yn 1956 ek as gebrûksnamme.

Yn jannewaris 2008 tsjinne de Súdafrikaanske presidint fan Interpol, Jackie Selebi, syn ûntslach yn doe't er yn beskuldiging steld waard foar korrupsje. Hy waard yn july 2010 troch in gerjochtshôf yn Johannesburch feroardiele foar it oannimmen fan in omkeapsom ter wearde fan 156.000 fan in drugssmokkelder. It amt fan presidint fan Interpol waard nei Selebi syn ûntslach tydlik waarnommen troch de Sileen Arturo Herrera Verdugo, oant yn oktober 2008 de Singapoerees Khoo Boon Hui as Selebi syn opfolger oansteld wurde koe. Yn 2012 waard de Fransêze Mireille Ballestrazzi oansteld as de earste froulike presidint fan Interpol.

Yn novimber 2016 waard Meng Hongwei, in politikus út 'e Folksrepublyk Sina, keazen ta presidint fan Interpol. Tagelyk waard Aleksander Prokoptsjûk, in Rus, beneamd ta fise-presidint fan Interpol foar de Jeropeeske Sône. Yn 'e Westerske wrâld late dat ta de frees dat Interpol brûkt wurde soe as ferlingstik fan 'e diktatoriale regearings yn 'e heitelannen fan Meng en Prokoptsjûk, nammentlik troch polityk motivearre ynternasjonale arrestaasjebefellen út te furdigjen tsjin dissidinten en oare politike tsjinstanners.

 
Meng Hongwei, de 28e presidint fan Interpol, waard yn 2018 by in besyk oan Sina oppakt op beskuldiging fan korrupsje.

It wie de bedoeling dat Meng oant en mei 2020 presidint fan Interpol bliuwe soe, mar ein septimber 2018 ferdwûn er ûnder, yn 't earstoan, mysterieuze omstannichheden by in besyk oan famylje yn Sina. De Sineeske plysje brocht letter út dat Meng oppakt wie op beskuldiging fan omkeaping, as ûnderdiel fan in grutskalige korrupsjebestridingskampanje. Op 7 oktober 2018 makke Interpol bekend dat Meng syn amt mei direkte yngong dellein hie, en dat it bestjoer oer de organisaasje tydlik waarnommen wurde soe troch Kim Jong Yang út Súd-Koreä, de fise-presidint foar de Aziatyske Sône. Op 21 novimber keas de algemiene gearkomste fan Interpol Kim om it restant fan Meng syn termyn út te tsjinjen, by in ûnlijige sitting wêryn't beskuldigings oan it adres fan 'e tsjinkandidaat, de Rus Prokoptsjûk, utere waarden dat dy Interpol inkeld brûkt hie om 'e fijannen fan it Russyske regear it libben soer te meitsjen.

Interpol hat as primêre taak om 'e ûnderlinge gearwurking te fasilitearjen tusken plysjetsjinsten út ferskillende lannen. As útfloeisel fan dy doelstelling hâldt de organisaasje him dwaande mei de bestriding fan misdriuwen as misdieden tsjin 'e minsklikheid, oarlochsmisdieden, genoside, terrorisme, minskehannel, minskesmokkel, drugshannel, drugssmokkel, bernepornografy, berneprostitúsje, wapensmokkel, yllegale keunsthannel, miljeumisdriuwen, cybercrime, it wytwaskjen fan swart jild, korrupsje, bankfraude en ynbrek op auteursrjochten. Ek bestriidt Interpol de organisearre misdie yn bredere sin, en helpt de organisaasje by it opspoaren fan fermiste persoanen en de identifikaasje fan bûtenlânske slachtoffers fan ûngelokken sawol as misdriuwen.

Om 'e politike neutraliteit fan Interpol te garandearjen is yn it hânfêst fan 'e organisaasje in strang ferbod opnommen oangeande bemuoienis mei kwestjes op it mêd fan polityk, militêre oangelegenheden, religy of rasiale saken. Likemin mei Interpol partij wurde yn in skeel dat mei sokke kwestjes fan dwaan hat. Dat ferbod waard foarhinne sa serieus nommen dat Interpol oant yn 'e 1980-er jierren net helpe woe by de opspoaring en ferfolging fan nazy-oarlochsmisdiedigers, mei't dat as in 'politike' saak sjoen waard.

Oars as dat yn wurken fan fiksje gauris foarsteld wurdt, is Interpol net in boppenasjonale plysjetsjinst mei it rjocht om oer de hiele wrâld fertochten te efterfolgjen en op te pakken. Krektoarsom: Interpol hat nearne it rjocht om op eigen manneboet arrestaasjes te dwaan. Ynstee is it in organisaasje dy't poer rjochte is op it helpen fan nasjonale, regionale en pleatslike plysjetsjinsten as dy te meitsjen krije mei ynternasjonale misdie. Dy help nimt benammen de foarm oan fan assistinsje op it mêd fan kommunikaasje en tagong ta databases. Om in foarbyld te jaan: as de FBI yn 'e Feriene Steaten by in ûndersyk ûntdekt dat in fertochte de wyk nommen hat nei Itaalje, kin der tiid fergriemd wurde mei it kontakt lizzen mei de Italjaanske Polizia di Stato, om't de FBI de kennis net paraat hawwe sil by wa't se dêr krekt wêze moatte. Ek kin it wêze dat dat se yn sa'n gefal hielendal net by de Polizia di Stato wêze moatte, mar dat de saak ta de jurisdiksje fan 'e Carabinieri heart. Om sok útgesyk foar te kommen, nimt de FBI yn sa'n gefal simpelwei kontakt op mei it buro fan Interpol yn Itaalje, dat krekt wit by hokker plysjetsjinst en by hokker kontaktpersoan binnen dy tsjinst oft men wêze moat.

Behalven troch as tuskenpersoan te fungearjen, ûnderstipet Interpol ynternasjonale plysje-ûndersiken ek troch it oanlizzen en byhâlden fan databases dy't de bewegings fan fertochten en sochte kriminelen oer de hiele wrâld yn kaart bringe troch it sammeljen fan fingerôfdrukken, foto's, bylden fan bewekkingskamera's en DNA-meunsters. Ek stelt Interpol listen op fan sochte persoan en oare saken. De Interpol-list fan ferlerne en stellen paspoarten en oare reisdokuminten allinnich al telt mear as 12 miljoen lemma's. Soksoarte ynformaasje wurdt op it haadkertier fan Interpol, yn Lyon, ek brûkt om trends oangeande misdie te analysearjen. Troch in kodearre kompjûternetwurk dat bekendstiet as I-24/7 hawwe Interpol-aginten oer de hiele wrâld fjouwerentweintich oeren deis tagong ta de databases fan 'e organisaasje.

 
Lânkaart fan 'e wrâld mei de lidsteaten fan Interpol yn blau en net-lidsteaten yn read.

Nasjonale plysjetsjinsten kinne by Interpol in fersyk yntsjinje om in ynternasjonaal opspoaringsbefel tsjin in beskate persoan útgean te litten. Yn 2013 waard sa'n fersyk troch Interpol 13.637 honorearre, wêrfan 8.857 kear as in saneamde red notice, wêrby't it gie om tige gefaarlike persoanen of om saken dy't om in oare reden driuwend fan aard wiene. Yn 2008 wiene der noch 4.596 red notices en yn 2003 noch mar 2.037. Yn 2013 wiene der yn totaal 52.880 jildige opspoaringsbefellen fan Interpol yn omrin.

As der in ynternasjonale ramp, terroristyske oanslach of moard plakfynt, kin Interpol in saneamd Incident Response Team (IRT) stjoere, dat in breed skala oan kennis en teffens tagong ta de databases fan 'e organisaasje biedt. Soks kin helpe by de identifikaasje fan 'e slachtoffers, de identifikaasje fan 'e mooglike dieders en it trochjaan fan relevante ynformaasje oan bûtenlânske plysjetsjinsten dy't dêr belang by hawwe. Yn 2013 waard acht kear san IRT ynset.

Organisaasje-opbou

bewurkje seksje

Anno 2019 binne 181 ûnderskate lannen lid fan Interpol. Dat is frijwol de hiele wrâld. As lêste lân waard yn septimber 2017 de Salomonseilannen talitten, tagelyk mei Palestina, dat in steat mei beheinde ynternasjonale erkenning is. Ferskate ôfhinklike territoaria hawwe fierders de status fan 'sub-buro', wat betsjut dat se falle ûnder in nasjonaal buro fan Interpol yn ien fan 'e lidsteaten. Gebieten mei sa'n sub-burostatus binne: Amerikaansk-Samoä, Anguilla, Bermuda, de Britske Famme-eilannen, Gibraltar, Hongkong, de Kaaimaneilannen, Makau, Montserrat, Porto Riko en de Turks- en Kaikoseilannen.

Algemien erkende lannen dy't (anno 2019) net lid binne fan Interpol, binne Mikroneezje, Noard-Koreä, Palau en Tûvalû. Steaten mei beheinde erkenning dy't gjin lid binne fan Interpol, binne Abgaazje, Kosovo, Noard-Syprus, Súd-Osseesje, Taiwan en de Westlike Sahara.

It haadkantoar fan Interpol is sûnt 1989 fêstige yn Lyon, yn Frankryk, dat tagelyk funksjonearret as regionaal buro foar Jeropa. Dêropta ûnderhâldt de organisaasje sân oare regionale buro's, yn Buenos Aires, San Salvador, Yaoundé, Abidjan, Nairobi, Harare en Bangkok. It oarspronklike Kommando- en Koördinaasjesintrum fan Interpol is ek fêstige yn it haadkantoar yn Lyon, mar yn 2011 waard in twadde iepene yn Buenos Aires, en yn 2014 folge in trêde yn Singapoer. Fierders hat Interpol in ferbiningskantoar yn De Haach foar gearwurking mei it dêr fêstige Europol, in soartgelikense organisaasje dy't liëarre is oan 'e Jeropeeske Uny. Yn 2004 waard fierders in spesjale fertsjintwurdiging iepene by de Feriene Naasjes yn New York, en yn 2009 folge in twadde spesjale fertsjintwurdiging by de Jeropeeske Uny yn Brussel.

Budget en personiel

bewurkje seksje

Interpol hat in jierliks budget fan omtrint 113 miljoen (anno 2017), dat foar it meastepart gearbrocht wurdt út 'e kontribúsjebetellings fan 'e 181 lidsteaten. De rest (yn 2013 26%) komt fan skinkings troch stiftings en bedriuwen. Yn 2013 hie it haadkantoar fan Interpol yn Lyon in stêf fan 756 minsken, dy't ôfkomstich wiene út hûndert ferskillende lidsteaten.

 
In Interpol-identiteitskaart.

Nettsjinsteande it feit dat de politike neutraliteit fan Interpol fêstlein is yn it hânfêst fan 'e organisaasje, kriget Interpol noch gauris krityk fanwegen it fasilitearjen fan politik motivearre arrestaasjebefellen. De lannen dy't dêrfoar it meast misbrûk fan Interpol meitsje, binne: Sina, Ruslân, de Feriene Arabyske Emiraten, Bachrein, Iraan, Turkije, Kazachstan en Wyt-Ruslân.

Yn 2008 wiisde de Hege Kommisariaat foar de Flechtlingen, dat ûnderdiel útmakket fan 'e Feriene Naasjes, op gefallen wêrby't erkende flechtlingen en asylsikers arrestearre wiene op fersyk fan Interpol, op basis fan arrestaasjebefellen dy't yntsjinne wiene troch harren heitelân omreden fan politike aktiviteiten. Ek de Parlemintêre Assimblee fan 'e Organisaasje foar Feilichheid en Gearwurking yn Jeropa (OSCE) klage dêroer op 'e sittings fan 2010, 2012, 2013 en 2014. Yn sokke gefallen gie it bgl. om 'e Russyske aktivist Petr Silajev, de Amerikaanske sakeman Bill Browder (in lûdroftich tsjinstanner fan 'e Russyske presidint Vladimir Pûtin), de Wytrussyske politikus Ales Michalevitsj en de Oekraynske politikus Bohdan Danylysjyn.

Yn 2015 analysearre de Open Dialogue Foundation, in non-profitorganisaasje dy't him ynset foar de minskerjochten, 44 polityk motivearre arrestaasjebefellen dy't fia Interpol ferspraat wiene. Dêrút kaam nei foarren dat ferskate persoanen dy't polityk asyl krigen hiene yn lannen yn Jeropa of Noard-Amearika, om't se yn harren heitelân ûnrjochtlik ferfolge waarden, noch altyd op 'e opspoaringslist stiene. Foarbylden wiene de Russyske sakeman Andrej Borodin, de Tsjetsjeenske aktivist Arbi Bûgajev, de Kazachske opposysjelieders Mûchtar Abljazov en Artoer Trofimov, en de Srylankaanske sjoernalist Chandima Withana. Guon erkende flechtlingen bliuwe sels op 'e Interpol-list stean nei't rjochtbanken yn 'e lannen dêr't se ferbliuwe, wegere hawwe om harren út te leverjen oan 'e diktatueren dêr't se wei komme, lykas Pavel Zabelin, in tsjûge yn it proses fan 'e Russyske sakeman Michail Chodorkovsky, en Aleksander Pavlov, de earder liifwacht fan 'e Kazachske opposysjelieder Mûchtar Abljazov.

Interpol hat guon fersiken ta útfurdiging fan in ynternasjonaal arrestaasjebefel erkend as polityk motivearre. Foarbylden fan sokke gefallen binne de saken fan 'e Yndonezyske aktivist Benny Wenda, de Georgyske âld-presidint Micheil Saakasjvili en de Hondoereeske âld-presidint Manuel Zelaya. Dy persoanen binne dan ek fan 'e opspoaringslist fan Interpol ôffierd. Yn it meastepart fan 'e gefallen lûkt Interpol lykwols pas in red notice tsjin in flechtling yn neidat de diktatuer dy't ta de útfurdiging fan it ynternasjonaal arrestaasjebefel fersocht hat, de strafsaak ôfsletten of de sochte persoanen amnesty ferliend hat. Dat wie bygelyks sa yn 'e saken fan 'e Russyske aktivisten Petr Silajev, Denis Solopov, en Aleksej Makarov en yn it gefal fan 'e Turkske sosjologe en feministe Pinar Selek.

List fan sekretarissen-generaal fan Interpol

bewurkje seksje
perioade namme nasjonaliteit
19231946 Oskar Dreßler   Eastenryk
19461951 Louis Ducloux   Frankryk
19511963 Marcel Sicot   Frankryk
19631978 Jean Népote   Frankryk
19781985 André Bossard   Frankryk
19852000 Raymond Kendall   Feriene Keninkryk
20002014 Ronald Noble   Feriene Steaten
2014–........ Jürgen Stock   Dútslân

List fan presidinten fan Interpol

bewurkje seksje
perioade namme nasjonaliteit
19231932 Johann Schober   Eastenryk
19321934 Franz Brandl   Eastenryk
19341935 Eugen Seydel   Eastenryk
19351938 Michael Skubl   Eastenryk
19381940 Otto Steinhäusl   nazy-Dútslân
19401942 Reinhard Heydrich   nazy-Dútslân
19421943 Arthur Nebe   nazy-Dútslân
19431945 Ernst Kaltenbrunner   nazy-Dútslân
19451956 Florent Louwage   Belgje
19561960 Agostinho Lourenço   Portegal
19601963 sir Richard Jackson   Feriene Keninkryk
19631964 Fjalar Jarva   Finlân
19641968 Firmin Franssen   Belgje
19681972 Paul Dickopf   West-Dútslân
19721976 William Leonard Higgitt   Kanada
19761980 Carl Persson   Sweden
19801984 Jolly Bugarin   Filipinen
19841988 John Simpson   Feriene Steaten
19881992 Ivan Barbot   Frankryk
19921994 Norman Inkster   Kanada
19941996 Björn Eriksson   Sweden
19962000 Toshinori Kanemoto   Japan
20002004 Jesús Espigares Mira   Spanje
20042008 Jackie Selebi   Súd-Afrika
2008 (waarnimmend) Arturo Herrera Verdugo   Sily
20082012 Khoo Boon Hui   Singapoer
20122016 Mireille Ballestrazzi   Frankryk
20162018 Meng Hongwei   Sina
2018–........ Kim Jong Yang   Súd-Koreä

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.