Harare
Harare (oant 1982 Salisbury) is de haadstêd fan Simbabwe. De stêd hie yn 2002 sa'n 1,4 miljoen ynwenners en de stedekloft hie sa'n 2,8 miljoen minsken. Harare is de grutste stêd fan it lân en it politike en ekonomysk sintrum; it is in hannelssintrum foar tabak, mais, katoen en sitrusfruchten. Teffens wurdt dêr tekstyl, stiel en gemikaliën makke. Yn de omkriten leit in goudmyn. Harare leit op 1.483 meterhichte en hat in myld klimaat.
Harare | ||
Bestjoer | ||
Lân | Simbabwe | |
Provinsje | Harare | |
Boargemaster | Bernard Manyenyeni (2013 -) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.606.000 (2009) | |
Oerflak | 872 km² | |
Befolkingsticht. | 2.540 km² | |
Stêdekloft | 1.619.00 (2013) | |
Hichte | 1490 m | |
Oar | ||
Stifting | 1890 | |
Koördinaten |
| |
Offisjele webside | ||
www.hararecity.co.zw |
Yn Harare sit de Universiteit fan Simbabwe, de grutste universiteit yn it lân.
Skiednis
bewurkje seksjeDe stêd waard stifte troch de Ingelsen yn 1890. It wie doe allinne in fort foar de Pioneer Column, in striidmacht oprjochte troch Cecil Rhodes, de stifter fan Rodeesje. De stêd hie oarspronklik de namme Fort Salisbury, nei de markys fan Salisbury, dy't op dat stuit premier fan Ingelân wie. Letter waard de namme ynkoarte ta Salisbury. Salisbury waard in gemeente yn 1897 en in stêd yn 1935. It wie de haadstêd fan de Federaasje fan Rodeesje en Nyasalân fan 1953 oant 1963. Dêrnei bleau it de haadstêd fan Súd-Rodeesje en yn 1965 de haadstêd fan Rodeesje ûnder premier Ian Smith. Sûnt is Salisbury útgroeid tan in moderne stêd.
Doe't Robert Mugabe yn 1980 oan it bewâld kaam woe er de Europeeske namme kwyt en dat waard in feit op 18 april 1982. De betocht it lân it twadde jier fan de stifting fan Simbabwe.
Tsjintwurdich hat Harare frijwat te lijen ûnder it bewâld fan Robert Mugabe. Lânûnteigning fan de blanke boeren hat in ekonomyske delgong feroarsake. Iepenbiere tsjinsten lizze folslein stil. Ek de poltike situwaasje is net stabyl; de keazen ried hat dien krige en is ferfongen troch in ried fan neifolgers fan Mugabe. Maaie 2005 liet it Simbabwaansk regear alle earme foarstêden sûnder earst te warskôgjen ôfbrekke, de saneamde Operaasje Murambatsvina. Dit waard skerp feroardiele yn de wrâld. De regering woe hawwe dat der sa in ein oan de earmoed makke wurde koe, mar faaks wie it earder te dwaan om minsken dy't de opposyske stipen de mûle te snuorjen (plannen foar nijbou wiene der bygelyks net).
Stedsbyld
bewurkje seksje-
Anglikaanske katedraal
-
Afrikaansk Ienheids Plein (earder Cecilplein)
-
First Street
-
By de parlemintsgebouwen
-
Sintraal stasjon Harare
-
Eastgate centre
-
Salisbury yn 1930
Berne yn Harare
bewurkje seksje- Glen Salmon (24 desimber 1977), fuotballer
- Cara Black (17 febrewaris 1979), tennisster
- Brian Dzingai (29 april 1981), sprinter
- Kirsty Coventry (16 septimber 1983), swimster
- Cephas Chimedza (5 desimber 1984), fuotballer
- Rachel Klamer (5 oktober 1990), Nederlânsk triatlete en duatlete
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Harare fan Wikimedia Commons. |