David Ogden Stiers
David Allen Ogden Stiers (Peoria, Illinois, 31 oktober 1942 – Newport, Oregon, 3 maart 2018) wie in Amerikaansk komyk en akteur.
David Ogden Stiers | ||
akteur | ||
Stiers yn M*A*S*H | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 31 oktober 1942 | |
berteplak | Peoria | |
stoarn | 3 maart 2018 (75 jier) | |
stjerplak | Newport | |
jierren aktyf | 1971–2017 | |
prizen | TV Land Impact Award (2009) | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl Stiers |
Wurkpaad
bewurkje seksjeStiers hie al tal fan rollen yn ûnder mear Broadwayproduksjes efter de rêch ear't er bekend waard as majoar Charles Emerson Winchester III yn M*A*S*H (131 ôfleveringen, 1977-1983). Ek fan syn rol as ofsier fan justysje Michael Reston, dy't er tusken 1986 en 1988 yn in protte Perry Mason-films spile, wied er frijwat bekend.
Hy spile ek faak lytse rollen yn films fan Woody Allen en krige dêrfoar in betreklik heech plak yn de ôftiteling.
Tusken 2002 en 2007 wie er te sjen as predikant Gene Purdy yn The Dead Zone en as lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen Sam Greene yn North and South. Fierders hie er in protte gastrollen yn populêre tf-searjes lykas Murder, She Wrote, Matlock, Alf, Kojak, en Charlie's Angels. Ek spile er mei yn guon films, lykas Doc Hollywood (1991), mei Michael J. Fox.
Op 3 maart 2018 stoar Stiers yn de âldens fan 75 jier thús yn Newport (Oregon) oan de gefolgen fan blaaskanker.[1]
Filmografy
bewurkje seksjeSjoch David Ogden Stiers op nl:
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory David Ogden Stiers fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|