Heinze Bakker
Heinze Bakker (It Hearrenfean, 2 maart 1942[1][2] - Leusden, 16 april 2021)[3][4] wie in Frysk sportferslachjouwer.[1][2] Hy wie yn dy hoedanichheid aktyf fan 1966 oant 2005,[1] en wurke yn dy tiid foar efterinoar de RONO, de NCRV, de AVRO en de NOS.[1] Bakker waard benammen bekend as kommentator by it hurdriden, hoewol't er ek oare sporten fersloech, lykas tennis, hurdfytsen en skûtsjesilen.[1] Syn hannelsmerk wie it praten yn moaie lange folsinnen.[1] Hy gie eins yn 2002 mei pinsjoen,[1][2] mar wurke neitiid noch trije jier lang op parttimebasis troch.[1] Ek siet Bakker doe ferskate jierren yn it bestjoer fan it Keninklik Nederlânsk Reedrydbûn KNSB.[1][2]
Heinze Bakker | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Heinze Bakker yn 1978. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Heinze Bakker | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 maart 1942[1][2] | |
berteplak | It Hearrenfean[1] | |
stoarn | 16 april 2021[3][4] | |
stjerplak | Leusden (Utert)[3] | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sportferslachjouwer, presintator | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | RONO, NCRV, AVRO, NOS[1] | |
bekend fan | Studio Sport | |
jierren aktyf | 1966 – 2005[1] | |
prizen | Parsepriis fan de Nederlânske Sportuny 1977-1978 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeBakker waard yn 1942 berne[1][2] yn it sikehûs op It Hearrenfean,[1] mar hy groeide op as boeresoan op 'e pleats Kerkzicht, in pear hûndert meter benoarden it tsjerkje fan Koartsweagen.[5] Nei't er de HBS yn Drachten folge hie, ferhuze Bakker mei santjin jier nei Grins, dêr't er úteinsette mei in stúdzje ekonomy.[1] Yn Grins kaam er lykwols fia studinteferiening Bernlef[1] yn 'e kunde mei Johannes Spieksma, dy't sjef by de RONO wie, de doetiidske regionale omrop foar East- en Noard-Nederlân. Dyselde liet Bakker in stimtest dwaan. Doe't it resultaat posityf wie, briek Bakker syn oplieding ôf en kaam er op 28 july 1966 yn 'e tsjinst by de RONO.[6]
Sjoernalistike karriêre
bewurkje seksjeBy de RONO fersoarge Bakker op tiisdei- en freedtejûn út Grins wei it Fryske nijs op 'e radio.[boarne nedich] Sûnt 1969 wied er einredakteur/presintator by it Frysktalige programma fan 'e RONO, dat útstjoerd waard út Ljouwert wei.[1] Hy wie ek geregeldwei te beharkjen by it ferslach fan 'e gearkomsten fan 'e Steaten fan Fryslân, it skûtsjesilen en it wyklikse sportprogramma.[boarne nedich] Yn 1970 ynterviewde Bakker bygelyks fuotballer Abe Lenstra ta gelegenheid fan dy syn fyftichste jierdei. Hoewol't Lenstra doe al jierren yn Ynskedee wenne, woed er beslist dat it fraachpetear yn it Frysk holden waard.[1]
Om't Fryslân him te lyts en it wurk him te foarsisber wie, stapte Bakker yn 1974, doe't er dêrfoar de kâns krige, oer fan 'e RONO nei de NCRV.[1][2] Hy wie fiif jier lang sjef sport by de NCRV-radio, en teffens einredakteur by de Sportshow, op sneon, dy't er ek sels presintearre, tegearre mei Anneke van der Stroom. Dat radioprogramma gie benammen oer it Nederlânske sneonsfuotbal, en it waard al rillegau it bêst beharke programma fan it lân.[1]
Yn deselde tiid wurke Bakker ek út en troch foar it radioprogramma Langs de Lijn, fan 'e NOS, dêr't de omroppen om bar ferslachjouwers foar oanleveren.[1] Doe't er ris ynfoel foar in siik wurden kollega, ûntstie der grutte opskuor, want dat wie op snein, en NCRV-wurknimmers waarden achte de rêstdei yn eare te hâlden. Bakker hie net tocht dat der in hoanne nei kraaie soe, en it wie by in wedstryd fan Cambuur yn Ljouwert, sadat er it putsje moai mei famyljebesite yn Fryslân kombinearje koe, mar de moandeis stie der in artikeltsje yn it Algemeen Dagblad mei de kop "NCRV-verslaggevers Nu Ook Actief op Zondag". By de NCRV seine fuortendaliks 28 minsken har lidmaatskip op. Bakker moast fan 'e omroplieding al dy lju in brief skriuwe. Hy lei dêryn út dat er syn "kristenplicht ferfolle hie" troch in sike kollega te helpen.[1]
Doe't de NCRV yn 1979 by de Sportshow, nettsjinsteande it oanhâldende súkses fan dat programma, de stekker derút loek om't Hilversum 3 in radiostjoerder foar de jongerein wurde moast, gie Bakker lulk by de NCRV wei.[1] Neitiid wurke er inkele jierren foar de AVRO, dêr't er de legindaryske Dick van Rijn opfolge as sjef sport by it programma AVRO's Sportpanorama.[1] Yn 1981 koed er by de NOS oan it wurk, dêr't er foar Studio Sport in breed ferskaat oan sporteveneminten fersloech, yn 't earstoan allinnich op 'e radio, mar al rillegau ek op 'e tillefyzje.[1] Neist de presintaasje fan reguliere útstjoerings die Bakker yn 'e folgjende tweintich jier foar Studio Sport ferslach fan mear as 60 ynternasjonale hurdrydkampioenskippen, 25 Grand Slam-tennistoernoaien, 11 edysjes fan 'e Olympyske Spullen en 8 edysjes fan 'e Omgong fan Frankryk.[1] Behalven hurdriden, tennis en hurdfytsen fersloech er alderhanne oare sporten, mar hast nea fuotbal, mei't dy redaksje by Studio Sport al grôtfol siet.[1]
Bakker wurke foar it ferslach fan 'e Omgong fan Frankryk gear mei Theo Koomen en Hans Prakke,[1] en letter by it hurdriden mei û.m. Mart Smeets.[1] Mei sjoernalist en kenner fan it maratonriden Hylke Speerstra fersoarge Bakker fierders it kommentaar by de Trettjinde Alvestêdetocht fan 1985 en de Fjirtjinde Alvestêdetocht fan 1986.[1] Doe't yn 1996 de Fyftjinde Alvestêdetocht holden waard, wurke Bakker ûnderwilens efter de skermen, as einredakteur en oplieder fan jong talint.[1] Yn 2000 woe Bakker in ein breidzje oan syn karriêre as sportferslachjouwer mei it iennichste Grand Slam-toernoai dêr't er noch nea ferslach fan dien hie: it Australian Open yn Melbourne. Dat gie lykwols oer om't sawol syn dochter as syn skoandochter útrekkene wiene yn it wykein fan 'e finales.[1] In jier letter krige er dochs noch it winske ôfskie, en koed er mei de frou ôfreizgje nei Austraalje.[1] Neitiid gie Bakker yn 2002 formeel mei pinsjoen, mar oant en mei 2005 wied er noch op parttimebasis as oplieder fan nije meiwurkers fan Studio Sport aktyf.[1]
Bestjoersfunksjes
bewurkje seksjeNei't er syn wurkpaad as sportferslachjouwer beëinige hie, ferfolle Bakker ferskate bestjoersfunksjes.[1] De wichtichste dêrfan wie syn foarsitterskip fan it seksjebestjoer maratonriden fan it Keninklik Nederlânsk Reedrydbûn KNSB.[1][2] Letter waard er lid fan it haadbestjoer fan 'e KNSB, en teffens wied er lid fan it bestjoer fan 'e Nederlânske Sport Parse (NSP).[1]
Priveelibben
bewurkje seksjeBakker troude yn 1966 mei Metsje Koldijk, de dochter fan in feekeapman en slachter út Aldeboarn.[1] Mei har krige er twa bern: Jochem (1968) en Mariëtte (1969).[1] De earste jierren fan syn houlik wenne Bakker mei de húshâlding yn Oentsjerk.[1] Yn 1974 ferhuze it gesin nei Leusden, by Amersfoart, dêr't Bakker en de frou sûnt altyd wenjen bleaune.[1] Yn 'e hûs waard lykwols altyd Frysk praat mei de bern,[1] in feit dêr't soan Jochem, dy't letter hûsdokter yn Grou waard, noch altyd profyt fan hat.[1] Dochter Mariëtte wurket anno 2019 as sjoernaliste by de krante De Stem, yn Noard-Brabân.[1] Bakker en de frou hiene fjouwer pake- en beppesizzers.[1]
Yn 2015 waard by Bakker de sykte fan Parkinson fêststeld doe't er muoite mei fytsen krige.[1] Neitiid boaze dat stadich fierder oan. Under in fakânsje op 'e Kanaryske Eilannen koed er ynienen it kaaike fan 'e hierauto net mear omdraaie yn it slot.[1] Yn in fraachpetear yn desimber 2019, mei de Ljouwerter Krante, fertelde Bakker dat er hieltyd mear dingen net mear koe, te begjinnen mei autoriden, mar ek it spyljen fan bridge, dat jierrenlang in leafhawwerij fan him en syn frou wie.[1] Nei syn pinsjonearring joech Bakker noch geregeldwei lêzings oer de sportsjoernalistysk, bgl. by iisklubs. De lêste kear slagge it him lykwols net mear om yn kontakt te kommen mei it publyk, wat ek in gefolch wie fan syn Parkinson, dy't gesichtsmimyk ferdwine lit.[1]
Yn 2017 ûntdiek Bakker dat er ek oanhelle wie mei termkanker, mar de sitewaasje mei dy sykte wie ein 2019 stabyl.[1] Yn 'e simmer fan 2019 waard Bakker samar ynienen dôf oan syn lofterear.[1] Yn it ynterview mei de Ljouwerter Krante wegere er lykwols om 'e moedfearren hingje te litten; hy sei oer syn sûnensswierrichheden: "Ik haw der wol hinder fan, mar ik kin der goed mei omgean. [...] It is wat it is en we moatte it der mar mei dwaan."[1]
Ferstjerren
bewurkje seksjeBakker kaam op 16 april 2021 thús yn Leusden, yn 'e âlderdom fan 79 jier, te ferstjerren.[3]