Marijetsjerke (Koartsweagen)

(Trochferwiisd fan Tsjerke fan Koartsweagen)

De Marijetsjerke is de eardere herfoarme tsjerke yn Koartsweagen by De Gordyk.

Marijetsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
plak Koartsweagen
adres De Leijen 29
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1797
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31852
offisjele webside
Stifting Alde Fryske Tsjerken

De tsjerke waard yn 1797 as in ienfâldige sealtsjerke mei in trijesidich koer boud op it plak fan de midsiuwske Marijekapel. De midsiuwske tsjerke waard yn 1723 troch Jacobus Stellingwerf as in goatysk tsjerke sûnder toer mei in klokkestoel foar de klokken tekene. By de restauraasje fan de jierren 1980 binne mûontsestiennen fûn dy't nei alle gedachten fan de âlde tsjerke ôfkomstich wiene.

Nei de reformaasje foarme Koartsweagen mei Langsweagen en Lippenhuzen ien tsjerklike gemeente. Mei de groei fan De Gordyk yn de 17e iuw en de bou fan in tsjerke dêr foarme Koartsweagen in kombinaasje mei De Gordyk. Yn 1854 kaam der in ein oan de bân mei Langsweagen, wylst Lippenhuzen al yn de earste helte fan de 17e iuw in selsstannige gemeente woarn wie. De Marijekapel krige yn 1649 brânskildere ramen, mar yn de 18e iuw rekke de kapel brekfallich en folge lang om let de ôfbraak. De nije tsjerke waard in ienfâldich sealtsjerke sûnder toer mei yn wjerskanten fan it skip rûnbôgeramen mei blinen. Fanwegen de blinen is it mooglik dat ek de nijbou fan 1797 noch brânskildere ramen hân hat.

De klokkestoel mei de twa âlde klokken bleau ynearsten noch stean, mar nei't ek dy brekfallich waard foel it riedsbeslút om de klokkestoel te slopen. Net elk wie it dêr mei iens en guon ynwenners besochten de ôfbraak oant by de Deputearre Steaten tefoarren te kommen, mar it slagge harren net om it beslút fan tafel te krijen.

Mei de ferkeap fan ien fan de twa klokken (dy't alletwa in Marijemonogram hawwe) koe der yn 1894 in ferbouwing útfierd wurde, dy't de tsjerke it tsjintwurdige oansjen jout. De tsjerke krige in sierlike tagong en in tuorke, dêr't de net-ferkochte klok yn ophongen waard. De ferkochte klok út de 12e iuw is hjoeddedei yn it klokkenmuseum fan Asten (Noard-Brabân) te sjen en heart ta de âldste klokken fan it lân.

 
It Harmoanium achter it skynfront

Healwei de 19e iuw makket Koartsweagen him tsjerklik los fan De Gerdyk en wurdt it in selsstannige gemeente. In iuw letter wurdt de tsjerklike gemeente fan Koartsweagen wer gearfoege mei dy fan De Gerdyk en oant de bou fan de Ontmoetingskerk bleau it tsjerkje yn gebrûk fan de gemeente. De tsjerke rekke nei't de nijbou yn 1972 yn gebrûk nommen waard yn ferfal en is in pear jier letter oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Yn it koer stiet in ienfâldige preekstoel, dy't foar in part (klankboerd) mooglik noch let-18e iuwsk is en foar in part let-19e iuwsk. Oan wjerskanten fan de preekstoel steane hearebanken foar de diakony en tsjerkfâlden, dy't mooglik yn it ramt fan de bou fan de tsjerke makke binne. Dat jildt ek foar de gewoane banken, dy't by de ferbouwing tsjin it ein fan de 19e iuw nochris oanpast binne mei nije wangen.

De westlike galerij ûntstie by de ferbouwing fan 1894. Te sjen is dêr dat it tuorke dwers troch it dak boud is en dêr rêst op twa pylders fan getten izer. Yn it midden springt de oargelgalerij nei foaren, dy't ek rêst op pylderkes fan getten izer. In piipoargel untbrekt. Ynstee dêrfan hat de tsjerke in harmoanium, dy't achter in houten skynfront stiet.

De ferkochte klok spile in rol yn de foarstelling "De klok moat werom" fan it Iepenloft Musical Theater De Gordyk 2018.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: