Fjirtjinde Alvestêdetocht

De Fjirtjinde Alvestêdetocht wie de fjirtjinde offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 26 febrewaris 1986. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. De winner wie Evert van Benthem út Sint-Janskleaster, dy't ek de Trettjinde Alvestêdetocht fan 1985 al op syn namme skreaun hie, mei in tiid fan 6 oeren en 55 minuten. Fluchste frou wie Tineke Dijkshoorn-Olsthoorn fan Schipluiden, mei in tiid fan 7 oeren, 55 minuten en 30 sekonden.

Fjirtjinde Alvestêdetocht
De rûte fan 'e 14e Alvestêdetocht (mei de klok mei)
De rûte fan 'e 14e Alvestêdetocht (mei de klok mei)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 26 febrewaris 1986
evenemint Alvestêdetocht
edysje 14
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Fer. De Fryske Alve Stêden
winner(s) Evert van Benthem
winnende tiid 6:55:17 oeren
tal dielnimmers 317 wedstrydriders
16.999 toerriders
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

Organisaasje en omstannichheden

bewurkje seksje

Tusken de Tolfde Alvestêdetocht fan 1963 en de Trettjinde Alvestêdetocht fan 1985 siet in gat fan 22 jier. Nimmen ferwachte dan ek dat der in jier letter, yn 1986, alwer in Alvestêdetocht holden wurde kinne soe, mar dochs wie dat sa. Nei in wat wifkjende kwakkelwinter begûn it yn 'e twadde helte fan febrewaris noch hurd te friezen. It bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden û.l.f. foarsitter Jan Sipkema besleat de Fjirtjinde Alvestêdetocht út te skriuwen foar 26 febrewaris. Nei alle omtinken dat it evenemint it foargeande jiers yn 'e media krigen hie, wie de belangstelling foar startkaarten oerweldigjend. Der moast lotte wurde om't it iis fan 'e rûte oars nea alle gadingmakkers hâlde kinne soe. De deis fan 'e tocht wiene der geunstige waarsomstannichheden, wylst it iis hurd en glêd wie, hoewol op plakken mei skuorren deryn en mei moude oerstood.

 
Grutte tarin op 'e ynskriuwing foar de Fjirtjinde Alvestêdetocht yn 1986.

Oan 'e wedstryd fan 'e Fjirtjinde Alvestêdetocht diene 317 reedriders mei. De start fûn om 5.00 oere moarns yn 'e Fryslânhal yn Ljouwert plak, wêrnei't de dielnimmers earst 1.750 m drave moasten om 'e Swettehaven te berikken. Pas dêr koene de redens ûnderbûn wurde. Jan van Capelle wie it earst op it iis, mar Wim Westerveld fan Eemnes en Theun Busser fan Utert rieden it earst oer De Swette fuort yn 'e rjochting fan Snits. Al rillegau foel it grutte peloton útinoar yn in stikmannich ûnderskate groepen.

It waard lykwols pas spannend by it trajekt tusken Starum en Hylpen, dêr't him in fjouwermans kopgroep foarme, besteande út Jan Kooiman fan Ammerstol, Hans Bouma fan Dronten, Marten Hoekstra, de Nederlânske kampioen maratonriden by de senioaren, en Wout de Vries. Trochdat de mannen goed gearwurken en der amper reäksje fan efterfolgers kaam, wisten se in foarsprong fan fiif minuten op te bouwen. Dizze kopgroep lei foaroan by trochkomst yn Warkum en Boalsert en by de klúnplakken yn 'e Harnzerfeart by Kimswert, en behold syn foarsprong ek yn Harns.

Flak foar Frjentsjer waard it kwartet lykwols byhelle troch in fiiftal efterfolgers, besteande út Albert Bakker fan Grins, Rein Jonker fan Wytgaard, Robert Kamperman fan Almeare, Nanne Semplonius fan De Lemmer en Evert van Benthem fan Sint-Jansklooster, de winner fan 'e Trettjinde Alvestêdetocht fan 1985. Sadwaande stimpelen se njoggenresom ôf yn Frjentsjer. Efter harren folge in twadde groep mei ferskate grutte nammen, ûnder wa de al earder neamde Theun Busser, de bekende hurdrider Hilbert van der Duim, Henri Ruitenberg fan Oldebroek, de nûmer 2 fan 1985, en Jos Niesten fan Heemskerk, dy't letter dy deis lykwols opjaan moast doe't by in falpartij syn skouder út it potsje rekke.

 
Wedstrydriders Hans Bouma, Jan Kooiman, Rein Jonker en Nanne Semplonius passearje ûnder de Fjirtjinde Alvestêdetocht Bartlehiem ûnderweis nei Dokkum.

De njoggen koprinners jagen troch de saneamde 'Hel fan it Noarden' tusken Frjentsjer en Dokkum. Op 'e Feinsumerfeart, noch foar Feinsum, besocht Van Benthem te ûntsnappen, mar foarby Bartlehiem waard er op 'e Dokkumer Ie byhelle troch de rest fan 'e kopgroep, wêrfan't tsjin dy tiid twa man ôffallen wiene. Flak foar de trochkomst yn Dokkum weage Jonker in ûntsnapping. De iennichste dy't folgje koe of woe, wie wer Evert van Benthem. Jonker kaam al rillegau te fallen, mar Van Benthem ried mei sin net bot troch, sadat er weromkomme koe. Mei syn twaen kamen se troch Dokkum en setten de weromwei nei Bartlehiem oer de Dokkumer Ie yn. Efter harren wie de rest fan 'e eardere kopgroep ûnderwilens fersplintere rekke: úteinlik bleau inkeld Kamperman oer, dy't by it duo Bakker en Semplonius wei ried.

In lyts eintsje foar Aldtsjerk ried Van Benthem, skynber sûnder folle muoite, by Jonker wei. Hy kaam sadwaande by Ljouwert as earste de Bonkefeart op en finishte mei in tiid fan 6 oeren, 55 minuten en 17 sekonden, likernôch acht minuten stadiger as in jier earder. Van Benthem skreau dêrmei foar de twadde kear in Alvestêdetocht op syn namme. In unikum wie dat net; Coen de Koning en Auke Adema hiene dat huzarestikje ek alris lapt. Rein Jonker kaam likernôch in minút nei Van Benthem binnen, wylst de ûnbekende Robert Kamperman noch wer in heale minút letter ferrassend trêde waard. By de froulju waard de wedstryd wûn troch Tineke Dijkshoorn-Olsthoorn út Schipluiden mei in tiid fan 7 oeren, 55 minuten en 30 sekonden. Yn totaal kamen 201 wedstrydriders neffens de regels fan 'e wedstryd binnen twa oeren nei de winner oer de einstreek. De 116 dielnimmers dy't dat net slagge, waarden diskwalifisearre.

 
Evert van Benthem, de winner fan 'e Fjirtjinde Alve-stêdetocht, by de finish op 'e Bonkefeart yn Ljouwert.
posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Evert van Benthem Sint-Jansklooster 6:55:17
2 Rein Jonker Wytgaard 6:56:24
3 Robert Kamperman Almeare 6:56:47
4 Nanne Semplonius De Lemmer 6:58:30
5 Albert Bakker Grins 6:58:34
6 Jan Kooiman Ammerstol 6:59:45
7 Hans Bouma Dronten 6:59:45
8 Hilbert van der Duim It Hearrenfean 7:04:23
9 Henri Ruitenberg Oldebroek 7:04:25
10 Andries Kasper Driel 7:04:25

boarne: database fan Schaatspeloton.nl

posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Tineke Dijkshoorn-Olsthoorn Schipluiden 7:55:30
2 Betty Westerveld-Van Rijn Eemnes 7:57:12
3 Lenie van der Hoorn-Langelaan Ter Aar 8:11:38

Oan 'e toertocht fan 'e Fjirtjinde Alvestêdetocht diene mar leafst 16.999 riders mei. Dat hie sawol te krijen mei alle omtinken dat de Trettjinde Alvestêdetocht fan in jier earder yn 'e media krigen hie, as mei de geunstige waarsomstannichheden. Fan harren rieden 14.788 (oftewol 87,0%) de tocht út. De bekendste toertochtrider wie kroanprins Willem-Alexander, dy't meidie ûnder de skûlnamme W.A. van Buren (fanwegen de aadlike titel greve fan Buren, dy't noch altyd yn it besit is fan it Keninklik Hûs). Pas doe't de tocht al oan 'e gong wie, waard syn dielname bekendmakke. De prins ried de tocht út en waard by de einstreek opwachte troch syn grutske âlden, keninginne Beatrix en prins Claus. Fierders diene der oan 'e toertocht 862 froulju en 115 bûtenlanners mei.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht