Alternative Alvestêdetocht

De Alternative Alvestêdetocht is in reedrydtocht fan 200 kilometer dy't alle jierren holden wurdt as alternatyf foar de Alvestêdetocht. De organisaasje fan de oarspronklike tocht is útelkoar gongen sadat der no twa tochten holden wurde, op de Kallavesi Mar by Kuopio yn Finlân en op de Weissensee yn Eastenryk.

Om't de Alvestêdetocht net alle jierren riden wurde kin wurdt der sûnt 1974 in alternative tocht holden yn in lân dêr't se al natueriis hawwe. It earste jier wie dat op it Mjøsa by Lillehammer, yn Noarwegen. Yn 1975 wie der dêr gjin goed iis, dat de grutte tocht gong net troch en de organisaasje socht nei in oar plak. Yn 1976 waard dat de Vesijärvi Mar by Lahti yn Finlân, dat in sukses waard.

Foar 1976 hie it KNSB him ôfsidich holden wat dy tocht oanbelange, lykas de measte sportbûnen dogge as der lju mei in nij idee oankomme. Doe't de tocht in sukses wie, woe it bûn ynienen ek part hawwe oan de organisaasje. It bûn en de organisaasje koenen beide de diplomatike oanpak net fine, wat it gefolch hie dat it noch jierren duorje soe eart de gearwurking yn oarder wie.

In probleem yn Lahti wie al dat der wetter op it iis kaam wie, dat der waard fierder socht. Fan 1977 oant en mei 1980 waard de tocht holden by Oulu yn Finlân, op it iis fan de Botnyske Golf. Yn 1981 waard dochs wer yn Lathi riden. Yn 1983 gong de alternative alvestêdetocht nei Newport, yn Fermont yn de Feriene Steaten fan Amearika, en in jier letter nei Ottawa yn Kanada.

Nei dizze alternative lokaasjes kaam der in ferskil yn ynsicht yn de organisaasje. Guon woenen werom nei Finlân, wylst oaren dêr perfoarst net mear hinne woenen. Krekt yn it jier dat der wer in echte Alvestêdetocht hâlden waard foel de organisaasje dy't it alternatyf fersoarge hie útelkoar. De iene helte organisearret sûnt 1985 de alternative alvestêdetocht yn Finlân, yn Kuopio of Oulu. De oare helte gong yn 1985 en 1986 nei de Mazuryske Marren yn Poalen. Nei't in tredde Poalske tocht yn 1987 mislearre, gong de organisaasje yn 1989 nei de Weissensee yn Eastenryk.

De Finske tocht waard al in skoftke ûnder auspysjes fan de KNSB organisearre, mar sûnt 2000 waard de tocht yn gearwurking mei de KNSB organisearre. Ein 2005 luts de Stifting Alternative Alvestêdetocht Finlân him tebek út de Finske organisaasje, nei't it Finske organisaasjekomitee mear gearwurking mei de KNSB socht hie.

Hjoeddeiske situaasje

bewurkje seksje

Der wurde op it stuit alle jierren twa Alternative Alvestêdetochten organisearre, troch twa organisaasjes, yn twa lannen. Mannich kranteman dy't it net mear folgje koe hat al skreaun oer De Weissensee yn Finlân, mar de organisaasjes liken net fan doel de nuvere situaasje te ferbetterjen.

Stifting Alternative Alvestêdetocht

bewurkje seksje

De tocht yn Finlân wurdt sûnt ein 2005 organisearre troch in Finsk organisaasjekomitee yn gearwurking mei de KNSB. Hy wurdt holden as in kombinearre toertocht en wedstriid. De tocht wurdt riden yn meardere omgongen, mei in totale langte fan 200 kilometer.

Der wurdt ek in tocht oer 100 kilometer organisearre. By de froulju is net altiten genôch oanmelding foar in wedstriid oer 200 kilometer, dat somtiden ride dy ek de 100 kilometer. De tocht wurdt holden oan de ein fan it wedstrydseizoen, yn de lêste wike fan febrewaris of de earste wike fan maart. Om de tocht hinne binne ferskate oare wedstriden en oare iissporten, dy't tegearre in wike fan wintersport foarmje.

Yn 2001 wie de tocht bysûnder. Fanwege min iis wienen de omgongen koarter as oars, 10 kilometer yn stee fan 25, wêrtroch de riders tichter opelkoar kamen. Om't de organisaasje dan net mear sjen koe wa yn hokfoar omgang ride, moasten de dielnimmers echt stimpelje, wat oars by de alternatyve alvestêdetocht net dien wurdt.

Stifting Wintermaraton

bewurkje seksje

De tocht yn Eastenryk wurdt organisearre troch de Stifting Wintermaraton. De datum is altiten yn de lêste wike fan jannewaris of de earste wike fan febrewaris. De tocht wurdt riden yn meardere omgongen, mei in totale langte fan 200 kilometer. Der wurde apart in wedstriid foar wedstriidriders, toertochten en in iepen wedstriid organisearre. Tegearre mei oare reedrydeveneminten foarmje dizze tochten in wike reedriden op de Weissensee.

In ûnfolsleine list fan útslaggen:

Mienskiplike organisaasje

bewurkje seksje
1980 Jan Roelof Kruithof Havelte
1979 Jan Roelof Kruithof Havelte
1978 Jan Roelof Kruithof Havelte
1977 Jan Roelof Kruithof Havelte
1976 Jan Roelof Kruithof Havelte
1974 Jan Roelof Kruithof Havelte
2005 Belinda Hirsh Grut-Brittanje 112,5
2004 Miranda van der Haring Seewâld 100
2003 Nauta Nynke Amsterdam 200
2002 Daniëlle Bekkering De Ham 100
2001 Petra de Boer Amsterdam 100
2000 Kathalijne Oudhoff Heiloo 200
1999 Kathalijne Oudhoff Heiloo 200
1998 Baukje Bron Aldeberkeap 200
2006 Tristan Loy Frankryk 120
2005 Yoeri Takken Amsterdam
2004 Casper Helling Wageningen
2003 Jan Maarten Heideman Aldebroek
2002 Bas van Hest Alfen
2001 Jan Maarten Heideman Aldebroek
2000 Ruud Borst Sint Nyk
1999 Bert Verduin Hiemtsjerkerdun
1998 Rob van Meggelen Amsterdam
1987 Jan Kooiman Ammerstol
2006 Elma de Vries De Haule
2005 Petra Grimbergen Nij Beets
2004 Petra Grimbergen Nij Beets
2003 Petra Grimbergen It Hearrenfean
2002 Petra Grimbergen It Hearrenfean
2001 Gretha Smit Warmenhuzen
2000 Gretha Smit Warmenhuzen
1999 Klasina Seinstra Sint Jansgea
1998 Gretha Smit Warmenhuzen
1997 Klasina Seinstra Sint Jansgea
1996 Klasina Seinstra Sint Jansgea
1995 Klasina Seinstra Sint Jansgea
1994 Dukke Zijlstra Baarlo
1993 Neeke Smit Skylge
1992 Jopie van Wegen Eemnes
1991 Neeke Smit Skylge
1990 Alida Pasveer Grins
1989 Alida Pasveer Grins
2006 Bertjan van der Veen De Jouwer
2005 Jeroen de Vries Sint Nyk
2004 Henk Angenent Woubrêge
2003 Ruud Borst Sint Nyk
2002 Miel Roozendaal Warmenhuzen
2001 Erik Hulzebosch Loazen
2000 Arjan Schreuder Den Ilp
1999 Peter Baars Nij-Fennep
1998 Peter de Vries It Hearrenfean
1997 Ruud Borst Sint Nyk
1996 Peter de Vries It Hearrenfean
1995 Lammert Huitema Roaden
1994 Erik Hulzebosch Gramsbergen
1993 Jan Kooiman Ammerstol
1992 Egbert Vossebelt Ermelo
1991 Hylke Boerstra Bremen
1990 Jan Oliemans Amsterdam
1989 Dries van Wijhe Easterwâlde

Keppelings om utens

bewurkje seksje
Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht