Njoggende Alvestêdetocht

De Njoggende Alvestêdetocht wie de njoggende offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 8 febrewaris 1947. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. De winner wie, nei de diskwalifikaasje fan 'e earste fjouwer riders dy't oer de einstreek kamen, Jan W. van der Hoorn út Ter Aar mei in tiid fan 10 oeren en 51 minuten. De Njoggende Alvestêdetocht stie bekend om it grutte tal ûngeregeldheden dat plakfûn, yn 'e foarm fan in protte dielnimmers dy't de regels oan har lears lapen. Fan gefolgen naam it bestjoer fan 'e Feriening de Fryske Alve Stêden neitiid maatregels om foar te kommen dat soks nochris barre soe.

Njoggende Alvestêdetocht
De rûte fan 'e 9e Alvestêdetocht (mei de klok mei)
De rûte fan 'e 9e Alvestêdetocht (mei de klok mei)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 8 febrewaris 1947
evenemint Alvestêdetocht
edysje 9
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Fer. De Fryske Alve Stêden
winner(s) Jan W. van der Hoorn
winnende tiid 10:51 oeren
tal dielnimmers 277 wedstrydriders
1.791 toerriders
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

Utskriuwing en omstannichheden

bewurkje seksje

Yn 'e skiednis fan 'e Alvestêdetocht is it wol gauris foarkommen dat in tocht út- of ôfsteld wurde moast. Mar yn 'e winter fan 1946 op 1947 gie it wol need. Oant fjouwer kear ta waard troch it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden foar in Alvestêdetocht in datum fêststeld, mar moast it evenemint útsteld wurde omreden fan it ynfallen fan teiwaar. Earst stelde men foar om 'e Njoggende Alvestêdetocht op 23 desimber 1946 te hâlden, mar noch foar't de tocht útskreaun wurde koe, waard dúdlik dat it doe net trochgean koe. Dêrnei waard de tocht trije kear útskreaun, op 28 desimber 1946, op 9 jannewaris 1947 en op 6 febrewaris 1947, mar eltse kear rûn it op 'e non. Uteinlik koe it op 8 febrewaris dan einlings heve. Tsjin dy tiid leaude de parse, dy't fûleindige krityk op it bestjoer hie, der eins net mear yn.

Yn 'e dagen nei de fêststelling fan 'e lêste datum, stie der in hurde wyn en wie der in protte stosnie. It wurk fan 'e frijwilligers dy't har ynsetten om 'e iisskotsen op 'e rûten glêd te skaven, eine sadwaande mar stadich. It bestjoer naam it idee yn omtinken om 'e tocht noch in kear út te stellen, mar besleat úteinlings dat dochs mar net te dwaan. De achtste febrewaris waard de kâldste dei fan 'e hiele winter. De reële temperatuer sakke oant –12 °C en troch de snijende wyn lei de gefoelstemperatuer noch in stik leger.

Mei omreden fan 'e barre waarsomstannichheden skreaune har foar de wedstryd mar 277 reedriders yn, in stik minder as de 970 by de Achtste Alvestêdetocht yn 1942. Nei de start yn Ljouwert bleaune de wedstrydriders diskear lang yn in grutte groep opriden. By de trochkomst yn Snits en Drylts hie him noch gjin liederskloft foarme. By Sleat fierden de bruorren Wierd Wynia en Jacob Wynia fan Iens in kopgroep oan dy't fierders bestie út Lo Geveke fan Ljouwert, Joop Bosman fan Breukelen, Jan van der Bij fan Julianadoarp, Klaas Schipper fan Stienwikerwâld, Anton Verhoeven fan Dussen en Jan Charisius fan Ljouwert. By trochkomst yn Starum hiene Durk van der Duim en Henk Schueler har by de oanfierders jûn, mar wiene Geveke, Van der Bij en Charisius út 'e kopgroep tebekfallen. Charisius waard letter troch guon oare wedstrydriders bewusteleas op it iis oantroffen, nei't er, nei men oannimme mei, fallen wie. Hy moast sadwaande opjaan.

In filmke fan 'e Njoggende Alvestêdetocht yn 1947.

Underweis fan Warkum nei Boalsert oer de Boalserterfeart kamen de riders by Parregea in útsûnderlik min stik iis tsjin. Koart dêrfoar hiene Joop Bosman en Klaas Schipper in foarspronkje op 'e rest fan 'e kopgroep opboud. By Parregea lieten de beide mannen har op in troch in hynder lutsen karre fan 'e ien nei de oare kant fan it doarp ride, om it minste iis te mijen. Schueler en Van der Duim wisten har by te heljen troch har op (folle fluggere) fytsen troch it doarp ride te litten. Ek in protte efteropkommende wedstrydriders waarden troch de Parregeasters om it minne iis hinne holpen. Bosman en Schipper wisten neitiid al rillegau wer út te rinnen op Schueler en Van der Duim.

By trochkomst yn Harns hiene de beide koprinners in foarsprong fan seis minuten opboud op 'e earstfolgjenden. Dat wiene Jeen Nauta fan Warten en Abe de Vries fan Gitern. Hein Vermeulen en Jan W. van der Hoorn, beiden út Ter Aar, folgen dêr wer twa minuten nei. Schueler wie weromfallen nei in efterstân fan trettjin minuten. Nei Harns sloech de rûte de Bouhoeke yn, dêr't it iis troch de oanhâldende wyn bestood wie mei moude. Om in stik fan 12 km te oerbrêgjen, wiene Bosman en Schipper in oere tiid kwyt. Mar om't de omstannichheden foar de efterfolgers krekt-en-gelyk wiene, beholden se har foarsprong en leine se by trochkomst yn Dokkum noch altyd foaroan.

Neitiid boaze it waar noch fierder oan, mei in snijende wyn dy't oanwoeks ta stoarmeftich en snie dy't mei bakken omleech kaam, sadat der in sniestoarm ûntstie. Tolve minuten nei it duo Bosman en Schipper kaam Nauta troch yn Dokkum, en fiif minuten dêr wer nei folgen Vermeulen en Jacob Wynia. De beide koprinners koene sadwaande mei in riante foarsprong op Ljouwert oan. Inkele hûnderten meters foar de einstreek kaam Schipper te fallen, sadat it foar Bosman in maklike sprint nei de oerwinning wie. Hy kaam binnen mei in tiid fan 10 oeren en 36 minuten. Schipper folge op ien minút, Nauta op tsien minuten, Jacob Wynia en Van der Hoorn op in kertier, Wierd Wynia op 24 minuten en Vermeulen op 28 minuten. Fan 'e 277 wedstrydriders kamen der mar 39 binnen twa oeren nei de winner oer finish; de oare 238 dielnimmers oan 'e wedstryd waarden sadwaande diskwalifisearre.

Diskwalifikaasjes

bewurkje seksje

It tradisjonele feest yn Stedsskouboarch De Harmony rûn dy jûns foar in protte wedstrydriders út op in rare ôfdijer. Yn 'e tuskentiid hie it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden nammentlik geroften heard oer de gong fan saken by Parregea. It bestjoer stelde dat eltsenien dy't him troch dat doarp yn in karre, efterop in fyts of op in oare wize net op eigen krêft oer it iis ferfiere litten hie, de regels brutsen hie. Der kaam sadwaande dy jûns gjin huldiging, mei't men earst de beskuldigings ûndersykje woe dy't op 't aljemint brocht wiene troch riders dy't har wól oer it minne iis hinne bodde hiene.

By dat ûndersyk kamen tsientallen gefallen boppe wetter fan wat it bestjoer omskreau as falskspyljen. Dat wie net beheind bleaun ta Parregea; guon hiene hiele stikken yn 'e auto ôflein of hiene in hiel stik efter net-dielnimmende foarriders oan riden om út 'e wyn te bliuwen. Dat lêste wie gjin behimmeljen oan, mar foar de sitewaasje by Parregea hellen de beskuldigden it minne iis oan. Dat wie foar it bestjoer lykwols gjin jildich ekskús, en diskwalifikaasjes folgen. Foar de top fan it klassemint hie dat dramatyske gefolgen: Bosman (1), Schipper (2), Nauta (3), beide bruorren Wynia (4 en 6) en Vermeulen (7) waarden út 'e útslach skrast. Doe't se dêrtsjin yn berop giene, waard der in ûnôfhinklike kommisje fan saakkundigen optúgd dy't in fearnsjier letter, nei nochris yngeand nei de kwestje sjoen te hawwen, ta de konklúzje kaam dat it bestjoer gelyk hie. De nûmer 5 út it oarspronklike klassemint, Jan W. van der Hoorn fan Ter Aar, waard doe ta winner útroppen om't alle riders boppe him diskwalifisearre wiene.

 
Joop Bosman wurdt ynhuldige as winner fan 'e Njoggende Alvestêdetocht nei't er as earste oer de einstreek kommen is. (Doe't letter syn falskspyljen útkaam, waard er lykwols diskwalifisearre.)
posysje dielnimmer wenplak tiid opmerking
1 Joop Bosman Breukelen 10:36 diskwalifisearre
2 Klaas Schipper Stienwikerwâld 10:37 diskwalifisearre
3 Jeen Nauta Warten 10:46 diskwalifisearre
4 Jacob Wynia Iens 10:51 diskwalifisearre
5 Jan W. van der Hoorn Ter Aar 10:51
6 Wierd Wynia Iens 11:00 diskwalifisearre
7 Hein Vermeulen Ter Aar 11:04 diskwalifisearre
8 Anton Verhoeven Dussen 11:05
9 Abe de Vries Gitern 11:06
10 Klaas Lefferstra Stobbegat 11:14
11 Durk van der Duim Aldeboarn 11:16

Ek foar de toertocht skreaune har yn 1947 folle minder dielnimmers yn, te witten 1.791 (tsjin 3.862 by de Achtste Alvestêdetocht yn 1942). Troch de barre waarsomstannichheden berikten mar 270 toerriders foar de limyt fan midsnacht de einstreek yn Ljouwert. Dyselden krigen lykwols net allegear it fel begearde Alvestêdekrúske, mei ek by de toertochtriders troch it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden ferskate gefallen fan falskspyljen fêststeld waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht