Sechsde Alvestêdetocht
De Sechsde Alvestêdetocht wie de sechsde offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 30 jannewaris 1940. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. Winners wiene Piet Keijzer, Auke Adema, Cor Jongert, Durk van der Duim en Sjouke Westra, dy't fiifresom oer de einstreek kamen mei in tiid fan 11 oeren en 30 minuten. De Sechsde Alvestêdetocht fûn hast persiis in fearnsjier foar de Dútske ynfal yn Nederlân plak. It wie de earste fan 'e iennichste rige fan trije edysjes fan 'e Alvestêdetocht ea dy't jier oan jier ferriden waarden.
Sechsde Alvestêdetocht | ||
De rûte fan 'e Sechsde Alvestêdetocht (mei de klok mei) | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Fryske alve stêden | |
datum | 30 jannewaris 1940 | |
evenemint | Alvestêdetocht | |
edysje | 6 | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | reedriderstocht | |
org. troch | Fer. De Fryske Alve Stêden | |
winner(s) | Piet Keijzer Auke Adema Cor Jongert Durk van der Duim Sjouke Westra | |
winnende tiid | 11:30 oeren | |
tal dielnimmers | 688 wedstrydriders 2.716 toerriders | |
offisjele webside | ||
www.elfstedentocht.nl |
Ynskriuwing
bewurkje seksjeNei fiif winters dat de iisfoarming yn 'e Fryske binnenwetters te min wie om in Alvestêdetocht te hâlden, begûn it yn 'e winter fan 1939 op 1940 al yn desimber goed te friezen. Healwei de moanne skreau de Feriening De Fryske Alve Stêden de Sechsde Alvestêdetocht út foar 21 desimber. It iis wie goed en it liek der ek net op dat it mei gauwens teie soe. Der foel lykwols sa'n soad snie, dat it iis dêrtroch ûnbegeanber waard en de tocht ferskate kearen útsteld wurde moast.
It bestjoer fan 'e feriening betocht in plan om wurkleazen dy't yn 'e wurkferskaffing sieten, yn te setten om it iis fan 'e rûte sniefrij te meitsjen, mar dêr fielde men yn De Haach neat foar. Doe't lang om let einlings, tanksij in donaasje troch keninginne Wilhelmina, de hiele rûte fan snie ûntdien wie, waard it ynienen teiwaar.
Nei âld en nij begûn it lykwols al rillegau wer te friezen, dat de organisaasje waard fannijs op priemmen set. It bestjoer skreau de Alvestêdetocht út foar 15 jannewaris 1940, mar wèr waard de boel bedoarn troch hommels ynfallend teiwaar. Nei in nije perioade fan froast koe de Sechsde Alvestêdetocht op 30 jannewaris úteinlik trochgean.
Wedstryd
bewurkje seksjeDer skreaune har foar de Sechsde Alvestêdetocht in rekôroantal fan 688 wedstrydriders yn. De start wie op 'e grêft by Stedsskouboarch De Harmony yn Ljouwert. In oere letter kaam Sikke Dijkstra fan Koarnjum as earste troch yn Snits. Efter him lei Cor Jongert út Maarssen en dêr wer efter Jan van der Bij út Anna Paulowna. Yn Drylts lei Dijkstra noch altyd oan kop, mar by de trochkomst yn Sleat hie him in nije kopgroep foarme, besteande út Durk van der Duim fan Wergea, Fokke van der Heide fan Ljouwert, Auke Adema fan Frjentsjer en Piet Keijzer fan De Lier.
Op it stik oer de Fryske marren en troch Gaasterlân nei Starum naam Lo Geveke út Ljouwert de lieding oer, mei Van der Duim flak efter him. Dy beiden holden de lieding oant nei Warkum, doe't de rûte fia de Boalserterfeart gie. Dêr wie it ter hichte fan Parregea in grimelgrammel fan oerinoar hinne skode en op dy wize fêstferzen iisskotsen, dêr't net te reedriden foel en min ofte mear klune wurde moast. De efterfolgers koene dêrtroch ynrinne. Oan 'e ein fan dat dreech begeanbere stik foarme him in nije kopgroep. Doe't dy om 10.00 oere moarns troch Boalsert kaam, bestied er út Keijzer, Adema, Van der Duim, Jongert en Sjouke Westra fan Warmenhuzen.
Yn Harns bedroech de foarsprong fan dy fiifmans kopgroep tsien minuten op in groepke efterfolgers, dat bestie út Van der Bij, Dijkstra, Geveke en Abe de Vries fan Gitern. By trochkomst yn Frjentsjer wie de foarsprong oprûn oant in kertier. Oer de Dokkumer Ie werom fan Dokkum nei de finish yn Ljouwert stelde Jongert oan 'e oare leden fan 'e kopgroep foar om mei syn fiven tagelyk oer de einstreek te gean. Allinne Westra fielde dêr net foar, wêrnei't de oare fjouwer mannen op him ynpraten oant er omlyk woe. De ôfspraak fan 'e fiif mannen kaam bekend te stean as it Pakt fan Dokkum.
Keijzer, Adema, Van der Duim, Jongert en Westra rieden fiifresom de Ljouwerter grêften op, mar in pear hûndert meter foar de finish pykte Adema ynienen út en sette in sprint yn. Keijzer sette de efterfolging yn, wylst in kliber útsinnige fans fan it reedriden it iis op draafde om 'e mannen oan te fiterjen. Neitiid wie de betizing grut. Adema waard as winner oanwiisd, wylst Keijzer it earst oer de einstreek kommen wie. Jongert hold út dat syn stimpelkaart as earste ôfstimpele wie, wat de echte ein fan 'e Alvestêdetocht wie. Nei oerenlang yn beried west te hawwen oer dizze tizeboel, besleat it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden om 'e koal en de geit te sparjen troch alle fiif mannen ta winner út te roppen. Hja hiene de tocht ôflein yn in tiid fan 11 oeren en 30 minuten.
Op in efterstân fan 28 minuten kaam de efterfolgjende groep fan Van der Bij, Dijkstra, Geveke en De Vries binnen, dy't wól mei-inoar tagelyk oer de einstreek rieden en in dield sechsde plak taparte krigen. Yn totaal wisten mar 125 fan 'e 688 wedstrydriders (18,2%) de Sechsde Alvestêdetocht út te riden as gefolch fan ynfallend min waar (sjoch by Toertocht).
Utslach
bewurkje seksjeposysje | dielnimmer | wenplak | tiid |
---|---|---|---|
1 | Piet Keijzer | De Lier | 11:30 |
1 | Auke Adema | Frjentsjer | 11:30 |
1 | Cor Jongert | Maarssen | 11:30 |
1 | Durk van der Duim | Wergea | 11:30 |
1 | Sjouke Westra | Warmenhuzen | 11:30 |
6 | Jan van der Bij | Anna Paulowna | 11:58 |
6 | Sikke Dijkstra | Koarnjum | 11:58 |
6 | Lo Geveke | Ljouwert | 11:58 |
6 | Abe de Vries | Gitern | 11:58 |
10 | Reinder Algra | Frjentsjer | 12:10 |
Toertocht
bewurkje seksjeFoar de Sechsde Alvestêdetocht skreaune har yn 1940 3.404 toertochtriders yn. It bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden besleat mei it each op dat grutte oantal in aparte start foar de toertocht te hâlden, los fan 'e wedstryd. De toerstart fûn plak op 'e grêft by de Beurs yn 'e binnenstêd fan Ljouwert. Dêr giene, persiis in healoere nei't de wedstrydriders by De Harmony wei ôfset wiene, 2.716 toertochtriders fan start.
Op 'e middei fan 30 jannewaris begûn it sa hurd te snijen dat de rûte al rillegau amper noch begeanber wie. Fryslân feroare yn in wite woastenije. Dat waard noch minder makke troch in snijende wyn dy't de gefoelstemperatuer (hoewol net de reële temperatuer) kelderje liet. It bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden hierde autobussen yn om 'e ferklomme riders by de rûte lâns fan it iis te plôkjen. Sadwaande hellen fan 'e 2.716 dielnimmers oan 'e toertocht dy't fan start giene wiene, mar 27 de einstreek. Under dy lêsten wie ek de iennichste frou dy't de Sechsde Alvestêdetocht útried, Sjoerdtsje Faber fan Wergea, dy't ûnderweis hûnderten wedstrydriders foarby ried.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Alvestêdetocht | |
---|---|
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht |