Jan W. van der Hoorn
Johannes Wilhelmus (Jan) van der Hoorn (Ter Aar, 1923 – dêre, 5 april 2017) wie in Alvestêderider út Ter Aar dy't yn 1947 de offisjele winner waard fan de tocht. Oan de wedstriid dienen 277 dielnimmers mei dêr't 39 fan it folbrochten.
Jan van der Hoorn ried op 8 febrewaris 1947 mei yn de Alvestêdetocht. It wie syn syn earste Alvestêdetocht, dêrom fûn er it al moai at er de tocht útride koe. Hy ried mei de foarsten mei mar tocht noait dat er sels ek wolris winne koe. It iis wie net bêst en der stie boppedat in straffe wyn. Van der Hoorn kaam as fiifde oan, nei in tocht fan 10 oere en 36 minuten. Der kamen lykwols in soad klachten binnen oer riders dy't yn oertreding west hawwe soenen. It gie dan faak oer "oplizzen": frisse riders hâlden dan de wedstrydriders út ’e wyn. Guon riders wienen sels yn in auto meiriden. Op ’t lêst waard Van der Hoorn ta winner útroppen.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Jan J. van der Hoorn, neef en diskwalifisearre as winner fan 'e Alvestêdetocht 1956.