Lenie van der Hoorn
Lenie van der Hoorn (berne as Lenie Langelaan, Pijnacker, 30 maart 1948) is in Nederlânske maratonrydster. Se wie de earste winner fan it frouljusklassemint fan de Alvestêdetocht (1985). Yn har wurk kweekte se hortinsia's.
Se hat in soad súksessen op har namme stean:
- Alvestêdetocht 1985 (7 oere 33 minuten)
- Westlânmaraton 1979, 1981
- Oldambtrit 1976
- Feluwemartocht 1980, 1987
- Rottemarrentocht 1979, 1982, 1991
- Ankefean 3-deiske 1979
- Wrâldoererekord 31.212.59
Lenie ried op har seisenfyftichste (2006) noch hieltiten mei mei de baankompetysje maratonriden yn Haarlim, wie noch lid fan Iisclub Haarlim en ried mei yn it Fiifbanetoernoai, in syklus wedstriden oer fiif iisbanen: Haarlim, Alkmar, Amsterdam, Utert en De Haach.